De oblast Penza (Russysk: Пензенская область; Pensenskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân.
Geografy Yn it noarden grinzget de oblast oan de republyk Mordoovje, yn it easten oan de oblast Uljanovsk, yn it suden oan de oblast Saratov en yn it westen oan de oblast Tambov. De oblast leit yn it federale distrikt Wolga yn it súdlike diel fan de Easteuropeeske Leechlân op it Wolgaplato.
it lânskip is heuvelich en it klimaat tuskenbeiden kontinintaal. De trochsneedtemperatueren skommelje tusken −10,0 °S yn febrewaris en +19,2 °S yn july. thumb|left|250px|De Soera It grutste diel fan de oblast leit yn it Wolga-bekken, de súdlike en de súdwestike distrikten hearre ta it Don-bekken. Der binne mear as 3.000 rivieren en beken yn de oblast mei in totale lingte fan 15.458 km. De langste rivieren binne de Soera, de Mokzja, de Chopjor en de Penza, in 78 km lange sydrivier fan de Soera, dy't de oblast de namme joech.
De Zapovednik Wolga-Bosksteppe is in mear as 84.000 km² grut natoergebiet dat út fiif ferskillende dielen bestiet.
Skiednis De Russen setten harren yn de 17e iuw yn it gebiet nei wenjen. Yn dy tiid ûntstie de grinsfêsting Penza (de tsjintwurdige stêd Penza) as ferdigeningsfort tsjin de Tataren en oare fijannige folken. Yn 1718 waard it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Kazan. Op 15 septimber 1780 waard de regio ûnder de namme gûvernemint Penza in selsstannige bestjoersienheid. Fan 5 maart 1797 oant 9 septimber 1801 hearde it gebiet by it gûvernemint Saratov. Dêrnei wie it gebiet oant en mei 1928 wer it gûvernemint Penza.
Yn de Sovjet-tiid folge in rige fan inoar opfolgjende weryndielings en feroarings, oant op 7 febrewaris 1939 troch opsplitsing fan de oblast Tambov lang om let de oblast Penza yn de hjoeddeiske grinzen oprjochte waard.
Ekonomy De belangrykste sektoaren yn de ekonomy binne de masinebou, de houtferwurking en de tekstylyndustry.
Bestjoerlike yndieling en stêden De oblast is ûnderferdield yn 27 rajons en stedsdistrikten. De stedsdistrikten binne de haadstêd Penza en de folle lytsere stêden Kûznetsk en Saretsjny. Saretsjny is in saneamde sletten stêd (ZATO). De oblast hat meiïnoar alve stêden en 16 plakken mei in stedsk karakter.
+ Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje Penza Пенза 509 513 (2022) 40px Kûznetsk Кузнецк 88.839 (2020) 40px Saretsjny Заречный 65.502 (2020) 40px . Kamenka Каменка 34.577 (2020) 40px Serdobsk Сердобск 30.939 (2020) 40px Nizjni Lomov Нижний Ломов 20.511 (2020) 40px Nikolsk Никольск 19.611 (2020) 40px Befolking thumb|left|19e-iuwske dracht yn Penza De befolking fan de oblast bestiet foar likernôch 85 % út Russen, dêrnjonken foarmje Tataren en Mordoovjers reedlik grutte minderheden. It tal Mordoovjers sakket lykwols, lykas ek de Oerkraynske, Wyt-Russyske en Joadkse minderheden lytser wurde. Sûnt de opheffing fan de Sovjet-Uny migrearren in soad minsken út de Kaukasus en Sintraal-Aazje nei de oblast, dy't yntusken lytse minderheden foarmje.
Befolkingsferrin Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 1.470.474 2.208.409 1.710.517 1.509.566 1.535.970 1.535.970 1.510.325 1.504.569 1.452.941
Kategory:Penza (oblast) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1939