De oblast Rjazan (Russysk: Рязанская область, Rjazanskaja oblast) is in oblast (in bestjoerlike ienheid) fan Ruslân. De oblast leit súdeastlik fan Moskou, de haadstêd is Rjazan.

Geografy thumb|left|250px|De Oka yn 'e oblast Rjazan De oblast grinzget oan de oblasten Vladimir (noarden) en Nizjni Novgorod (noardeasten), de republyk Mordoovje (easten) en de oblasten Penza (súdeasten), Tambov (suden), Lipetsk (súdwesten), Tûla (westen) en Moskou (noardwesten).

De oblast leit yn de Easteuropeeske Leechflakte yn it Oka-Don-flakte. De belangrykste rivier is de Oka, dy't fan wêst nei east de oblast midstwa snijdt. Mei útsûndering fan de haadstêd is de lânbou yn de hiele oblast de belangrykste boarne fan ynkommen. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is −10 °S, yn july +20 °S.

Ekonomy Utsein de haadstêd is de oblast fral agrarysk. Der wurdt kalkstien, mergel en klaai fûn en der binne ôfsettings fan glês- en kwarstsân. Fierder wurde der fosforiten, brûne izererts, stienkoal en turf fûn. Wichtige sektoaren binne de ferarbeiding fan ierdoaljeprodukten, metaalbewurking, masjinebou, kommunikaasje-eletronika, de bou en de foedselyndustry.

Skiednis De skiednis fan it Foarstedom Rjazan giet werom oant yn de 10e iuw. Troch de lokaasje oan de râne fan Ruslân wie it faak in gebiet fan striid. It gebiet hie ek te meitsjen mei de ynvaazje fan de Mongoalen yn 1237. It foarstedom hold lang hoek tsjin Moskou, mar kaam yn 1521 dochs ûnder Russysk bewâld.

Yn 1937 waard de oblast Rjazan oprjochte út dielen fan de oblasten Moskou en Voronezj. Yn 1954 krige de oblast mei in feroarings de hjoeddeiske omfang.

Bestjoersyndieling en grutte stêden De oblast Rjazan is ûnderferdield yn 25 rajons en 4 stedsdistrikten. It bestjoerssintrum fan de oblast is Rjazan en dat is ek de iennige grutte stêd fan de oblast. Oare plakken mei in grutter ynwennertal binne Kasimov, Skopin en Sasovo, dy't njonken Rjazan de oare trije stedsdistrikten foarmje. Meiïnoar hat de oblast 12 stêden en 21 plakken mei in stedsk karakter.

+ Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners (2022) Ynwennertallen ôfkomstich fan de Russysktalige lemma's (oproppen 5 juny 2022) Wapen Lokaasje Rjazan Рязань 529.401 40px Kasimov Касимов 28.753 40px Skopin Скопин 30.376 40px Sasovo Сасово 23.213 40px Rjazjsk Ряжск 20.641 40px Befolkingsûntwikkeling Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Befolking 1.802.196 2.428.914 2.267.908 1.444.755 1.411.590 1.365.780 1.347.754 1.227.910 1.085.152

Kategory:Rjazan (oblast) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1937