Star Wars: Episode VII – The Force Awakens is in Amerikaanske science fiction-film út 2015 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it sânde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is gronologysk it ferfolch op Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi út 1983, hoewol't de lêst makke foargeande film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wie, it lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Star Wars: Episode VII – The Foce Awakens wie de earste Star Wars-film dêr't Star Wars-betinker George Lucas net by belutsen wie. De film waard regissearre troch J.J. Abrams mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, John Boyega en Adam Driver. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VII – De Krêft Untwekket".

De film spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Ut 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk is de Earste Oarder opstien, dy't in nije diktatuer besiket te fêstigjen yn it Stjerrestelsel. Ferskate helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch en lieders fan it âlde Rebelleferbûn hawwe it Ferset oprjochte om dat tsjin te kearen. Luke Skywalker, de lêste Jedi, is lykwols weiwurden, en it Ferset is iverich nei him op 'e siik om him foar de nije striid te rekrutearjen. De Earste Oarder is dêrfan op 'e hichte en wol dy syktocht dwerseidzje. Op 'e planeet Jakku reitsje de rommelsykster Rey, de fersetspiloat Poe Dameron en syn robot BB-8 en de desertearre stoarmtroeper Finn behelle yn 'e syktocht en de nije boargeroarloch.

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't in protte resinsinten en bioskoopgongers it beskôgen as in remake fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De film ûntjoech him yn 'e bioskopen lykwols ta in aldertreflikst kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2015. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard nominearre foar fiif Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in Grammy Award, in BAFTA, acht Saturn Awards, fiif Empire Awards en ferskate oare prizen. It twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2017 yn 'e bioskoop ûnder de titel Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi.

Plot Hast tritich jier nei't it Rebelleferbûn de Galaktyske Boargeroarloch wûn en it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle, is út 'e restanten fan it Keizerryk de Earste Oarder gearklofte. Hoewol't dat in ekstremistyske organisaasje is dy't nearne foar tebekskrillet, mei as doel om 'e Nije Republyk te beëinigjen, wegeret de Galaktyske Senaat it as in serieuze bedriging te sjen. Ferskate âlde lieders fan it Rebelleferbûn en helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch, ûnder wa generaal Leia Organa, hawwe dêrom it Ferset oprjochte, dat de striid mei de Earste Oarder oanbynt. Underwilens is Leia har twillingbroer Luke Skywalker, de lêste Jedi, weiwurden. It Ferset is der alles oan gelegen om Luke te finen, mei't it ferlet hat fan syn stipe om 'e Earste Oarder te ferslaan.

Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Poe Dameron, de bêste piloat fan it Ferset, in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan Luke Skywalker op fermeld stiet. De Earste Oarder sit Dameron lykwols op 'e hakken, en foar't er mei de stjerrekaart fuortkomme kin, wurdt de delsetting dêr't Tekka wennet, oerfallen troch in ienheid stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma en de Sith-ridder Kylo Ren. Wylst Kylo persoanlik Tekka deadet en de stoarmtroepers befel jout it hiele doarp ôf te slachtsjen, ferberget Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn syn bolfoarmige robot BB-8, wêrnei't er dy fuortstjoert ear't er sels finzen nommen en ôffierd wurdt.

By in tsjerkhôf fan romteskippen midden yn 'e woastyn, in oerbliuwsel is fan 'e Slach by Jakku, it lêste grutte treffen tusken it Galaktysk Keizerryk en it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch, moetet BB-8 de rommelsykster Rey. Dyselde is op Jakku opgroeid en wegeret de planeet te ferlitten om't se tsjin betterwitten yn hopet op 'e weromkear fan har âlden, dy't yn in romteskip ôfset binne doe't se noch in lyts famke wie, en har dêrby efterlitten hawwe. Werom op in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder wurdt Dameron martele om te witten te kommen wêr't de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker bedarre is. Hy wegeret en doch de mûle iepen, mar troch de Krêft te brûken wit Kylo Ren neitiid dochs oan 'e weet te kommen dat er de ynformaasje oan BB-8 jûn hat.

