Gregory James LeMond (Lakewood Kalifornje, 26 juny 1961) is in earder Amerikaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Frankryk. Derneist waard ek twa kear wrâldkampioen op 'e dyk.
Karriêre LeMond begûn syn profesjonele karriêre as hurdfytser yn 1981 nei fjouwer jier as amateur by de nasjonale ploech fan Amearika fytst te hawwen. Yn 1983 waard er de earste Amerikaanske hurdfytser dy't it Wrâldkampioenskip hurdfytsen wûn. LeMond wûn de Omgong fan Frankryk yn 1986; hy is de earste net-Jeropeeske hurdfytser dy't de Tour wûn hat. Yn 1987 rekke er slim ferwûne by in jachtûngelok. Nei dat ûngelok ûndergie er twa operaasjes en miste er de folgjende twa Omgongen fan Frankryk. Yn de Omgong fan Frankryk fan 1989 wie er wer werom en slagge it him de lêste etappe fan de omgong te winnen en dermei de einoerwinning fan de Omgong fan Frankryk dat jier. It jier dêrnei ferdigene hy mei sukses syn Omgong-titel. Lemond hold yn 1994 op mei hurdfytsen en rjochte dêrnei in fytsfabryk op, LeMond Racing Cycles, in fabryk foar fitnessapparatuer. LeMond Fitness Inc. Ek hat er noch in restaurant mei de namme Tour de France.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1984 - 3e; 1985 - 2e; winner 21ste etappe 1986 - 15px 1e; winner 13e etappe 1989 - 15px 1e; winner 5e, 19e en de 21ste etappe 1990 - 15px 1e; 1991 - 7e; 1992 - Net finisht; 1994 - Net finisht;
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1983 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1985 - 3e; 1986 - 4e; winner 5e etappe 1988 - Net finisht; 1989 - 39e; 1990 - 105e; 1991 - Net finisht; 1993 - Net finisht ;
Ploegen 1976–1980 - Nasjonale ploeg fan 'e Feriene Steaten 1981-1984 - Renault 1985-1986 - La Vie claire 1987 - Toshiba 1988 - PDM 1989 - ADR-W-Cup 1990-1992 - Z 1993-1994 - Gan-Lemond
Kategory:Amerikaansk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1961