Rey is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is de wichtichste protagoniste út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Se waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Rey is in jonge, minsklike frou dy't op 'e planeet Jakku oerlibbet as rommelsykster foar't se troch omstannichheden behelle rekket yn 'e striid fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. Geandewei docht bliken dat se tige sterk yn de Krêft is, wat oanlieding foar har is om yn 'e lear gean by Luke Skywalker, de lêste Jedi. It personaazje fan Rey waard yn alle trije films fertolke troch aktrise Daisy Ridley, foar wa't it in trochbraakrol wie.

Fiktive biografy Yn The Force Awakens Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Rey yntrodusearre as in jonge frou dy't as rommelsykster in iensum en dreech bestean liedt op 'e woastynplaneet Jakku. Hja fertsjinnet de (krappe) kost troch brûkbere ûnderdielen te sykjen yn in ûnbidich tsjerkhôf fan delstoarte romteskippen, dat it restant is fan 'e Slach by Jakku, it lêste grutte treffen út 'e Galaktyske Boargeroarloch, mear as tritich jier earder. Dy sloopt se út 'e skippen en ferkeapet se yn 'e Foarpost Niima troch oan in pleatslik ûnderwrâldfiguer, Unkar Plutt.

Op in dei rêdt Rey de bolfoarmige robot BB-8 as dy troch Teedo, in oare rommelsiker, fongen is om foar ûnderdielen ferkocht te wurden. Wat se op dat stuit net wit is dat BB-8 ynformaasje befettet dy't fan fitaal belang is foar it Ferset, in organisaasje dy't striidt tsjin 'e oerhearsking fan it Stjerrestelsel troch de diktatoriale Earste Oarder. Letter moetet se troch tadwaan fan BB-8 in Finn, dy't in desertearre stoarmtroeper fan 'e Earste Oarder is. As de Foarpost Niima oanfallen wurdt troch TIE-jagers fan 'e Earste Oarder, dy't de oanwêzigens fan Finn dêr fêststeld hawwe, wurdt Rey troch har gedoente mei him ek in doelwyt. Trijeresom pike sy, Finn en BB-8 út yn in âld romteskip dat Unkar Plutt sines is. It docht bliken dat it de Millennium Falcon is, dy't nei stellen te wêzen troch ferskate hannen gien is foar't er by Plutt bedarre.

Koart nei't se Jakku ûntflechte binne, wurdt de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen, de rjochtmjittige eigners fan 'e Millennium Falcon. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, mar dat komt der net fan as syn frachtskip binnenkrongen wurdt troch twa ûnderskate groepen kriminelen dy't er jild skuldich is. Nei in konfrontaasje naaie Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 út yn 'e Millennium Falcon. Under de yndruk fan Rey har kwaliteiten as piloat biedt Solo har in baan oan, mar hja slacht it oanbod ôf, mei't se werom wol nei Jakku. Dêr wachtet se nammentlik al jierren op 'e weromkear fan har âldelju, dy't har as lyts famke efterlitten hawwe.

Solo bringt it hiele selskip nei de kroech fan Maz Kanata op 'e planeet Takodana. Maz hat konneksjes mei it Ferset en kin derfoar soargje dat BB-8 dêrhinne weromkeart. Koart nei harren oankomst wurdt de Earste Oarder lykwols troch in spion op 'e hichte steld fan harren oanwêzigens op Takodana. Rey wurdt troch de Krêft nei de kelder fan it gebou lutsen, dêr't se yn in berging de ljochtsabel fynt dy't foarhinne fan Jedi-master Luke Skywalker wie, en noch earder fan Luke syn heit, Anakin Skywalker. Se ûndergiet ûntrêstgjende fizioenen út it ferline en de takomst, dy't har yn ûnstjoer bringe. As Maz har neitiid fynt, praat dy har moed yn en seit se dat se net werom hoecht nei Jakku, om't se djip fan binnen sels ek wol wit dat har âlden net mear weromkomme sille. Rey liket dat de akseptearjen, mar as Maz har de ljochtsabel kado dwaan wol, rekket se yn panyk en flechtet se it omlizzende wâld yn. Maz jout it wapen dan ynstee oan Finn, om it troch te jaan oan Rey as hja der klear foar is.

Stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder, ûnder oanfiering fan 'e Sith-ridder Kylo Ren, arrivearje op Takodana en falle de ruïne oan fan it kastiel dêr't de kroech fan Maz yn fêstige is. Kylo sels folget Rey it wâld yn, oermasteret har en ûntfiert har yn syn romtefear. Yn 'e ûndergrûnske fasiliteit fan 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder besiket Kylo letter troch telepaty de ynformaasje fan 'e stjerrekaart, dy't BB-8 har sjen litten hat, út har ûnthâld te heljen. Rey wjerstiet him lykwols; sterker noch, se begjint sýn tinzen te lêzen, wat him bot ûntrêstget en boppedat ta it besef bringt dat Rey tige sterk yn 'e Krêft is. Kylo rapportearret syn befinings oan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, dy't him opdracht jout it fanke by him te bringen. Underwilens hat Rey krektlyk ûntdutsen dat se de Krêft brûke kin. Se ûntsnapt út har sel troch in ferstânstrúk yn te setten tsjin in stoarmtroeper dy't op wacht stiet.

Tsjin 'e tiid dat se deunby by it oerflak fan 'e planeet oanbelâne is, moetet Rey Finn, Solo en Chewbacca, dy't kommen binne om har te befrijen en it enerzjyskyld fan 'e Stjerredeaderbasis te sabotearjen, sadat it massaferneatigingswapen troch it Ferset oanfallen en ferdylge wurde kin. Nei't it slagge is om it enerzjyskyld út te setten, kinne Poe Dameron en de oare piloaten fan it Ferset úteinsette mei de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis. Yn 'e basis is Rey tsjûge fan 'e moard troch Kylo Ren op Han Solo, dy't syn eigen heit is. As in breinroere Chewbacca nei de dea fan syn freon de Stjerredeaderbasis begjint op te blazen mei oanbrochte eksplosiven, ûntkomme Rey en Finn mar nauwerneed nei it planeetoerflak ta.

Dêr stjitte se op Kylo, dy't harren it paad nei de Millennium Falcon tichtset. Hy slacht Finn bewusteleas, wêrnei't er de Krêft brûkt om 'e ljochtsabel fan Luke ta him te roppen; ynstee fljocht it wapen him foarby, nei de wachtsjende hân fan Rey. Der ûntjout him in nij duël, wêrby't Rey op ûnbeholpen wize de Krêft brûkt om Kylo te ferslaan. Foar't se him deadwaan kin, wurde se lykwols faninoar skaat troch in tawiidzjende kleau yn it oerflak fan 'e planeet dy't himsels útinoar skuort troch de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis. Rey en de noch altyd bewusteleaze Finn wurde rêden troch Chewbacca, en mei-inoar ûntsnappe se yn 'e Millennium Falcon. Nei in ferbliuw op 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar set Rey mei Chewbacca en de robot R2-D2 yn 'e Millennium Falcon ôf nei de planeet Ahch-To, dêr't, sa hat bliken dien, Luke Skywalker him weromlutsen hat yn selsopleine ballingskip. Ahch-To is in oseaanplaneet, en Rey fynt Luke dêr op 'e top fan in ôfhandich rotseilantsje. As er him nei har ta draait, biedt se him stilswijend syn eigen ljochtsabel oan.

Yn The Last Jedi Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) nimt Luke de ljochtsabel oan, mar smyt er him daliks fuort. Rey wol dat Luke mei har weromgiet om it Ferset nije hoop te jaan, mar Luke hat dêr gjin boadskip oan. Der is in reden dat er op it ûnfynberste plak yn it Stjerrestelsel yn ballingskip gien is, sa hâldt er har foar, en dy reden is dat er wol dat men him gewurde lit. Rey jout gjin belies, mar sels tuskenkomst fan Chewbacca is net genôch om Luke fan miening feroarje te litten. Hy is wisberet om him nearne mear mei te bemuoien en fertelt Rey dat it tiid is foar de Jedi om út te stjerren. As er op in nacht yn in nostalgyske bui de Millennium Falcon binnenglûpt om it tastel wer fan binnen te sjen, treft er dêr lykwols syn âlde robot R2-D2 oan. Luke jout him itselde beskie dat er oan Rey en Chewbacca jûn hat, mar R2-D2 spilet falsk troch foar him nochris it boadskip ôf te spyljen dat syn twillingsuster Leia hast 35 jier lyn oan Obi-Wan Kenobi stjoerde, wêryn't se him om help smeekte om't er de iennichste hope fan it Rebelleferbûn wêze soe. Dat set Luke oan om Rey trije lessen oer de wurking fan de Krêft te jaan.

Underwilens blykt der in bân tusken Rey en Kylo Ren te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen. It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo Ren ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke, slachte by nacht syn mei-learlingen ôf, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en útpykte. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.

Rey is derfan oertsjûge dat Kylo ferlost wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, en ferlit Ahch-To mei Chewbacca en R2-D2, nei't se de âldste geskriften fan 'e Jedi stellen hat út 'e oerâlde holle beam op it eilantsje dêr't se bewarre wurde (en dy't Luke letter platbaarnt). Se lit har troch Chewbacca yn in rêdingskapsule by de float fan 'e Earste Oarder ôfsette. Dêr wurdt se troch Kylo Ren finzen nommen en foar opperste lieder Snoke brocht, dy't selsfoldien útleit dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't har geast mei dy fan Kylo ferbûn hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe. Fierders befreget Snoke Rey oer de lokaasje fan Luke, en hoewol't se him neat fertelle wol, wurdt er troch it gebrûk fan 'e Krêft de wierheid út har tinzen gewaar.

Snoke jout Kylo opdracht om Rey te fermoardzjen, mar Kylo fermoardet ynstee Snoke. Dêrnei ferslane Kylo en Rey tegearre de leden fan Snoke syn liifgarde. Rey mient dat Kylo de tsjustere kant fan 'e Krêft efter him litten hat, mar dat blykt net sa te wêzen. Kylo nimt ynstee it plak fan Snoke yn as opperste lieder fan 'e Earste Oarder. Hy wegeret Snoke syn befel ta de útrûging fan it Ferset yn te lûken en freget Rey om tegearre mei him it Stjerrestelsel te regearjen. Sy wegeret en se wrakselje om it besit fan 'e ljochtsabel fan Luke, wêrby't it wapen úteinlik midstwa rekket. Op dat stuit wurdt de float fan 'e Earste Oarder fierhinne ferneatige en it reuseftige romteskip fan Snoke midstwa brutsen troch de oanfal fan fise-admiraal Holdo fan it Ferset. Rey ûntkomt oan 'e ferwoastging en wurdt oppikt troch Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon.

Se folgje de oare leden fan it Ferset, dy't op 'e planeet Crait beskûl sykje yn in âlde rebellebasis yn it binnenste fan in berch. Dy datearret noch út 'e tiid fan 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk, mear as tritich jier earder. As Poe Dameron, Finn en Rose Tico lieding jouwe oan in ferdigeningsaksje mei stokâlde lângliders, lokje Rey en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder by de oare fersetslju wei. It Ferset komt lykwols ynsletten te sitten yn 'e basis, dy't mar oer ien útgong beskikt, mei't de oare tichtset is troch in ynstoarting. Rey brûkt de Krêft om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten, sadat alle oerlibjende fersetslju ûntsnappe kinne út 'e basis om oan board fan 'e Millennium Falcon te ûntkommen.

Yn The Rise of Skywalker