It Lekkanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert. It kanaal is krapoan fjouwer kilometer lang en ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal mei de rivier de Lek. It kanaal leit eastlik fan it Merwedekanaal en it plak Nieuwegein. In goed kilometer noardlik fan de oansluting mei de Lek lizze de slûzen fan de Prinses Beatrixsluizen. Dat slûzekompleks en it kanaal waarden op 4 augustus 1938 iepene.

Der lizze trije brêgen oer it kanaal hinne; ien eastlik fan de wyk Plettenburg en twa eastlik fan Vreeswijk.

Keppeling om utens Ynformaasje oer it Lekkanaal op Rykswettersteat

Kategory:Kanaal yn Utert Kategory:Bouwurk út 1938