Finn (earder FN-2187) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Hy waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. De negroïde Finn is oarspronklik in stoarmtroeper fan 'e Earste Oarder. Ut wjersin tsjin 'e oarlochsmisdieden dy't de stoarmtroepers begeane, desertearret er, wêrnei't er belutsen rekket by it Ferset. It personaazje fan Finn waard yn alle trije films fertolke troch de Ingelske akteur John Boyega, foar wa't it in trochbraakrol wie.
Fiktive biografy Yn The Force Awakens Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Finn yntrodusearre as stoarmtroeper FN-2187 fan 'e Earste Oarder. Dat is in ekstremistyske organisaasje en separatistysk steatsferbân gearklofte út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk. FN-2187 is as lyts jonkje troch slavehellers stellen fan syn âldelju en trochferkocht oan 'e Earste Oarder, dy't in net te sêdzjen ferlet fan nije soldaten hat. Hy tsjinnet ûnder de ûnmeilydsume kaptein Phasma en is salang't er wit traind om in effektyf, trou en genedeleas militêr te wêzen.
Nettsjinsteande dat kin FN-2187 it net goedkrije as syn ienheid de Sith-ridder Kylo Ren ûnderstypje moat by in oerfal op in freedsume delsetting op 'e woastynplaneet Jakku, en dêre oardere wurdt om alle doarpelingen ôf te slachtsjen. Wylst de oare stoarmtroepers in bloedbad oanrjochtsje, komt FN-2187 yn gewisseneed en lost gjin skot. Dêrfoar wurdt er neitiid, as se wer oan board binne fan it stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder dat yn in baan om 'e planeet rûntsjedraait, bestraft troch kaptein Phasma. Dyselde oarderet him ek om himsels op te jaan foar werkondisjonearring. Ynstee beslút FN-2187 te desertearjen. Dêrfoar hat er lykwols ferlet fan in piloat.
Sadwaande befrijt FN-2187 de troch Kylo Ren yn it útmoarde doarp finzen nommen Poe Dameron, in piloat fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder, dy't him de namme 'Finn' jout op basis fan 'e letter FN út syn stoarmtroeperoantsjutting. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft. Hy ûntdocht him fan syn wite stoarmtroeperwapenris en klaait him yn in jas fan Dameron, wêrnei't er in paad troch de woastyn siket om úteinlik út te kommen by de Foarpost Niima.
Dêre komt Finn de jonge rommelsykster Rey en Dameron syn bolfoarmige robot BB-8 tsjin, dy't Dameron foar syn finzenname fuortstjoerd hie mei ynformaasje fan krúsjaal belang foar it Ferset. De robot ken syn jas werom as Dameron sines, en Finn leit út dat Dameron dea is. Hy hâldt út dat er sels in lid fan it Ferset is. Mei't er de wyt-mei-oranje robot weromken út 'e ferhalen fan Dameron, beseft er dat BB-8 ynformaasje fan ûnskatbere wearde by him draacht. Hy biedt oan om 'e robot werom te bringen nei it Ferset, benammen om't er sels in manear siket om fan 'e planeet ôf te kommen. As de Foarpost Niima út 'e loft wei besketten wurdt troch in twatal TIE-jagers dy't Finn syn oanwêzigens dêr fêststeld hawwe, stelle hy, Rey en BB-8 in âld romteskip fan it pleatslike ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt. Dat skip blykt de Millennium Falcon te wêzen, it legindaryske romteskip fan smokkelder en held fan it âlde Rebelleferbûn Han Solo.
Rey is in earsten piloat en wit mei Finn as boardskutter nei in spektakulêre efterfolging mei de TIE-jagers ôf te weven. Dêrnei ferlitte se de planeet Jakku om BB-8 werom te bringen by it Ferset, dat in basis hat op 'e planeet D'Qar, yn it planetestelsel Ileenium. Se hawwe Jakku lykwols noch mar kwealk efter har litten as de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen. De Millennium Falcon is fan harren stellen om dêrnei troch ferskate hannen te gean en úteinlik by Unkar Plutt te bedarjen. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, mar dat komt der net fan as syn frachtskip binnenkrongen wurdt troch twa ûnderskate groepen kriminelen dy't er jild skuldich is. Nei in konfrontaasje naaie Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 út yn 'e Millennium Falcon.
Solo nimt Rey, Finn en BB-8 mei nei de planeet Takodana, dêr't er harren yn 'e kunde bringt mei Maz Kanata, in mear as tûzen jier âlde, bûtenierdske útbaatster fan in kroech yn 'e ruïne fan in âld kastiel. Hja hat konneksjes mei it Ferset en biedt oan om BB-8 te helpen en kear werom nei de fersetsbasis op D'Qar. Nei't Solo him ynflústere hat dat froulju altyd efter de wierheid komme, bychtet Finn oan Rey op dat er gjin fersetsman is, mar inkeld in deserteur. Holpen troch Maz Kanata makket er plannen om op it skip fan guon besikers fan 'e kroech nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te reizgjen om dêr wei te wurden. Hy stiet op it punt om fuort, mar betinkt him op it lêste momint. Fan Maz kriget er de ljochtsabel tastoppe dy't fan Jedi-master Luke Skywalker west hat, en noch earder fan Luke syn heit Anakin Skywalker, om it wapen troch te jaan oan Rey wannear't sy dêr klear foar is.