Underwilens is ien fan 'e stoarmtroepers, FN-2187, ûntset oer it bloedbad dat syn maten yn it doarp op Jakku oanrjochte hawwe. Hy beslút te desertearjen, mar hat dêrfoar ferlet fan in piloat. Dêrom befrijt er Dameron, dy't him de namme 'Finn' jout. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft. Hy ûntdocht him fan syn wite stoarmtroeperwapenris en klaait him yn in jas fan Dameron, wêrnei't er in paad troch de woastyn siket om úteinlik út te kommen by de Foarpost Niima, deunby it romteskiptsjerkhôf.

Dêre komt Finn Rey en BB-8 tsjin. De robot ken syn jas werom as Dameron sines, en Finn leit út dat Dameron dea is. Hy hâldt út dat er sels in lid fan it Ferset is. Mei't er de wyt-mei-oranje bolfoarmige robot weromken út 'e ferhalen fan Dameron, beseft er dat BB-8 de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker befetsje moat. Hy biedt oan om BB-8 werom te bringen nei it Ferset, benammen om't er sels in manear siket om fan 'e planeet ôf te kommen. As de Foarpost Niima út 'e loft wei besketten wurdt troch in twatal TIE-jagers dy't Finn syn oanwêzigens dêr fêststeld hawwe, stelle hy, Rey en BB-8 in âld romteskip fan it pleatslike ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt. Dat skip blykt de Millennium Falcon te wêzen, it legindaryske romteskip fan smokkelder en held fan it Rebelleferbûn Han Solo.

Rey is in earsten piloat en wit mei Finn as boardskutter nei in spektakulêre efterfolging mei de TIE-jagers ôf te weven. Dêrnei ferlitte se de planeet Jakku om BB-8 werom te bringen by it Ferset, dat in basis hat op 'e planeet D'Qar, yn it planetestelsel Ileenium. Se binne lykwols noch mar kwealk fan Jakku ôf as de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen. De Millennium Falcon is fan harren stellen om dêrnei troch ferskate hannen te gean en úteinlik by Unkar Plutt te bedarjen. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, oant se him fertelle oer de ynformaasje dy't de robot befettet.

Ear't Solo beslute kin wat er no sil, wurdt it frachtskip intere troch twa ûnderskate groepen kriminelen, de Guavyske Deadsbinde fan Bala-Tik en de Kanjiklub fan Tasu Leech. Solo is jild skuldich oan allebeide, en se wolle dat er no ôfbetellet. Solo hat it jild lykwols stutsen yn 'e oankeap fan trije seldsume rathtars, gefaarlike, meunsterlike wêzens dy't er ôfleverje sil by kening Prana. As se foar it ferstân krije dat er it jild net beskikber hat, beslute de kriminelen der genoegen mei te nimmen om Solo dea te meitsjen. Rey besiket te helpen troch koartsluting te feroarsaakjen, mei as doel om 'e needdoarren tichtgean te litten en de kriminelen sa bûten te sluten. Ynstee geane lykwols de doarren iepen dêr't de rathtars efter finzen holden wurde. De meunsters falle de kriminelen oan en lûke dêrby in spoar fan dea en ferdjer troch it frachtskip. Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 pike ûnderwilens út yn 'e Millennium Falcon.

Kylo Ren en syn manskippen binne yn 'e tuskentiid weromkeard nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder. Dat is in planeet dy't omboud is ta in Deadsstjer-eftich massaferneatigingswapen, mar dan op folle gruttere skaal. As generaal Hux, de kommandant fan 'e basis, en Kylo foar in yn holografyske foarm oanwêzige opperste lieder Snoke komme moatte, de stifter fan 'e Earste Oarder, jout dyselde oan Hux befel om te risselwearjen foar it earste ynsetten fan 'e Stjerredeaderbasis tsjin 'e Nije Republyk. Snoke befreget it fermogen fan Kylo om syn gefoelens oangeande syn heit lytsman te krijen, mar Kylo hâldt út dat Han Solo neat foar him betsjut.

