Bierbrouwerij Noarder Dragten wie in bierbrouwerij yn Drachten en waard oprjochte yn 2015 troch Johan de Jong. De brouwerij wie oansletten by CRAFT.

Skiednis Sûnt 2012 waarden al bieren broud troch yn groep freonen, mar de brouwerij waard offisjeel yn 2015 mei útein set. Yn 2020 ferhuze Bierbrouwerij Noarder Dragten nei de hjoeddeistige lokaasje oan de Oosterstraat yn Drachten.

Bierbrouwerij Noarder Dragten hat yn 2021 dielnaam oan de ynternasjonale London Beer Competition. De bieren Bonobo, Quadraap en King Kong waarden elk beleanne mei in Silver Award.

Hjoed De brouwerij siet yn ien pân mei in brasserij en in proeflokaal yn Onder de Brouwer. Dêr koene bieren preaun wurde, mar men koe der ek telâne foar in lunch, buorrel of diner. Dêrneist is der de bier- en whiskyspesjaalsaak ‘Apen & Bieren’, mei sa’n 500 ferskillende bieren en 250 whisky's yn it assortimint.

Sûnt ein 2023 waard de brouwerij sletten.

Assortimint Resusaap - proefbier: Milkstout en Westcoast IPA Bockito - Bockbier Gibbon - Blond Aapiejee - IPA Quadraap - Quadrupel Bonobo - Black IPA King Kong - Tripel 2 Apen - Dubbel Wytzen Aap - Weizen Witte Aap - Witbier Thor Tripel - foar it 100-jierrich jubileum fan S.V. Thor út Lippenhuzen Bieren yn opdracht

Sondrio Weizen - Weizen (foar Pizzzeria Sondrio yn Drachten De Frisse Wind - Witbier (foar Rufus aan het Water yn De Broek) Thuishaven - Blond (foar Rufus aan het Water yn De Broek) 'n Koppige Piet - Tripel (foar LIONS Wolvega e.o.) Wâldseiner Bier - Blond (foar lokale ûndernimmers yn Wâldsein) Bierr - blûn bier mei de jirpel Wâldgieltsje (foar jirpelgruthannel Greydanus fan it Hearrenfean) Frieslander - pils mei de jirpel Frieslander (foar jirpelgruthannel Greydanus fan it Hearrenfean) Nicola - pils mei de jirpel Nicola (foar jirpelgruthannel Greydanus fan it Hearrenfean)

Keppeling om utens Webstek fan Bierbrouwerij Noarder Dragten

Noarder Dragten Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2015 Kategory:Bedriuw opheft yn 2023 Kategory:Bedriuw yn Drachten