Gustaaf Willem baron van der Feltz (Arnhim, 18 desimber 1853 - Assen, 16 jannewaris 1928) wie in Nederlânske politikus.
Wurkpaad Van der Feltz wie in frijsinnich-demokratysk Earste Keamerlid út Assen, de earste foar dy partij. Hy wie de heit fan W.F.E. baron van der Feltz, de neef fan Twadde Keamerlid W.A. van der Feltz en de skoansoan fan Alexander de Savornin Lohman. Yn Assen wie er abbekaat en letter griffier fan de Steaten fan Drinte. Hy wie in betûft jurist, dy 't diel útmakke fan de Steatskommisje-Heemskerk oer de Grûnwetswizening. Sawol maatskiplik as yn de Senaat wie er tige aktyf op in protte terreinen. Hy sette him benammen yn foar de reklassearring fan jonge detinearden.
Njonkenfunksjes lid Ried fan kommissarissen Financieele Maatschappij voor Canada lid Ried fan kommissarissen Algemeene Maatschappij voor Levensverzekering en Lijfrente
Kategory:VDB-politikus Kategory:LSP/Vrijheidsbond-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânske adel Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1853 Kategory:Persoan stoarn yn 1928