Ana Mena Rojas (Estepona, 25 febrewaris 1997) is in Spaansk popsjongster en aktrise. Se begûn har karriêre yn 2009 yn de telefyzjerige Marisol, la película. Yn 2010 die se mei oan Disney's muzikale realityshow My Camp Rock 2, wêrby 't se as winneres einige.
Biografy Mena har muzikale karriêre begûn yn 2016, doe 't se har debútsingle "No Soy Como Tó Crees" útbrocht. Mena hat sûnt dy tiid mei in soad bekende artysten gearwurke, dêr't Becky G, CNCO en Lali Espósito ûnder wiene. Yn 2018 brocht se har debút studio-album út.
Yn 2018 waard se populêr yn Italië mei it nûmer D' estate non vale mei Fred De Palma. It ûnferwachte italjaanske sukses wie in game changer yn har karriêre. Sûnt dy tiid wist se sawol yn Italië as yn Spanje mear as ien simmerhits ôf te leverjen en waard se ien fan de meast beharke Spaanske artysten fan it streamingtiidrek.
Neffens har platemaatskippij hat se yn 2022 36 platina en 3 gouden platen ferkocht, benammen yn Italië en Spanje.
Filmografy +Telefyzjerollen Jier Titel RolNotysjes 2009 Marisol, la película Pepi Tf film 2010 Supercharly Verónica Navarro 5 ôfleveringen 2010 My Camp Rock. Harsels Winner 2013, 2017'Tu cara me suena Abraham Mateo Gastoptreden (seizoen 3, ôflevering 9) 2013-2014 Vive cantando Paula Ruiz Almagro Weromkearende rol 2021 Bienvenidos a Edén TPD Netflix (8 ôfleveringen) +Filmrollen Jier Titel Rol 2011 The Skin I Live In. Norma Ledgard (bern) 2018 Viaje al cuarto de una madre Bea
Diskografy album Index (2018)
Keppeling om utens IMDb-profyl
Kategory:Spaansk telefyzje-akteur Kategory:Spaansk sjonger Kategory:Spaansk popartyst Kategory:Andalûsysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1997