Bad Santa 2 is in Amerikaansk-Britsk-Kanadeeske swarte komeedzje, heistfilm en krystfilm út 2016 ûnder rezjy fan Mark Waters. De haadrollen waarden spile troch Billy Bob Thornton, Kathy Bates en Tony Cox. De titel betsjut "Stoute Krystman 2". De film is in ferfolch op 'e súksesfolle anty-krystfilm Bad Santa, út 2003. It ferhaal folget de deprimearre eks-krimineel Willie Soke as er him jitris ferklaaie moat as de krystman, diskear om in goeddiedichheidsynstelling yn Chicago te berôvjen. Dêrfoar bondelet er syn krêften mei dy fan 'e beide minsken dy't er it meast hatet op 'e hiele wrâld: syn eks-partner Marcus Skidmore en syn eigen mem. Bad Santa 2 krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Plot Trettjin jier nei't it goed mei him liek te betearen (sjoch: Bad Santa), is eks-krimineel Willie Soke wer ferfallen ta in fersutere bestean yn Phoenix as alkoholist en seksferslaafde. Syn freondinne is er kwytrekke en ek al syn jild is op. Deprimearre besiket er in ein oan syn libben te meitsjen, mar wylst er stadich stikkend oan in snoer oan it plafon hinget, kriget er besyk fan Thurman Merman. De grouwe jonge is no in grouwe folwoeksen man wurden, mar hy is noch altyd like goederleausk en ûnnoazel. Hy hat Willie syn post meinommen, en dêr sit in grut kefert tusken mei in pear steapels bankbiljetten deryn. As er dat sjocht, stapt Willie gau-gau ôf fan syn foarnimmen ta selsmoard.

Willie komt der al rillegau efter dat it jild fan syn eardere kriminele partner komt, de negroïde, mei dwerchgroei oanhelle Marcus Skidmore. Dyselde hat Willie trettjin jier earder besocht te fermoardzjen, en dêrfoar, en foar in rige berôvings dy't er tegearre mei Willie útfierd hie, is er doe it tichthûs yn draaid. Willie sels ûntsprong de dûns doe troch tsjin Marcus te tsjûgjen. No is Marcus frijkommen omreden fan in kombinaasje fan goed gedrach en in selletekoart. Willie soe ferwachte hawwe dat er him no noch mear fermoardzje wolle soe as earder, mar Marcus hâldt út dat er oprjocht spyt hat fan syn besykjen ta moard. Ynstee wol er Willie by in nije berôving belûke, om't er ferlet hat fan syn ekspertize as brânkastkreaker. Hy hat nammentlik in doelwyt yn Chicago op it each dat harren miljoenen opsmite kin.

Willie giet mei tsjinnichheid akkoart en reizget mei Marcus nei Chicago. Dêr oankommen docht bliken dat it doelwyt fan 'e berôving in goeddiedichheidsynstelling is mei de namme Giving City. Willie hat gjin problemen mei it berôvjen fan in goeddiedichheidsynstelling, mar wol mei it feit dat sa'n organisaasje neffens him nea net folle hawwe kin dat it stellen wurdich is. Neffens Marcus drukt Regent Hastings, dy't de ynstelling mei syn frou Diane oprjochte hat, lykwols 95% fan al it jild efteroer dat mei kollektearjen ynsammele wurdt. Hy bewarret dat yn in brânkast yn syn kantoar oant er it oan 'e ein fan it jier op in bankrekken yn it bûtenlân sette lit. It bedrach berint neffens Marcus elts jier wol twa miljoen dollar. Dat as se Giving City mei de kryst bestelle, hawwe se in moaie opbringst.

It docht bliken dat Marcus al in partner hat en dat de berôving in trijemansput is. Dat fynt Willie net sa slim, mar dat de trêde partner syn eigen mem Sunny is, dat is foar him in brekpunt. Hy en syn mem binne folslein faninoar ferfrjemde. Se befoel fan him doe't se trettjin jier wie, en se brocht him grut yn in krimineel bestean oant se him foar har it tichthûs yn draaie liet doe't er alve wie. No is se op jierren slagge en hat se in ier stadium fan 'e sykte fan Parkinson, sadat se sels gjin brânkasten mear kreakje kin. Der is nimmen yn 'e wrâld dy't Willie mear hatet as syn mem. Hy wegeret mei har gear te wurkjen en rint fuort. As Marcus him efternei komt om him te bepraten, jout Willie ta op betingst dat hy en Marcus syn mem bedrage sille en de bút midstwa spjalte. Marcus stimt dêr grif mei yn.

