Dancing Queen is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 4–5 augustus 1975 yn de Glen Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Arrival út 1976. Dancing Queen wie it twadde nûmer op it album en waard op 15 augustus 1976 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer By it opnimmen fan de demo, dy 't as wurktitel Boogaloo meikrige, lieten Benny Andersson en Björn Ulvaeus har ynspirearje troch it dûnsritme fan George McCraes disco-klassieker Rock Your Baby en it drumritme fan it Dr. Johns album Dr.John's Gumbo. Dancing Queen waard in wrâldwiid sukses. It nûmer behelle yn 15 lannen it nûmer 1-plak.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Rutger Gunnarsson - Bas Roger Palm - Drums
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1976 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet