Angelo Fausto Coppi (Castellania, 15 septimber 1919 - Tortona 2 jannewaris 1960) wie Italjaansk hurdfytser en wie fiif kear winner fan de Omgong fan Itaalje. Dêrneist wûn hy twa kear de Omgong fan Frankryk.

Karriêre Coppi ried syn earste wedstriid doe't er 15 jier âld wie, ûnder oare jonges dy't net by hurdfytsklups oansletten wiene, en wûn syn earste priis: 20 lire en in broadsje salami. Coppi behelle begjin 1938 in racelisinsje en wûn syn earste race, yn Castelleto d'Orba. Hy kaam allinnich oer de miet en wûn dêr in wekker.

Syn earste grutte sukses wie yn 1940, doe 't er yn de âldens fan 20 jier de Omgong fan Itaalje wûn. Op 7 novimber 1942 fêstige er in wrâldoererekôr (45.798 km op de Velodromo Vigorelli yn Milaan). Why Jens Voigt and a new group of cyclists want to break the Hour record De fyts fan it wrâldroerrekôrd is te sjen yn de kapel fan Madonna del Ghisallo yn 'e buert fan Como, Italië. www.cyclingnews.com - the world centre of cycling Coppi fersloech de 45,767 km fan Maurice Archambaud, fiif jier earder op itselde felodroom. It rekôr hold stân oant it yn 1956 ferslein waard troch Jacques Anquetil. Yn 1943 en 1944 koe er net meidwaan oan wedstriden, omdat er as kriichsfinzene yn Tuneesje ferbleau. Yn 1946 ferfette er it hurdfytsen op profesjoneel nivo.

Yn 1949 en 1952 wûn Coppi as earste de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Frankryk yn itselde jier. Hy wûn de Omgong fan Itaalje úteinlik fiif kear. Coppi wûn de Omgong fan Lombardije fiif kear (1946, 1947, 1948, 1949 en yn 1954). Hy wûn trije kear Milaan-San Remo (1946, 1948 en 1949). Hy wûn ek Parijs-Roubaix en de Waalse Pijl (1950). Yn 1952 wûn Coppi wûn Coppi as earste hurdfytser op de Alpe d'Huez, dy't dat jier foar it earst opnaam wie yn de Omgong fan Frankryk. Hy foel seis kilometer fan de top oan om him te ûntdwaan fan de Frânske hurdfytser Jean Robic. It wie syn lêste Omgong fan Frankryk, nei't er trije riden hie en der twa wûn hie. Hy wie wrâldkampioen op 'e dyk yn 1953. Yn 1959 hold Coppi op mei profesjoneel hurdfytsen. thumb|left|200px|Coppi-monumint op de Passo Pordoi Yn desimber 1959 nûge Maurice Yaméogo de presidint fan Boerkina Faso, Coppi, Raphaël Géminiani, Jacques Anquetil, Louison Bobet, Roger Hassenforder en Henry Anglade út om tsjin lokale ruters te riden en dêrnei te jeien. Sawol Coppi as Raphaël Géminiani krigen malaria en waarden siik doe't se thúskamen fan de reis. Géminiani waard better, mar Coppi stoar.

Neilittenskip Op ferskate beklimmingen yn Itaalje en Frankryk steane stânbylden fan, en monuminten foar Coppi. By syn grêf yn syn berteplak Castellania is er tegearre mei syn broer Serse (dy't omkaam by in hurdfytswedstriid) ferivige yn in mansheech byldhouwurk.

Yn Kastellania is yn syn bertehûs in museum ynrjochte: Casa Museo Fausto Coppi. It doarp waard yn 2019 omdoopt ta Castellania Coppi. Legendarische Fausto Coppi geëerd met naamsverandering geboortedorp, NOS.nl, 26-3-2019

Yn de Omgong fan Italië wurdt der in spesjale jildpriis útrikt, de Cima Coppi, foar de earste hurdfytser dy't it heechste punt fan de omgong berikt.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1949 - 15px 1e; winner 7e, 17e en de 20ste etappe 1951 - 10e; winner 20ste etappe 1952 - 15px 1e; winner 7e, 10e, 11e, 18e en de 21ste etappe

Dielname oan de Omgong fan Spanje 1959 - Net finisht

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1940 - 15px 1e; winner 11e etappe. 1946 - 2e; winner 4e, 13e en 14e etappe. 1947 - 15px 1e; winner 4e, 8ste en de 16e etappe 1948 - Net finisht; winner 16e en de 17e etappe. 1949 - 15px 1e; winner 4e, 11e en de 17e etappe 1950 - Net finisht 1951 - 4e; winner 6e en de 18e etappe 1952 - 15px 1e; winner 5e, 11e en de 14e etappe 1953 - 15px 1e; winner 4e, 19e en 20ste etappe 1954 - 4e; winner 20ste etappe 1955 - 2e; winner 20ste etappe 1956 - Net finisht 1958 - 32e;

Ploegen 1938–1939 - Dopolavoro Tortona 1939–1942 - Legnano 1945 - Cicli Nulli Roma 1945–1955 - Bianchi 1956–1957 - Carpano 1958 - Bianchi 1959 - Tricofilina

Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Piëmonteesk persoan Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 1960