De oblast Archangelsk (Russysk: Архангельская область, Archangelskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn it noardwesten fan it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. De haadstêd en grutste stêd is Archangelsk.

Skiednis Yn de 11e en 12e iuw kolonisearren de Russen it gebiet en bouden dêr de earste delsettings. Foar dy tiid bewennen Finsk-Ugryske stammen it gebiet. Mei de stifting fan Archangelsk troch Ivan de Grousume ûnstie der hannel. It wie de earste havenstêd fan Ruslân.

Geografy thumb|left|250px|Lânskip fan Archangelsk oblast by Kimzja (Mezenski rajon) De oblast leit oan de Wite See en ek de eilannegroepen Nova Sembla en Frâns Joazef falle der ûnder. Yn de oblast leit de autonome okrûg Nenetsië, dêr't njonken it Russysk it Nenetsk in offisjele taal is. Yn it easten grinzget de oblast oan de republyk Komi, yn it westen oan de republyk Kareelje en yn it suden oan de oblasten Vologda en Kirov.

De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. De belangrykste rivier is de Noardlike Dvina, oare rivieren binne de Onega en Mezen.

It gebiet hat strange winters en koele simmers. De noardlike lokaasje krekt súdlik fan it Poalgebiet makket lânbou hast net mooglik. Mar 1,3% fan it gebiet hat in agraryske funksje.

Ekonomy De oblast is ryk oan oalje, ierdgas en diamant. Fan de yndustry foarmje de wapenyndustry, de houtbewurking en fiskerij wichtige sektoaren. It toerisme is beskieden oanwêzich.

Yn Severodvinsk is in grutte werf foar de oarlochsfloat. Yn Plesetsk leit njonken Bajkonoer yn Kazachstan ien fan de belangrykste russyske raketlansearbasissen en romtefeartsintra fan it lân.

Yn de Wite See leit op it eilân Sloveski ien fan de wichtichste sintra fan de Russyske otterdoksy. It Solovetski-kleaster falt ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO. Bestjoerlike yndieling en stêden thumb|260px|Parlemintsgebou fan de oblast Archangelsk thumb|260px|Aartsingel Sint-Michaelkatedraal, Archangelsk thumb|260px|Solevetski-kleaster De oblast Archangelsk is ûnderferdield yn 21 rajons, 7 stedsdistrikten en de twa eilannegroepen Frâns-Joazef en it Fiktoaria-eilân. De twa belangrykste en tagelyk iennige grutte stêden binne Archangelsk en Severodvinsk. Meiïnoar binne der 13 stêden en 15 plakken mei in stedsk karakter.

+ Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje Archangelsk Архангельск 342.164 40px Severodvinsk Северодвинск 179.742 40px Kotlas Котлас 62.284 40px Novodvinsk Новодвинск 37.256 40px Korjazjma Коряжма 35.345 40px Mirny Мирный 33.321 40px Velsk Вельск 22.217 40px Njandoma Няндома 18.857 40px Onega Онега 18.149 40px

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1937