Felice Gimondi (Sedrina, 29 septimber 1942 - Giardini-Naxos 16 augustus 2019) wie in Italjaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Itaalje. Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Frankryk en ien kear de Omgong fan Spanje. Dermei is Gimondy ien fan de hurdfytsers dy't alle trije de grutte omgongen wûn hat.

Kariêrre De yn Sedrina by Bergamo berne Gimondi wie as amateur al in fertsjinstlik hurdfytser, mei ûnder mear winst yn de Omgong fan de Takomst. Hy bruts folslein troch yn syn debútjier by de profs yn 1965 doe't er as debutant de Omgong fan Frankryk op syn namme skreau. Twa jier letter wûn Gimondi de Omgong fan Itaalje, eat dat er yn 1969 en 1976 werhelje koe. Yn 1968 wûn er ek de Omgong fan Spanje, wêrmei 't er ien fan de hurdfytsers is dy 't alle trije de Grutte Omgongen wûn hawwe. De oaren binne Jacques Anquetil, Eddy Merckx, Bernard Hinault, Alberto Contador, Vincenzo Nibali en Chris Froome. Gimondi einige alle fiif kearen dat er meidie oan de Omgong fan Frankryk yn de top tsien. Syn leechste klassearring yn de Toer wie in sânde plak en hy wûn yn totaal sân etappes yn de Omgong fan Frankryk.

Gimondi ried net allinnich sterk yn de grutte omgongen, mar hy wie ek in spesjalist yn iendeistige wedstriden. Sa wûn er twa kear de Omgong fan Lombardije (1966 en 1973). Parys-Roubaix (1966) en Milaan-San Remo (1974) skreau er ien kear op syn namme. Yn 1973 waard Gimondi wrâldkampioen.

Felice Gimondi ferstoar yn 2019 yn de âldens fan 76 jier oan in hertoanfal by it swimmen yn see foar de eastkust fan Sisylje.

Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1965 - 15px 1e; winner 3e, 18e en de 22ste etappe. 1967 - 7e; winner 10e en de 20ste etappe. 1969 - 4e; winner 12e etappe 1972 - 2e; 1975 - 3e; winner 10e etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1968 - 15px 1e; winner 17e etappe

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1965 - 3e; 1966 - 5e; winner 20ste etappe 1967 - 15pxFanwegen ûnregelmjittichheden by de wedstriid is etappe 19 skrast út de útslaggen en klasseminten, dit wie de etappe dy't wûn waard troch Felice Gimondi. 1968 - 3e; winner 16e etappe 1969 - 15px 1e; 1970 - 2e; 1971 - 7e; winner 7e en de 18e etappe. 1972 - 8e; 1973 - 2e; winner 16e etappe. 1974 - 3e; 1975 - 3e; 1976 - 15px winner 21ste etappe. 1977 - 15e; 1978 - 11e;

Ploegen 1965–1972 - Salvarani 1973–1979 - Bianchi

Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Winner fan de Omgong fan Spanje Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2019