Willie en Marcus jouwe har by Giving City op as frijwilligers en moatte nei trettjin jier op 'e nij de krystman en in krystelf spylje. Sunny, dy't by Giving City wurket as ûnderdiel fan har reklassearring nei't se út 'e finzenis kommen is, jout har by harren as Mrs. Claus, de frou fan 'e krystman. Willie hat gjin nocht oan it ferklaaien, noch oan it trochbringen fan tiid mei syn mem en Marcus, en syn humeur wurdt der net better op as bliken docht dat Giving City, op oanstean fan 'e ideälistyske Diane Hastings, in nultolerânsjebelied hantearret op it mêd fan drinken ûnder it wurk. It spul rint út 'e hân as er yn oansketten steat in folle fleuriger krystman yninoar slacht mei in stânbyld fan 'e Faam Marije út in kryststâl, om't er troch in misferstân de yndruk krigen hat dat de man in pedofyl is dy't it op 'e lytse bern foarsjoen hat.

Underwilens kriget de ûnnoazele Thurman foar it ferstân dat Willie yn Chicago is. Om't er sels nimmen mear hat (syn heit hat him yn 'e steek litten en syn deminte beppe is in pear jier lyn ferstoarn), is er wisberet om 'e kryst troch te bringen mei Willie, dy't er beskôget as syn iennichste famylje, ek al hjit Willie him eltse kear dat er del komt om op te soademiterjen. Dat, Thurman nimt út it waarme Phoenix yn in T-shirt en in koarte broek de bus nei Chicago, sûnder te begripen dat it dêr winter is mei tweintich sm snie, en dat er dus op syn minst in jas nedich is.

Willie, dy't nei de mishanneling troch de plysje arrestearre wie, komt op boarchtocht frij troch tadwaan fan Diane Hastings en de goede namme dy't Giving City yn Chicago hat. As se lykwols fan in pear meter ôfstân de dranklucht al rûke kin, wol se him ûntslaan. Willie, dy't wol sa leaf fan it wurk as krystman ôf wêze soe, mar dan gjin tariedings foar de berôving fan Giving City meitsje kin, smeket har om him noch in kâns te jaan. Diane, dy't sels in opbetterjend alkoholiste blykt te wêzen, stimt dêrmei yn op betingst dat er mei har nei in gearkomste fan 'e AA giet.

Dy jûns kladderet Marcus de fentilaasjekanalen fan Giving City yn om te ûntdekken hokker befeiligingssystemen de ynstelling hat. Dêrby trappearret er Diane har man Regent, dy't in skuonfetisjist blykt te wêzen, wylst er mei syn sekretaresse Alice omslacht. Krekt op dat stuit skillet Willie Marcus op, mei as gefolch dat Regent en Alice in ringtone út it fentilaasjekanaal kommen hearre. Marcus spilet halje-trawalje fan ruten, mar Regent fermoedet dat Diane in privee-detektive ynhierd hat om him te begluorkjen, om't se aan kriget hat fan syn dieverij of fan syn oerhoer of fan beide. Hy jout syn haad befeiliging Dorfman opdracht om Diane te folgjen. As Willie mear tiid mei Diane begjint troch te bringen om't se tegearre nei AA-gearkomsten moatte, tinkt Regent dat hy de privee-detektive wêze moat.

Underwilens fertelt Diane op 'e weromreis fan in AA-gearkomste oan Willie dat se foarhinne net inkeld in alkoholiste, mar ek in seksferslaafde wie. Willie is fuortendaliks ien en al ear. As Diane opbychtet dat har houlik mei Regent op 't heden inkeld noch foar de skyn is dat se al yn gjin tsien jier de leafde bedreaun hawwe, sjocht Willie syn kâns skoan. It einiget dermei dat hy en Diane yn in smoarch efterôfsteechje steand tsjin in ôffalcontainer oan seks mei-inoar hawwe. Neitiid freget Diane him om te dwaan as is dat nea bard.