Kylo Ren arrivearret mei syn stoarmtroepers op Takodana, mei't de oankomst fan 'e Millennium Falcon dêre oan harren rapportearre is troch in spion, Bazine Netal, dy't as klant yn 'e kroech fan Maz Kanata tahâldt. De TIE-jagers fan 'e Earste Oarder meitsje de kastielruïne frijwol mei de grûn lyk, en nei in fjoergefjocht mei de stoarmtroepers moatte Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 harren oerjaan. Underwilens hat Kylo yn it wâld Rey opspoard en oermastere. Poe Dameron, dy't by de needlâning op Jakku dochs net omkommen wie, liedt in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset, dêr't de stoarmtroepers troch op 'e flecht jage wurde. Finn en syn maten witte frij te kommen, mar de bewusteleaze Rey wurdt troch Kylo yn syn romtefear ûntfierd, ta grutte argewaasje fan Finn, dy't it barren sjocht, mar net tsjinhâlde kin.
Finn reizget mei de oaren nei de fersetsbasis op D'Qar, dêr't er de lieders fan it Ferset helpt by it plannen fan in militêre operaasje om it nije massaferneatigingswapen fan 'e Earste Oarder út te skeakeljen. Dat is de Stjerredeaderbasis, in planeet mei in ûndergrûnske basis foar de betsjinning fan sa'n ûnbidich grut superlaserkanon dat der hiele planetestelsels mei ferneatige wurde kinne. Finn, dy't as stoarmtroeper yn 'e Stjerredeaderbasis tsjinne hat, wiist de fersetslieders derop dat de termale ossilator it swakste punt fan 'e basis is. As se dy witte op te blazen, sil der in keatlingreäksje begjinne dy't de hiele planeet ferdylget. It probleem is allinnich dat de Stjerredeaderbasis omjûn wurdt troch in enerzjyskyld, sadat er foar de fersetslju ûnberikber is. Finn oppenearret dat er wit hoe't er it skyld útskeakelje moat, mar dêrfoar moat er der earst trochhinne sjen te kommen. Han Solo seit dat er dêr wol in foefke foar hat, mar wol dêr fierder net oer útwreidzje. Generaal Leia Organa, admiraal Gial Ackbar en de oare lieders fan it Ferset beslute om Finn der mei Solo yn 'e Millennium Falcon op út te stjoeren om it enerzjyskyld út te setten, wêrnei't Dameron en de oare piloaten fan it Ferset de termale ossilator bombardearje sille.
Solo syn 'foefke' blykt te wêzen dat it enerzjyskyld fan 'e Stjerredeaderbasis inkeld foarwerpen tsjinkeart dy't har fuortbewege mei in legere faasje as dy fan it ljocht. Hy brûkt dus flugger-as-ljochtreizgjen om troch it skyld te kommen, wêrby't er de Millennium Falcon op in hier nei tsjin it oerflak fan 'e Stjerredeaderbasis oan pankoeket. Hy, Chewbacca en Finn oerlibje it nauwerneed, mar witte harren skip oan 'e grûn te setten. Se ynfiltrearje de eigentlike basis, dy't yn it binnenste fan 'e planeet boud is. Dêr docht bliken dat Finn liigd hat: hy wit net hoe't er it skyld útsette moat en hat inkeld sein fan al om't er Rey rêde woe. De finingrike Rey is lykwols ûnderwilens ûntsnapt en jout har al rillegau by harren. Neitiid binne Finn, Rey en Chewbacca tsjûge fan 'e moard troch Kylo Ren op Han Solo, dy't syn eigen heit is.
As in breinroere Chewbacca op 'e dea fan syn freon reägearret troch in diel fan 'e Stjerredeaderbasis op te blazen mei earder oanbrochte eksplosiven, ûntkomme Rey en Finn mar nauwerneed nei it planeetoerflak ta. Underweis werom nei de Millennium Falcon wurde Finn en Rey op it planeetoerflak yn in wintersk nullewâld opwachte troch de ferwûne Kylo Ren. Finn besiket him te befjochtsjen mei de ljochtsabel fan Luke Skywalker, mar Kylo slacht him bewusteleas. Nei't Rey Kylo ferslein hat, rêdt Chewbacca har en de noch altyd bewusteleaze Finn, en mei-inoar ûntsnappe se yn 'e Millennium Falcon fan 'e Stjerredeaderbasis. Neitiid betteret Finn op 'e fersetsbasis op D'Qar op fan syn ferwûnings.
Yn The Last Jedi Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) ûntflechtet Finn mei de rest fan it Ferset de basis op D'Qar, wêrfan't de lokaasje by de Earste Oarder bekend wurden is. De fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de Fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder. Nei in oanfal fan TIE-jagers fan 'e Earste Oarder op 'e Fersetsfloat, wêrby't hast de hiele lieding fan it Ferset omkomt, nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer de fersetsfloat oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging minder-as-ljochtfaasje, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch syn branje hinne is.
Finn beslút dat it tiid is om út te piken, dat hy pakt syn spul en glûpt nei de rêdingskapsules. Krekt as er ynstappe wol yn ien dêrfan, wurdt er trappearre troch de monteur Rose Tico, dy't noch yn rou is oer it sneuveljen fan har âldere suster Paige yn 'e lêste konfrontaasje fan it Ferset mei de Earste Oarder by D'Qar. No is se by de rêdingskapsules op wacht set om deserteurs tsjin te kearen. Finn besiket har te mislieden oer syn bedoelings, mar Rose lit har net bedrage en skeakelet him út mei in stroomstjitwapen.
Nei dy minder as gâns ûnthjittende moeting reitsje Finn en Rose oan 'e praat en betinke se in plan om 'e Fersetsfloat te rêden. It apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, is mar op ien fan 'e stjerreslachskippen oanwêzich. Finn wit wêr't it is, en Rose kin it útsette. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat. In holografysk petear mei fersetssympatisante en horekaûndernimster Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Mei help fan kaptein Poe Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix pike Finn en Rose mei Dameron syn robot BB-8 út by de float wei en sette troch de hyperromte koers nei Canto Bight.