De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro d'Italia, ek wol ôfkoarten oant Giro) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, wurdt yn de maitiid yn etappen troch gâns Itaalje fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is meastal yn Milaan.
Skiednis thumb|200px|left|Omgong fan Itaalje yn 1935 Op 7 augustus 1908 waard yn de Italjaanske sportkrante Gazzetta dello Sport de earste Omgong fan Itaalje oankundige. Yn neifolging fan in autorace troch hiel Itaalje, dy't organisearre waard troch konkurrint Corriere della Sera, presintearre de krante yn sân grutte kolommen de Italjaanske tsjinhinger fan de Omgong fan Frankryk. De earste etappe fan de Giro sette útein op 13 maaie 1909 fan it Loretoplein yn Milaan en einige yn Bologna. Yn dy earste edysje waard 2448 kilometer oerbrêge, dy 't ferdield wiene oer acht etappes. De Italjaan Luigi Ganna waard mei 25 punten de winner fan it evenemint.
De Giro fan 1912 waard ferriden yn ploechferbân (1912) - Dit wol sizze dat de einwinner gjin hurdfytser wie mar in hiele ploech, wat lykjend op it ploegeklassemint fan hjoed de dei., mar in jier letter kearde de organisaasje al wer werom nei it orizjinele konsept. thumb|160px|right|Alfonsina Strada de earste en iennichste frou ea By de Omgong fan Itaalje 1924 soe de earste en iennichste frou ea dielnimme. Alfonsina Strada die mei oan de race as "Alfonsin Strada" om har geslacht te ferbergjen. Se ried earder tsjin manlju yn de Omgong fan Lombardije yn 1917 en 1918. Se waard yndertiid algemien beskôge as de bêste froulike hurdfytser fan Itaalje. Har identiteit waard ûntdutsen en iepenbier makke troch La Gazzetta dello Sport op 14 maaie doe't se it artikel "Alfonsina e la bici" publisearren. Strada foltôge de earste sân etappes, mar einige bûten de tiidslimyt op de achtste etappe dêr't se foel en kaam fyftjin oeren nei de start yn Perugia oan. De organisatoaren fregen har lykwols om troch te riden nei de finish fan de omgong fanwege de tanommen belangstelling foar de omgong fanwegen har dielname oan in manljus-evenemint. 64 jier nei dielname fan Alfonsina Strada oan de omgong, kaam der yn 1988 de Omgong fan Itaalje foar froulju.
Yn de earste jierren wie it parkoers fan de Omgong fan Itaalje faak in stik minder swier as dat fan har Frânske tsjinhinger, de Tour. Pas yn de jierren 30 en 40 wurdt it parkoers fan de Giro seleksjever, as der berchetappes troch de Alpen en de Dolomiten opnommen wurde yn it rûteskema. Yn 1931 wurdt ek de earste rôze trui, yn it Italiaansk maglia rosa neamd, útrikt, de trui is rôze om't de Giro troch in op rôze papier printe krante organisearre wurdt. Learco Guerra is dan de earste rozetruidrager. Twa jier letter wurdt it berchklassemint ynfierd en fan 1966 ôf is der ek in punteklassemint.
De Giro waard yn 1946 ferfette. De organisatoaren foegen de swarte trui ta foar de lêste hurdfytser yn it algemien klassemint. De tolfde etappe soe troch Pieris gean op wei nei Triëst; yn Pieris] en Triëst wiene der ûngeregeldheden om 't sawol Joegoslavië as Italië de stêd Triëst as diel fan harren grûngebiet opeasken. De etappe waard healwei ôfblaasd en de hurdfytsers waarden ûnder begelieding yn feilichheid brocht. thumb|180px|left|Hugo Koblet de earste net Italjaanske winner De Giro is it faakst wûn troch in Italjaan. Oant 1950 ta wûn sels noch gjin inkelde bûtenlanner de Giro. De Switser Hugo Koblet wie de earste net-Italjaan dy 't deryn slagge om de omgong te winnen. Mar yn 'e jierren dêrnei wiene it hieltyd wer Italjanen dy 't wûnen. Pas fan 1968 ôf wûn hieltyd faker in bûtenlanner it einklassemint.