Om't se foar de berôving ferlet hawwe fan 'e kaai fan 'e keamer dêr't de brânkast fan Regent Hastings stiet, dy't de befeiligingsminsken oan har kaaibosk hawwe (en om't er nei trettjin jier yn it tichthûs sa glei as in kikkert is), besiket Marcus de obese befeilichster Gina te ferlieden. Gina lit har troch him mei op in ôfspraakje nimme en yt op syn kosten in bêst miel, mar as er har thúsbringt en it idee oppenearret dat er wol eefkes mei deryn komme kin, stegeret se him ôf en seit se dat se nea mei in dwerch op bêd gean kinne soe.

Underwilens spylje Willie en Sunny tegearre foar de krystman en Mrs. Claus by in krystfiering foar bern yn 'e filla fan in rike húshâlding, dêr't Sunny de sliepkeamers leechstelt wylst Willie it feestfolk dwaande hâldt. Geandewei begjinne mem en soan in bân te krijen, sa liket it, fral as Willie ûnderweis werom in drogisterij oerfalt om in fleske hoastdrank foar Sunny te stellen, dy't al dagenlang oan ien wei sit te hoastjen. Sunny jout him op har beurt in pistoal dat er brûke kin mocht Marcus him wer besykje te fermoardzjen, ek al leaut Willie dat Marcus net mear de aaklike lytse ferrieder fan foarhinne is. Se praat boppedat mei Willie ôf om der tegearre mei de bút fan troch te gean en Marcus foarby te partsjen, net wittend dat Willie krekt sa'n ôfspraak mei Marcus makke hat.

Thurman skillet Willie op dat er yn Chicago oankommen is. Hy presintearret syn hommelse oanwêzichheid as syn krystkado foar Willie. Dy is dêr hielendal net bliid mei, mar hy jout Thurman dochs it adres fan 'e wente dêr't er ferbliuwt. Syn mem stiet der by him op oan om Thurman ôf te poeierjen. Willie nimt him mei nei in waskerette dy't 24 oeren deis iepen is, mei it plan om him dêr efter te litten. As Thurman úteinlik yn 'e sliep falt, besiket er út te piken, mar syn gewisse lit dat net ta, en úteinlik stelt er in jas foar Thurman en bringt him nei de nachtopfang fan Giving City. Dêr giet Thurman op ûndersyk út as er sjongen heart, en ûntdekt er de diriginte Renée, dy't mei in koar fan minder bedielde bern oan it oefenjen is foar de krystútfiering yn Giving City, dy't op krystjûn holden wurde sil. De ûnnoazele Thurman, dy't eins neat oars as in grut bern is, wurdt troch Renée opnommen yn it koar.

Om't Marcus neat wit te berikken mei Gina, praat Sunny der by Gina op om dat Willie har wol sitten sjocht. It docht bliken dat de kinky Gina inkeld op âldere, ûnsjogge en dwersferkearde manlju falt, dat it is dêrnei foar Willie in kâld keunstke om har te fersieren. Hy hat anale seks mei har op it húske fan in kroech en wit har de kaaien te ûntfytmanjen. As Marcus foar it ferstân kriget dat Willie "it" mei Gina dien hat en har dêrmei foar him "besmoarge" hat, wurdt er poer en falt er Willie oan, dy't him lykwols sûnder folle muoite oermânsk wurdt. Letter hâldt Marcus it derop dat de spanning him wat tefolle waard.

Thurman freget Willie om nei de krystútfiering te kommen, mar Willie moat him nee ferkeapje om't er dy jûns al oare ferplichtings hat, te witten: de berôving fan Giving City. Neitiid spilet syn gewisse wer op om't er Thurman kwetst hat mei syn wegering. Op krystjûn slagget it him tafallich om it optreden fan Thurman te sjen as dy as solist it liet Silent Night sjongt. Dat makket foar Thurman alles wer goed. Fuort dêrnei sette Willie, Sunny en Marcus útein mei de berôving. Alles giet dat it slydjaget, en Willie kin sûnder swierrichheden de brânkast iepenje. Dêr blykt minder jild yn te sitten as se ferwachte hiene, mar dochs noch altyd in goede $600.000. Underwilens hat Regent oan Dorfman opdracht jûn om 'e antesedinten fan Randall Cook nei te rinnen, de skûlnamme dy't Willie brûkt. Dêr blykt fansels neat oer te finen te wêzen, dat Dorfman graaft wat djipper en ûntdekt dan Willie syn wiere identiteit, en Marcus sines, en Willie syn strafblêd, en Marcus sines. Hy warskôget gau-gau Regent Hastings, mar se komme te let om 'e berôving noch tsjin te kearen.