De Earste Oarder (Ingelsk: First Order) is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). De Earste Oarder klofte nei de oerwinning fan it Rebelleferbûn yn 'e Galaktyske Boargeroarloch gear út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk. It is in faksistyske diktatuer dy't ek as in separatistysk diel fan 'e Nije Republyk beskôge wurde kin, en dy't as doel hat om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen en syn hearskippij oer it hiele Stjerrestelsel te fêstigjen. De Star Wars-ferfolchtrilogy beskriuwt de opkomst en ûndergong fan 'e Earste Oarder. Dêrby docht geandewei bliken dat de boasaardige keizer Palpatine, dy't út 'e dea opstien is, it brein efter de hiele organisaasje is.
Tiidrekkening Yn 'e skiednis fan Star Wars wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op 'e oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Yavin, sa't dy werjûn waard yn 'e earste Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).
Fiktive astronomy De Earste Oarder sjocht himsels as de rjochtmjittige opfolger fan it Galaktysk Keizerryk en makket dêrom oanspraak op it hiele Stjerrestelsel. Dat hat in diameter fan 120.000 ljochtjier. De lokaasje fan dat stjerrestelsel yn it hielal wurdt dizenich holden en inkeld oantsjut mei de wurden: "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". It rûntsjedraaiende Stjerrestelsel omfiemet likernôch 400 miljard stjerren ferdield oer fjouwer nei bûten ta útstekkende 'earms', mei in reuseftich swart gat yn 'e midden. Der binne mear as 3,2 miljard bewenne planetestelsels, mei ûntelbere yntelliginte libbensfoarmen en in befolking dy't perfoarst yn 'e tsientallen biljoenen rint as it net noch mear binne.
Bestjoer De Earste Oarder is in diktatuer, dy't basearre is op it autokratyske en absolute regear fan 'e opperste lieder. Dat is Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, en nei dy syn dea Sith-ridder Kylo Ren. Letter docht bliken dat de Earste Oarder altyd al temûk behearske waard troch de út 'e dea opstiene keizer Palpatine, en dat Snoke gjin wiere eigen identiteit hie. It wichtichste middel wêrmei't de Earste Oarder it Stjerrestelsel syn wil oplizze wol, wurdt foarme troch Striidkrêften fan 'e Earste Oarder, yn 't bysûnder de stoarmtroepers, dy't de elitesoldaten binne. Kylo Ren jout dêrnjonken lieding om in lyts groepke Sith-dissipels, dy't de Ridders fan Ren neamd wurde.
Taal De offisjele taal fan 'e Earste Oarder is Basaalsk (Ingelsk: Basic), in fan oarsprong minsklike taal, dy't yn it hiele Stjerrestelsel as lingua franca brûkt wurdt. It Basaalsk wurdt skreaun yn it aurebesh-alfabet.
Fiktive skiednis Untstean Neffens it companionboek Star Wars: The Force Awakens: The Visual Dictionary (2015) en de romantrilogy Star Wars: Aftermath (2015-2017), fan Chuck Wendig, stiene nei de dea fan 'e boasaardige keizer Palpatine en de nederlaach fan it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Endor tûzenen planeten op tsjin 'e oerhearsking fan dy diktatuer en joegen har by it Rebelleferbûn. Mei feriene krêften waard doe it Keizerryk ûnder fuotten helle, wêrfan't de disorganisearre restanten ferwaarden ta de persoanlike rykjes fan kriichshearen. It Rebelleferbûn foarme himsels om ta de Nije Republyk en ferovere de Kearnwrâlden mei de planeet Coruscant, dy't al fan âlds de sit fan it regear fan it Stjerrestelsel west hie.
In jier nei de Slach by Endor prebearren de Keizerlike Striidkrêften it tij te kearen mei in ûnbidich tsjinoffinsyf dat ûnderdiel útmakke fan Operaasje Sintel. Dat wie in plan fan Palpatine foar it gefal dat er sels omkomme soe, bedoeld om sawol de rebellen út te rûgjen as de organisaasje fan it Keizerryk te ferneatigjen by wize fan straf foar it net foarkommen fan syn dea. Yn 'e Slach by Jakku wisten it Rebelleferbûn en de Nije Republyk lykwols de selsferdylging fan it Keizerryk foar te kommen en teffens de Keizerlike Striidkrêften beslissend te ferslaan.