Ynearsten starte en einige de Omgong fan Itaalje alle jierren yn Milaan, de stêd dêr 't de organisearjende sportkrante La Gazzetta dello Sport syn haadkantoar hat. Nettsjinsteande in pear útsûnderingen wie Milaan oant foar 1960 it fêste start - en finishplak, sûnt dat jier ferskilt it plak fan fertrek yn it jier, De Omgong fan Itaalje 1965 wie de earste omgong dy't net yn Itaalje fan start gie mar yn San Marino. Ek as oankomstplak waard Milaan yn de jierren dêrnei geregeld ôflost: sa lei de einstreek yn 1975 sels ienkear op de Stelviopas. Yn de perioade fan 1981 oant en mei 1989 lei de finish fan de Giro sels gjin inkelde kear yn Milaan. Yn 1990 waard de tradysje lykwols wersteld en de jierren dêrnei soe de oankomst wer yn Milaan lizze. Yn de edysje fan 2009 waard opnij mei de tradysje brutsen: de Omgong sleat yn dat jier ôf mei in yndividuele tiidrit yn Rome. Dêrnei wiksele de omgong wer geregeld fan finishplak. thumb|200px|right|Maarten Tjallingii ridend foar Lotto-Jumbo yn de Omgong fan Itaalje 2015 Lykas de Omgong fan Frankryk syn dopingskandalen ken, is ek de Omgong fan Itaalje dat net besparre bleaun. Sa moasten Eddy Merckx en Marco Pantani fanwegen dopinggebrûk de omgong ferlitte wylst se yn de rôze trui fytsten.
De earste etappe fan de Omgong fan Itaalje 1986 waard ûntsierd troch in grutte falpartij op sa'n 10 km fan de finish, wêrby't Emilio Ravasio swiere ferwûningen oprûn mar wol wist troch te fytsen oant de einstreek. Koart nei de etappe rekke er yn koma, twa wiken letter ferstoar Ravasio oan syn ferwûnings.
Yn 2009] stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Itaalje. Maarten Tjallingii fan Ljouwert einige dat jier as 100ste.
Yn 2011 yn de tredde etappe by it ôfsakjen fan de Passo del Bocco kaam de belgyske hurdfytser Wouter Weylandt mâl te fallen en ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. De fjirde etappe waard der net kompetytyf fytst. Yn stee dêrfan waard de etappe foarôfgien troch in minút stilte, en rieden alle 23 teams, ôfwikseljend elk ûngefear 15 minuten foaroan yn it peloton en leden fan de groep fan Weylandt finishten tegearre as earste mei de earms om inoar hinne slein.
De fiifde etappe, mar in dei nei de neutralisearre etappe fanwegen it ferstjerren fan Wouter Weylandt, wûn Pieter Weening fan De Harkema as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Itaalje. De etappe hie in oankomst berchop en ferskate ûnferhurde stikken. Nei de etappe oerwinning krige er de Rôze trui, hy wist dizze trui mar leafst fjouwer etappes te behâlden.
Yn 2014 wûn Pieter Weening foar de twadde kear, yn de njoggende etappe fan Lugo nei Sestola bleau Weening de Italjaan Davide Malacarne foar.
De omgong fan 2020 waard útsteld oant 3 oktober, as gefolch fan de koroanapandemy. De iennige kear yn de skiednis dat de Giro net ferriden waard yn maaie of juny. History of the Giro d'Italia
Omgong fan Itaalje foar froulju De Omgong fan Itaalje foar froulju yn it Italjaansk Giro d'Italia Internazionale Femminile of koartwei Giro Donne is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Itaalje. De wedstriid stiet sûnt 1988 op de kalinder en ken per edysje in bot wikseljend tal etappes. Yn de jierren 90 duorre de rûne faak tolve dagen, yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw bestie de koers meastal út tsien etappes. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte omgong oankundige dy 't yn july ferriden waard. Fan 2014 ôf duorret de Giro foar froulju wer tsien dagen.
