De Omgong fan Spanje (Spaansk: La Vuelta, ek wol ôfkoarten oant Vuelta) is in hurdfytswedstryd yn Spanje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, en wurdt sûnt 1995 yn de hjerst yn etappen troch gâns Spanje fytst. De oankomst is faaks yn Madrid. De Omgong fan Spanje waard foar it earst ferriden yn 1935 en wurd nei in tal rûzige jierren sûnt 1955 alle jierren organisearre.
Skiednis De Omgong fan Spanje waard foar it earst hâlden yn 1935 en sûnt 1955 jierliks en rint trije wike lang yn in wikseljende rûte troch Spanje. By it alderearste omgong yn 1935 moasten 50 hurdfytsers in rûte fan 3411 km ôflizze ferdield oer 14 etappes, mei in gemiddelde fan mear as 240 km de etappe. It waard ynspirearre troch it sukses fan de omgongen yn Frankryk en Itaalje.
De ronde waard oarspronklik hâlden yn de maitiid, meastentiids ein april, mei in pear edysjes yn juny yn de jierren fjirtich. Yn 1995 waard de race lykwols ferpleatst nei septimber om direkte konkurrinsje mei de Omgong fan Itaalje, dy't yn maaie hâlden waard, te mijen. mar de omgong fan 2020 begûn yn oktober fanwegen de Koroana-pandemie.
Meastentiids omfettet de rûte maksimaal trije tiidritten en in oantal berchetappes. Sûnt 1994, en faak dêrfoar (lykas yn de earste edysjes), einige de Omgong fan Spanje yn de Spaanske haadstêd Madrid, hoewol't Bilbao (yn de jierren fyftich) en San Sebastián (yn de jierren santich) lange tiid beide weromkommende finishstêden wiene. Nei Madrid diele trije stêden it twadde plak foar de measte Omgong fan Spanje-starts: Gijón, Bilbao en ien kear finishplak Jerez de la Frontera. Yn 1997 sette de Omgong fan Spanje foar it earst útein yn it bûtenlân, yn Lissabon, Portugal. De alderearste Omgong fan Spanje dy 't bûten it Ibearysk skiereilân begûn, fûn plak yn 2009, doe't de Nederlânske stêd Assen gasthear wie fan de start fan de 64e Vuelta.
Yn 1999 waard foar it earst de Alto de l'Angliru yn Astuerje beklommen, dy't 1573 meter oer 12,9 km omheechgiet mei hellingen oant 23,6 persint, wêrtroch't it ien fan de meast steile beklimmingen fan Europa is.
Yn 2011 wûn Grinzer fan Frysk komôf Bauke Mollema it punteklassemint.
Yn 2025 hie de Omgong in protte lêst fan de kriich tusken Palestina en Israël, meardere etappen waarden fersteurd troch demonstranten dy't it benammen foarsjoen hiene op de ploech Israel-Premier Tech.
thumb|center|500px|Start fan de Omgong fan Spanje 2009 yn Assen
Omgong fan Spanje yn sifers Jier Startplak Finishplak Taletappes Totaleôfstân Dielnimmers Utfallers1935 MadridMadrid143425 km50211936 MadridMadrid214354 km 5030 1937 o/m 1940: net ferriden fanwegen de Spaanske Boargeroarloch1941 MadridMadrid224409 km32161942 MadridMadrid203688 km4022 1943 o/m 1944: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich1945 MadridMadrid19 3803 km52261946MadridMadrid 233797 km48191947 MadridMadrid 243893 km47201948 MadridMadrid203990 km 5428 1949: net ferriden 1950 MadridMadrid223932 km4216 1951 o/m 1954: net ferriden fanwegen de isolaasje ûnder Francisco Franco1955 BilbaoBilbao153566 km106431956 BilbaoBilbao173531 km90501957 BilbaoBilbao162967 km90361958 BilbaoMadrid163250,79 km100551959 MadridBilbao193048 km90411960 MadridBilbao173566 km80561961 San SebastiánBilbao162823 km100531962 BarcelonaBilbao172806 km90421963 GijónMadrid152442 km90251964 BenidormMadrid172921,6 km80311965 VigoBilbao183409,8 km100491966 MoersiaBilbao182951 km90351967 VigoBilbao182941 km110371968 VigoBilbao182990 km90391969 BadajozBilbao182921 km100321970 CádizBilbao193568 km110511971 AlmeriaMadrid172983 km110421972 FuengirolaSan Sebastián182079,35 km100431973 CalpeSan Sebastián183061,8 km80201974 