Oan board fan 'e Millennium Falcon lit BB-8 de oaren foar it earst de stjerrekaart sjen dy't Dameron him jûn hat. Solo stelt fêst dat it mar in diel fan in gruttere kaart is en dêrom op himsels nutteleas. Oan Rey en Finn leit er út dat Luke Skywalker nei de oerwinning op it Galaktysk Keizerryk úteinset wie mei it wer opbouwen fan 'e Jedi Oarder. Mar doe't ien fan syn learlingen himsels ferliede liet ta de tsjustere kant fan de Krêft, de nije timpel ferneatige en syn mei-learlingen ôfslachte, rekkene Luke himsels dat bot oan en gied er yn selsopleine ballingskip.

Solo nimt Rey, Finn en BB-8 mei nei de planeet Takodana, dêr't er harren yn 'e kunde bringt mei Maz Kanata, in mear as tûzen jier âlde, bûtenierdske útbaatster fan in kroech yn 'e ruïne fan in âld kastiel. Hja hat konneksjes mei it Ferset en biedt oan om BB-8 te helpen en kear werom nei de fersetsbasis op D'Qar. Finn bychtet oan Rey op dat er gjin fersetsman is mar inkeld in deserteur. Hy makket plannen om op it skip fan guon besikers fan 'e kroech nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te reizgjen om dêr wei te wurden. Rey wurdt ûnderwilens troch de Krêft nei de kelder fan it gebou lutsen, dêr't se yn in berging de ljochtsabel fynt dy't foarhinne fan Luke wie, en noch earder fan Luke syn heit, Anakin Skywalker. Se ûndergiet ûntrêstgjende fizioenen út it ferline en de takomst, en as Maz har neitiid de ljochtsabel kado dwaan wol, rekket se yn panyk en flechtet se it omlizzende wâld yn. Maz jout it wapen dan ynstee oan Finn, om it troch te jaan oan Rey as hja der klear foar is.

Underwilens wurdt de skriklike ferneatigjende macht fan 'e Stjerredeaderbasis foar it earst yn 'e praktyk brocht as de Earste Oarder it hiele planetestelsel fan Hosnian-Primus ferdylget, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit is fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat. Dêrmei wurdt ek de float fan 'e Nije Republyk ferneatige, sadat it iennichste dat noch tusken de Earste Oarder en folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsle yn stiet, it Ferset is.

Fuort letter arrivearret Kylo Ren mei syn stoarmtroepers op Takodana, mei't de oankomst fan 'e Millennium Falcon dêre oan harren rapportearre is troch in spion, Bazine Netal, dy't as klant yn 'e kroech fan Maz Kanata tahâldt. De TIE-jagers fan 'e Earste Oarder meitsje de kastielruïne frijwol mei de grûn lyk, en nei in fjoergefjocht mei de Stoarmtroepers moatte Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 harren oerjaan. Underwilens hat Kylo yn it wâld Rey opspoard en oermastere. Mei de Krêft wurdt er út har geast gewaar dat se de stjerrekaart sjoen hat dy't de Earste Oarder siket. Hy beslút dêrop dat se de robot net mear nedich binne. Poe Dameron, dy't by de needlâning op Jakku dochs net omkommen wie, liedt in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset, dêr't de stoarmtroepers troch op 'e flecht jage wurde. Solo en de oaren witte frij te kommen, mar de bewusteleaze Rey wurdt troch Kylo yn syn romtefear ûntfierd, ta grutte argewaasje fan Finn, dy't it barren sjocht, mar net tsjinhâlde kin. As de kust feilich is, arrivearret op Takodana in frachtskip fan it Ferset, mei û.o. de androïde C-3PO en generaal Leia Organa. Solo en Leia wurde nei jierren fan ferfrjemding weriene en út harren petear komt oan it ljocht dat de ta it kwea ferfallen learling fan Luke Skywalker harren soan Ben Solo is, dy't himsels neitiid Kylo Ren begûn is te neamen.