Omgong fan Itaalje yn sifers Jier Startplak Finishplak Taletappes Totaleôfstân Dielnimmers Utfallers1909 MilaanMilaan82.448 km127791910 MilaanMilaan102.984 km101811911 RomeRome123.526 km86621912 MilaanBergamo92.436 km54341913 MilaanMilaan92.929 km99641914 MilaanMilaan83.162 km8171 1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich1919 MilaanMilaan102.984 km63481920 MilaanMilaan82.632 km49391921 MilaanMilaan103.107 km69421922 MilaanMilaan103.095 km75601923 MilaanMilaan103.202,7 km96581924 MilaanMilaan123.613 km90601925 MilaanMilaan123.520,5 km126871926 MilaanMilaan123.249,7 km2061661927 MilaanMilaan153.758,3 km2661861928 MilaanMilaan123.044,6 km2981721929 RomeMilaan142.920 km166671930 MessinaMilaan153.095 km2981721931 MilaanMilaan123.012 km109441932 MilaanMilaan133.235 km109431933 MilaanMilaan173.343 km97461934 MilaanMilaan173.712,7 km109571935 MilaanMilaan203.577 km101391936 MilaanMilaan213.766 km89441937 MilaanMilaan233.840 km98571938 MilaanMilaan213.645,8 km94441939 MilaanMilaan193.011,4 km89351940 MilaanMilaan203.574 km9144 1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich1946 MilaanMilaan203.039,5 km79391947 MilaanMilaan20384,3 km84351948 MilaanMilaan194.164 km77331949 PalermoMonza194.088 km105401950 MilaanRome183.981 km105301951 MilaanMilaan204.153 km98231952 MilaanMilaan203.964 km112141953 MilaanMilaan214.035,5 km112401954 PalermoMilaan224.337 km105381955 MilaanMilaan213.871 km98261956 MilaanMilaan233.523,45 km105621957 MilaanMilaan213.926,7 km150641958 MilaanMilaan203.341,1 km120431959 MilaanMilaan223.657 km130441960 RomeMilaan233.481,2 km140431961 TurynMilaan214.001 km170781962 MilaanMilaan214.180 km 130831963 NapelsMilaan214.063 km120341964 BolzanoMilaan224.119 km130331965 San MarinoFlorâns224.051 km100201966 MonakoTriëst223.976 km 100171967 TreviglioMilaan223.572 km130601968 Campione d'ItaliaNapels233.917,3 km130321969 GardaMilaan243.851 km130491970 San Pellegrino TermeBolzano203.292 km130331971 LecceMilaan213.567 km100251972 FeneesjeMilaan233.725 km100311973 VerviersTriëst213.801 km140271974 FatikaanstêdMilaan234.001 km137411975 MilaanStelviopas233.963 km90201976 CantaniaMilaan224.161 km120341977 BacoliMilaan273.968 km140191978 Saint-VincentMilaan223.610,5 km130401979 FlorânsMilaan203.301 km130191980 GenuaMilaan234.025 km130411981 TriëstVerona243.895,6 km130261982 MilaanTuryn234.010,5162521983 BresciaUdine243.922 km162221984 LuccaVerona233.808 km171281985 VeronaLucca243.998,6 km180451986 PalermoMeran233.858,6 km171281987 San RemoSaint-Vincent243.915 km180471988 UrbinoVittorio Veneto233.579 km180551989 TaorminaFlorâns233.418 km198571990 BariMilaan203.450 km198351991 OlbiaMilaan223.715 km180471992 GenuaMilaan223.843 km180321993 Porto AzzurroMilaan213.702 km180481994 BolognaMilaan233.730 km153541995 PerugiaMilaan223.736 km198761996 AteneMilaan223.990 km162641997 FeneesjeMilaan223.912 km180701998 NiceMilaan233.830 km162681999 AgrigentoMilaan223.757 km162462000 RomeMilaan223.676 km180532001 MontesilvanoMilaan223.356 km180442002 GrinsMilaan213.354.5 km198592003 LecceMilaan213.476,5 km170732004 GenuaMilaan213.423,9 km171312005 Reggio CalabriaMilaan213.447,15 km 198452006 SeraingMilaan213.526,2 km198482007 CapreraMilaan213.486 km198572008 PalermoMilaan213.407 km197562009 Lido di VeneziaRome213.456,5 km198292010 AmsterdamVerona213.485 km198592011 Venaria RealeMilaan213.434 km207482012 HerningMilaan213.502,1 km198412013 NapelsBrescia213.405 km207392014 BelfastTriëst213.445,5 km198422015 San Lorenzo al MareMilaan213.481,8 km198352016 ApeldoarnTuryn213.467,1 km198422017 AlgheroMilaan213.609,1 km195342018 JeruzalimRome213.572,4 km175262019 BolognaVerona213.546,8 km176342020 MonrealeMilaan213.361,4 km176432021 TurynMilaan213.410,9 km184412022 BûdapestVerona213.449,6 km176272023 Fossacesia Rome 21 3.448 km 176 512024 Venaria Reale Rome 21 3.449 km 176 352025 Durrës Rome 21 3.413,3 km 176 242026 Nesebar Rome 21 3.468 km 184 33
Ferneamde bergenpassen Yn de Omgong fan Itaalje wurde der in tal bergen beklommen. It heechste punt fan de Giro (ek wol it "dak fan de omgong" neamd), wurdt sûnt 1965 de Cima Coppi neamd. Ferneamd nei de ferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Oan de hurdfytser dy't it heechste punt as earste berikt, wurdt in spesjale priis en in fikse boanus takend.
1ekear Namme Berchrige Hichte(m)1940SellapasDolomiten22141940PordoipasDolomiten22391953StelviopasAlpen27581960GaviapasAlpen26211963VallespasDolomiten2033 1967Drei ZinnenDolomiten23201973GiaupasDolomiten22361976ValparolapasDolomiten22941976ManghenpasAlpen20471991Colle di SestriereAlpen20351999 EsischiepasAlpen23662005Colle delle FinestreAlpen2178
Klasseminten thumb|right|150px|De Rôze trui