AlmeriaSan Sebastián192987 km88331975 FuengirolaSan Sebastián193104 km90361976 EsteponaSan Sebastián193340 km100511977 OrihuelaMiranda de Ebro202785 km70161978 GijónSan Sebastián192995 km99471979 Jerez de la FronteraMadrid193373 km90251980 La MangaMadrid203225 km110471981 SantanderMadrid193446 km80251982 Santiago de CompostellaMadrid193441,7 km100241983 AlmussafesMadrid193398,8 km100411984 Jerez de la FronteraMadrid193354,3 km130331985 ValladolidSalamanca193474 km169681986 PalmaJerez de la Frontera213675 km170631987 BenidormMadrid233922 km179911988 Santa CruzMadrid203425 km180641989 A CoruñaMadrid233656 km189461990 BenicàssimMadrid213711 km198651991 MéridaMadrid213213 km198821992 Jerez de la FronteraMadrid203395 km189501993 A CoruñaSantiago de Compostella213605 km170571994 ValladolidMadrid203531 km170491995 SaragossaMadrid213750 km181631996 FalinsiaMadrid223898 km180651997 LissabonMadrid223773 km198731998 CórdobaMadrid223774 km198901999 MoersiaMadrid213576 km189742000 MálagaMadrid203904 km180562001 SantanderMadrid213012 km189502002 FalinsiaMadrid213134 km207752003 GijónMadrid212957 km198392004 LeónMadrid212925 km189702005 GranadaMadrid213192 km198722006 MalagaMadrid213213 km189552007 VigoMadrid213241 km189442008 GranadaMadrid213169 km171402009 AssenMadris213288 km198592010 SevillaMadrid213338 km198422011 BenidormMadrid213269,6 km198312012 PamploanaMadrid213360,2 km198232013 Vilanova de ArousaMadrid213358,9 km197532014 Jerez de la FronteraSantiago de Compostella213181,5 km186282015 Puerto BanúsMadrid213376,4 km198402016 OurenseMadrid213315,4 km198392017 NîmesMadrid21 3297,7 km198402018 MálagaMadrid213271,4 km176182019 TorreviejaMadrid213290,7 km176232020 IrunMadrid182846,9 km176342021 BurgosSantiago de Compostella213417 km184422022 UtertMadrid213280,5 km183492023 BarcelonaMadrid213.153,8 km176282024 LissabonMadrid213.304,3 km176382025 Paleis fan VenariaBola del Mundo202.524 km 176312026 MonakoGranada21 3.311 km17642
Truien Yn de Omgong fan Spanje is der yn de rin fan de jierren in protte wikseling fan truien west. Fanôf 2009 fytst de lieder yn it punteklassemint yn in griene trui, en fanôf 2010 de lieder yn it algemiene klassemint in in reade trui en de lieder fan it berchklassemint yn in blauwe boltsjestrui.
Algemien klassemint Jier(ren) Berchklassemint Jier(ren) Punteklassemint Jier(ren)20px oranje trui 1935-1936 20px Griene trui 1935-1985 20px Blauwe trui 1983-198520px Wite trui 1941 20px Fermiljoen Reade trui 1986 20px Griene trui 1986-198920px oranje trui 1942 20px Reade trui 1987 20px Blauwe trui 1990-199320px Reade trui 1945 20px Grize boltsjestrui 1988-1989 20px Robynreade trui 1994-199820px Wite trui 1946-1950 20px Griene trui 1990-1993 20px Sulveren trui 1999-2000 20px Giele trui 1955-1976 20px Wite trui 1994-2000 20px Read Wite trui 2001-200220px oranje trui 1977 20px Oranje trui 2001-2003 20px Oranje boltsjestrui 200320px Giele trui 1978-1998 20px Bordeauxreade trui 2004-2005 20px Fiskjes trui 2004-200620px Goudene trui 1999-2009 20px Oranje trui 2006 20px Granaat reade trui 200720px Reade trui fanôf 2010 20px Grize trui 2007 20px Blauwe trui 2008 20px Granaat reade trui 2008-2009 20px Griene trui fanôf 2009 20px Blauwe boltsjestrui fanôf 2010
Klasseminten thumb|right|150px|De Reade trui Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Spanje ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (blauwe boltsjestrui), foar de bêste sprinter (griene trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (reade trui). De reade trui waard as trui yn 2010 ynfierd.
Roberto Heras wûn de Omgong fan Spanje fjouwer kear en is dêrmei rekôrdhâlder.
