De gemeente Utertske Heuvelrêch (Nederlânsk en offisjeel: Utrechtse Heuvelrug) is in gemeente yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Utert. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2006 nei in fúzje fan de eardere gemeenten Amerongen, Doorn, Driebergen-Rijsenburg, Leersum en Maarn. De gemeente hat ynwenners (, boarne: CBS).

In grut part fan nasjonaal park Utertske Heuvelrêch leit yn de gemeente, dêr't de namme fan de gemeente weikomt.

De gemeente gringet, mei de klok mei, yn it noarden oan Woudenberg, yn it noardeasten oan Renswoude, yn it easten oan Veenendaal, yn it súdeasten Rhenen, yn it suden oan Buren, yn it súdwesten oan Wyk by Duerstêd, yn it westen oan Bunnik en yn it noardwesten oan Seist.

Kearnen De gemeente bestiet hat sân offisjele kearnen, dêr't Driebergen-Rijsenburg de grutste fan is. It gemeentehûs stiet yn Doarn.

Doarpen Wenkearn YnwennersSintraal Buro foar de Statistyk Amerongen 5.420 Doarn 10.260 Driebergen-Rijsenburg 18.985 Leersum 7.675 Maarn 4.765 Maarsbergen 1.285 Overberg 1.570

Oare plakken en buorskippen Njonken dy offisjele kearnen binne der yn de gemeente de folgjende buorskippen en oare plakken: Boswijk, Breedeveen, Beerschoten, Darthuizen, Driebergen, Dwarsweg, De Groep, De Haar, De Krim, Haagje, Haspel, Palmstad, Rijsenburg, Sterkenburg en Valkenheide.

500px|thumb|left|Topografyske gemeentekaart fan de gemeente Utertske Heuvelrêch

Keppeling om utens Offisjele webside fan de gemeente

Kategory:Utertske Heuvelrêch (streek) Kategory:Gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2006