300px|thumb|Topografyske gemeentekaart De Bosk (2017) 300px|thumb|Gemeente De Bosk thumb| De gemeente De Bosk yn 1866 De Bosk (Nederlânsk: 's-Hertogenbosch) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. De stêd De Bosk is de haadstêd fan de gemeente en tagelyk ek de haadstêd fan Noard-Brabân. De gemeente hat ynwenners (, boarne: CBS) en is part fan it stêdlik netwurk BrabantStad.

Oare plakken yn de gemeente binne Rosmalen, Nuland en Vinkel.

Skiednis De gemeente bestie earst allinnich út de stêd De Bosk dy't yn 1184 stedsrjochten krige. Dat jier kin winliken sjoen wurde as it begjin fan de gemeente. Yn 1933 waard de gemeente útwreide mei it plak Deuteren fan de gemeente Cromvoirt dy't doe opheft waard. It oerbliuwende part fan dy gemeente gie nei de gemeente Vught.

Yn 1971 waarden de gemeenten Empel en Meerwijk en Engelen by de gemeente De Bosk foege. Yn 1996 waard de gemeente Rosmalen by De Bosk foege. Yn 2015 kamen de doarpen Nuland en Vinkel fan de ophefte gemeente Maasdonk by De Bosk.

Geografy Kearnen Kearn Ynwenners (2021)Sintraal Buro foar de Statistyk De Bosk 111.025 Rosmalen 37.240 Nuland 4.575 Vinkel 2.595

Oare kearnen en wiken Ta de gemeente De Bosk hearre njonken boppeneamde kearnen ek de folgjende doarpen en útbuorrens: Bokhoven, Deuteren, Dieskant, Empel, Engelen, Gewande, Heeseind, Hintham, Kruisstraat, Maliskamp, Meerwijk, Orthen en Oud-Empel

De gemeente De Bosk bestiet út 14 wiken: Binnenstêd, De Groote Wielen, Empel, Engelen, Graafsepoort, Maaspoort, Muntel/Vliert, Noard, Rosmalen Noard, Rosmalen Súd, West, Súdeast, Nuland en Vinkel.Wykynformaasje gemeente De Bosk

Lizzing De gemeente leit yn it noarden fan Noard-Brabân. De gemeente grinzget yn it noarden, dêr't de rivier de Maas de grins foarmet mei it Gelderske Maasdriel, yn it noardeasten oan Oss, yn it súdeasten oan Sint-Michielsgestel, yn it suden oan Vught, en yn it westen oan Heusden.

Gemeenterie De gemeenterie fan De Bosk bestiet út 39 sitten:

GemeenteriedsittenPartij19941998200220062010201420182022D66221-3556VVD45555555GrienLinks33455344Rosmalens Belang106644534CDA66654543De Bossche Groenen----1133PvdA65485433Leefbaar 's-Hertogenbosch-2422322SP24353332PvdD-------1Volt-------1Bosch Belang44444521Gewoon Ge-DREVEN------11PVV------11VOOR Den Bosch-------150 Plus------11Bossche Volkspartij-----32-Stadspartij Knillis11211---Trots op Nederland----2---AOV/Uny55+11------Totaal3939393939393939

Boargemaster is sûnt 2017 Jack Mikkers (VVD).

Susterstêden Leuven Trier

Keppeling om utens Webside fan de gemeente

Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1996