Jacques Anquetil (Mont-Saint-Aignan, 8 jannewaris 1934 - Rouen 18 novimber 1987) wie Frânsk hurdfytser en de earste dy't fiif kear winner fan de Omgong fan Frankryk waard. Dêrneist wûn hy twa kear de Omgong fan Itaalje en ien kear de Omgong fan Spanje. Dermei wie Anquetil ek de earste dy't alle de trije grutte omgongen wist te winnen.
De basis foar syn oerwiningen yn de Omgongen lei Anquetil foaral yn'e tiidritten, dat him de bynamme Monsieur Chrono oplevere. Yn 1952 waard er mei Alfred Tonello en Claude Rouer tredde yn de Lannen Dykwedstriid op de Olympyske Simmerspullen 1952 yn Helsinki. Yn juny 1956 fêstige er op de Velodromo Maspes-Vigorelli yn Milaan in wrâldoererekôr mei 46,159 km.
Dielnimming oan grutte omgongen 200px|thumb|right|200px|Jacques Anquetil yn 1967 Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1957 - 15px 1e; winner 3e, 9e, 15e en de 20ste etappe. 1958 - Net finisht 1959 - 3e; 1961 - 15px 1e; winner 1e en de 19e etappe. 1962 - 15px 1e; winner 8e en de 20ste etappe. 1963 - 15px 1e; winner 6e, 10e, 17e en de 19e etappe. 1964 - 15px 1e; winner 9e, 10e, 17e en de 22ste etappe 1966 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1962 - Net finisht 1963 - 15px 1e; winner 1e etappe.
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1959 - 2e; winner 2e en de 19e etappe. 1960 - 15px 1e; winner 9e en de 14e etappe. 1961 - 2e; winner 9e etappe 1964 - 15px 1e; winner 5e etappe 1966 - 3e; 1967 - 3e;
Ploegen 1950–1952 - AC Sottevillais 1953–1955 - La Perle 1956–1958 - Helyett 1959–1960 - Alcyon 1961–1964 - Saint-Raphaël 1965–1966 - Ford 1967–1969 - Bic
Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Frânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Winner fan de Omgong fan Spanje Kategory:Normandysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 1987