Winners einklassemint Jier Winner Nasjonaliteit Ploech 1935 Gustaaf Deloor Colin-Wolber 1936 Gustaaf Deloor Colin-Wolber 1937 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Spaanske Boargeroarloch 1941 Julián Berrendero Informaciones 1942 Julián Berrendero Informaciones 1943 o/m 1944: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich 1945 Delio Rodríguez Fabas 1946 Dalmacio Langarica Insecticidas Z.Z. 1947 Edouard Van Dyck Garin-Wolber 1948 Bernardo Ruiz Agris-Radio 1949: net ferriden 1950 Emilio Rodríguez Sangalhos 1951 o/m 1954: net ferriden fanwegen de isolaasje ûnder Francisco Franco 1955 Jean Dotto Vampire-d'Alessandro 1956 Angelo Conterno Bianchi 1957 Jesús Loroño CIL-Indaucho 1958 Jean Stablinski Essor-Leroux 1959 Antonio Suárez Licor 43 1960 Franz De Mulder Groene Leeuw 1961 Angelino Soler KAS 1962 Rudi Altig Saint-Raphaël 1963 Jacques Anquetil Saint-Raphaël 1964 Raymond Poulidor Mercier-BP 1965 Rolf Wolfshohl Mercier-BP 1966 Francisco Gabica KAS 1967 Jan Janssen Pelforth 1968 Felice Gimondi Salvarani 1969 Roger Pingeon Peugeot-BP 1970 Luis Ocaña Bic 1971 Ferdinand Bracke Peugeot-BP 1972 José Manuel Fuente KAS 1973 Eddy Merckx Molteni 1974 José Manuel Fuente KAS 1975 Agustín Tamames Monteverde 1976 José Pesarrodona KAS 1977 Freddy Maertens Flandria 1978 Bernard Hinault Renault-Gitane 1979 Joop Zoetemelk Mercier 1980 Faustino Rupérez Zor 1981 Giovanni Battaglin Inoxpran 1982 Marino Lejarreta Teka 1983 Bernard Hinault Renault-Elf 1984 Eric Caritoux Skil-Reydel 1985 Pedro Delgado Orbea-Gin MG 1986 Álvaro Pino Zor 1987 Luis Herrera Café de Colombia 1988 Seán Kelly KAS 1989 Pedro Delgado Reynolds 1990 Marco Giovannetti Chateau d'Ax-Gatorade 1991 Melchor Mauri ONCE 1992 Tony Rominger CLAS 1993 Tony Rominger CLAS 1994 Tony Rominger Mapei 1995 Laurent Jalabert ONCE 1996 Alex Zülle ONCE 1997 Alex Zülle ONCE 1998 Abraham Olano Banesto 1999 Jan Ullrich Deutsche Telekom 2000 Roberto Heras Kelme 2001 Ángel Casero Vitalicio Seguros 2002 Aitor González Kelme 2003 Roberto Heras US Postal 2004 Roberto Heras US Postal 2005 Roberto Heras Liberty Seguros 2006 Aleksandr Vinokoerov Liberty Seguros 2007 Denís Menshov Rabobank 2008 Alberto Contador Astana 2009 Alejandro Valverde Caisse d'Epargne ynfiering Reade trui 2010 Vincenzo Nibali Liquigas 2011 Chris Froome Sky 2012 Alberto Contador Tinkoff-Saxo 2013 Chris Horner RadioShack 2014 Alberto Contador Tinkoff-Saxo 2015 Fabio Aru UAE Team Emirates 2016 Nairo Quintana Movistar 2017 Chris Froome Sky 2018 Simon Yates Mitchelton-Scott 2019 Primož Roglič Jumbo-Visma 2020 Primož Roglič Jumbo-Visma 2021 Primož Roglič Jumbo-Visma 2022 Remco Evenepoel Quick-Step 2023 Sepp Kuss Jumbo-Visma 2024 Primož Roglič Bora–Hansgrohe 2025 Jonas Vingegaard Visma–Lease a Bike 2026 Enric Mas Movistar
Measte oerwinningen 4x Roberto Heras Wûn de Omgong yn 2000, en fan 2002 oant en mei 2005 Primož Roglič wûn de Omgong fan 2019 oant en mei 2021 en yn 2024 3x Alberto Contador Wûn de Omgong yn 2008, 2012 en 2014 Tony Rominger wûn de Omgong fan 1992 oant en mei 1994
Berchklassemint thumb|right|150px|Blauwe Boltsjestrui It berchklassemint yn de Omgong fan Spanje is in njonkenklassemint wêrby 't de hurdfytsers punten krije by de trochkomst op in tal berchtoppen. It klassemint bestiet sûnt it begjin fan de Omgong fan Spanje (1935). Troch de jierren hinne binne ferskate kleuren truien brûke, wêrûnder grien, oranje en read. Fan 2010 ôf is de trui in fariant op de bollestrui út de Omgong fan Frankryk, mar dan binne de reade stippen ferfongen troch blauwe.
Winners berchklassemint