De oblast Sverdlovsk (Russysk: Свердловская область; Sverdlovskaja oblast) is in oblast yn 'e Russyske Federaasje. Oars as de haadstêd Jekaterineburch hold de oblast de namme út de tiid fan de Sovjet-Uny. It is de oblast mei it heechste ynwennertal fan it Aziatyske diel fan Ruslân.

Geografy thumb|left|250px|Konzjakovski Kamen De oblast grinzget oan de oblasten Koergan, Tsjeljabinsk en Tjûmen, de kraj Perm, de autonome republiken Komy en Basjkortostan en oan it autonome distrikt Chanto-Mansje.

De oblast leit foar in grut part oan de eastlike hellings fan de Oeral en giet op it West-Sybearyske leechlân oer. De heechste bergen binne de Konzjakovski Kamen (1569 meter) en Denezjkin Kamen (1492 meter). It midden fan de oeral is mei hichten fan 300 oant 500 meter mear heuveleftich sûnder berchtoppen.

Wichtige rivieren binde de Tavda en de Toera, dy't alletwa útmûnje op de Ob, en de Tsjûsovaja en de Ufa, dy't útmûnje op de Kama.

It klimaat is in lânklimaat mei kâlde winters en koarte, waarme simmers. De trochsneed temperatuer ferskilt winterdeis fan -15 °C oant -20 °C mei ekstremen oan -35 °C; yn it ferline waarden ek temperatueren leger as -45 °C metten. Simmerdeis is de trochsneedtemperatuer oant 19 °C, útsjitters nei boppe de 30 °C binne net seldsum.

Skiednis It gebiet waard tsjin it ein fan de 16e iuw troch Ruslân kolonisearre. Yn 1598 waard Verchoturje as ien fan de earste stêden oan de oare kant fan de Oeral stifte. De stifting fan de haadstêd Jekaterineburch folge yn 1723. Sûnt 1708 hearde it gebiet by it nije gûvernemint Sibearje. Tusken 1781 en 1919 foel it gebiet fan de hjoeddeiske oblast yn it gûvernemint Perm. Op 15 july ûntstie it gûvernemint Jekaterineburch út de eastlik fan de Oeral lizzende dielen fan it gûvernemint Perm. Tusken 1923 en 1934 lei de oblast yn it yn 1923 stifte oblast Oeral. Yn 1934 waard de oblast Sverdlovsk stifte en dy bestiet sûnt sûnder fierdere grinsferoarings noch jimmeroan.

Ekonomy De oblast is ryk oan boaiemskatten lykas goud, platina en in soad oare metalen. Mynbou, masjinebou en metaalferwurking binne de belangrykste ekonomyske sektoaren.

Bestjoersyndieling en stêden thumb|260px|Jekaterineburch thumb|260px|Nizjni Tagil thumb|260px|Brêge yn Kamensk thumb|260px|Serov De oblast is yn 68 stedsdistrikten en fiif rajons ûnderferdield. Njonken de haadstêd Jekaterineburch binne der noch trije oare grutte stêden mei mear as 100.000 ynwenners (2022): Nizjni Tagil, Kamensk-Uralski en Pervo-oeralsk. Meiïnoar binne der yn de oblast 47 stêden en 27 plakken mei in stedsk karakter.

+ Grutte stêden Stêd Namme Wapen Ynwenners Lokaasje Jekaterineburch Екатеринбург 1.493.600 (2022) 40px Nizjni Tagil Нижний Тагил 344.656 (2021) 40px Kamensk-Oeralski Каменск-Уральский 163.990 (2021) 40px Pervo-oeralsk Первоуральск 119.365 (2021) 40px Serov Серов 95.141 (2021) 40px Novo-oeralsk Новоуральск 79.638 (2022) 40px Asbest Асбест 62.285 (2021) 40px Polevskoi Полевской 60.012 (2021) 40px Revda Ревда 60.761 (2022) 40px Verchnjaja Pysjma Верхняя Пышма 74.262 (2022) 40px Krasnotûrjinsk Краснотурьинск 55.910 (2021) 40px Berjosovski Берёзовский 60.334 (2021) 40px . Lesnoi Лесной 49.259 (2021) 40px

Befolkingsferrin Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 1.716.000 2.511.309 4.044.416 4.319.74 4.454.508 4.706.763 4.486.214 4.264.340

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934