Neitiid loeken de oerbleaune restanten fan it Galaktysk Keizerryk har werom yn in hantsjefol sektors yn of deunby de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Mei't dy sektors yn hege mjitte fortifisearre waarden as in lêste bolwurk, ornearren de autoriteiten fan 'e Nije Republyk dat de kosten yn ferlerne libbens fan it ynnimmen dêrfan net yn ferhâlding stiene ta de foardielen dy't sa'n ynname opleverje soe. Sadwaande besleat men se gewurde te litten. Ynstee twong de Nije Republyk syn fijannen de saneamde Galaktyske Oerienstimming op, in wapenstilstân mei fernederjende betingsten, wêrûnder ûntwapening en it dwaan fan reparaasjebetellings. Meitiid herfoarme de Keizerlike Rompsteat himsels as in isolasjonistyske klúznerssteat, dy't in kâlde oarloch tsjin 'e Nije Republyk fierde. Neffens de roman Star Wars: A New Dawn (2014), fan John Jackson Miller, barde dat ûnder lieding fan grutadmiraal Rae Sloane en kommandant Brendol Hux. Tagelyk waard in op ekspânsje rjochte belied fierd foar de Unbekende Regioanen oer, in ûnferkend diel fan it Stjerrestelsel, dêr't troch de Keizerlike Rompsteat nije planeten ferovere waarden om oan natuerlike helpboarnen en gruttere mankrêft te kommen.
Yn 21 n.Sl.Y. waard neffens de roman Star Wars: Bloodline (2016), fan Claudia Gray, de Keizerlike Rompsteat reorganisearre as de Earste Oarder, mei opperste lieder Snoke oan it haad. Dyselde liek in Sith-master fan ûnbidige sterkte yn de Krêft te wêzen, mar eins hied er gjin eigen identiteit en wied er makke troch keizer Palpatine, dy't al in jier nei de Slach by Endor út 'e dea opstien wie op 'e ferburgen Sith-wrâld Exegol. Dêrwei brûkte er Snoke as marionet om 'e Earste Oarder dwaan te litten wat hy woe.
Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy Yn The Force Awakens De Earste Oarder wurdt yn 'e Skywalker Saga yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It steatsferbân wurdt delset as ymplisyt militaristysk en faksistysk, mei oan it haad opperste lieder Snoke, in skimich figuer dat tige sterk is yn 'e tsjustere kant fan de Krêft. Under him stiet in soarte fan 'triumviraat', besteande út 'e fanatike generaal Armitage Hux, dy't de lieding hat oer de striidkrêften fan 'e Earste Oarder; de Sith-ridder Kylo Ren, dy't tagelyk de learling fan Snoke en dy syn rjochterhân is, mar ek lieding jout oan in seistal mindere Sith-learlingen dy't de Ridders fan Ren neamd wurde; en de ûnmeilydsume kaptein Phasma, dy't de direkte lieding hat oer de stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder.
Yn The Force Awakens wurdt it Ferset, in paramilitêre ôfspjalting fan 'e striidkrêften fan 'e Nije Republyk, oanfierd troch helden fan it âlde Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch, foarsteld as de iennichste echte bedriging foar de Earste Oarder, mei't de autoriteiten fan 'e Nije Republyk noch altyd net de earnst fan 'e sitewaasje ynsjogge. It Ferset besiket de lokaasje te ûntdekken dêr't Luke Skywalker, de lêste Jedi, yn selsopleine ballingskip gien is, om't syn stipe fan krúsjaal belang is foar harren súkses. De Earste Oarder besiket dêrom en ûntdek dy lokaasje it earst, sadat Skywalker om hals brocht wurde kin foar't er it Ferset te help komme kin.
Underwilens hat de Earste Oarder de Stjerredeaderbasis oanlein: in Deadsstjer-eftich massaferneatigingswapen, dat diskear net de foarm hat fan in reuseftich bolfoarmich romtestasjon, mar dat yn it binnenste fan in útholle planeet boud is. Dêrtroch is it safolle kearen grutter en dus ek safolle kearen krêftiger as de Deadsstjerren fan it Galaktysk Keizerryk. Ynstee fan inkeld in planeet te ferneatigjen, kin de Stjerredeaderbasis in hiel planetestelsel ferdylgje. It wapen wurdt mei skriklike gefolgen ynset tsjin Hosnian-Primus, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit is fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat. Behalven de útfierende en wetjaande machten wurdt dêrby ek de romtefloat fan 'e Nije Republyk foar it meastepart ferneatige. Neitiid stiet inkeld it Ferset noch tusken de Earste Oarder en syn oerhearsking fan it Stjerreselsel yn. Snoke jout opdracht om 'e Stjerredeaderbasis ek yn te setten tsjin D'Qar, dêr't de haadkertier fan it Ferset fêstige is, mar ear't dat barre kin, witte de fersetslju by in militêre operaasje de Stjerredeaderbasis te ferneatigjen.
Yn The Last Jedi Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) besiket in float fan 'e Earste Oarder ûnder generaal Hux en Kylo Ren jitris om D'Qar te ferdylgjen, dêr't it Ferset op dat stuit syn basis oan it ûntromjen is. Troch tadwaan fan 'e X-wjukjagers en bommesmiters fan it Ferset ûnder lieding fan Poe Dameron, dy't it stjerreslachskip de Fulminatrix ferneatigje, lijt de Earste Oarder in gefoelige nederlaach. Der is lykwols in apparaat ûntwikkele dat de Earste Oarder by steat steld om 'e flechtsjende fersetsfloat troch de hyperromte te folgjen. Dat as de float fan it Ferset op in hiel oar plak wer de reële romte binnenkomt, ferskynt dêr in heale minút letter ek de float fan 'e Earste Oarder, dy't de oanfal wer ynset. Dêrby wurdt de brêge fan it flaggeskip fan it Ferset rekke, mei as gefolch dat de hiele lieding fan it Ferset it fakuum fan 'e romte yn sûgd wurdt en omkomt, mei útsûndering fan generaal Leia Organa, dy't harsels troch manipulaasje fan de Krêft wit te rêden.
It hat foar it Ferset gjin sin om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't de romteskippen noch mar brânstof hawwe foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder harren gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei in legere faasje as dy fan it ljocht, in sitewaasje dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is. Underwilens jout it reuseftige skip fan opperste lieder Snoke him by de float fan 'e Earste Oarder. Inkele leden fan it Ferset, te witten: de desertearre stoarmtroeper Finn en de monteur Rose Tico, besykje it apparaat wêrmei't de Earste Oarder skippen troch de hyperromte folgje kin, te sabotearjen, mar harren misje mislearret.
De jonge Jedi Rey, de nije learling fan Luke Skywalker, lit har troch de fijân finzen nimme om't se leaut dat Kylo, dy't foarhinne Ben Solo wie, de soan fan Han Solo en Leia Organa, rêden wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft. Kylo bringt har foar Snoke, mar as dy him befellet om har te fermoardzjen, fermoardet er ynstee Snoke. Rey mient dat se Kylo rêden hat, mar ynstee nimt er inkeld it plak fan Snoke yn as de nije opperste lieder. As it Ferset útrûge driget te wurden, raamt fise-admiraal Amilyn Holdo mei de kruser Raddus, it flaggeskip fan 'e fersetsfloat, mei de faasje fan it ljocht de float fan 'e Earste Oarder, wêrby't in protte stjerreslachskippen nei gychem reitsje en it reuseftige skip fan Snoke yn twaen brekt. Yn 'e gaos ûntkomme Rey, Finn en Rose en komt kaptein Phasma om. Generaal Hux jout him mei tsjinnichheid del ûnder it liederskip fan Kylo Ren. In nij besykjen om foargoed mei it Ferset ôf te weven rint op 'e non as Kylo him by de oanfal op 'e fersetsbasis op 'e planeet Crait ôfliede lit troch Luke Skywalker, mei as gefolch dat de fersetslju ûntkomme.
Yn The Rise of Skywalker