Money, Money, Money is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 17 maaie 1976 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Arrival út 1976. Money, Money, Money wie it sechsde nûmer op it album en waard op 1 novimber 1976 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer Money, Money, Money, waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus, it nûmer wurdt songen út it eachpunt fan in frou dy't nettsjinsteande hurd wurkjen hast net rûnkomme kin en dêrom nei in begoedige man langet. Money, Money, Money, wie de twadde wrâldwide hit fan it album Arrival.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Anders Glenmark - Gitaar
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1976 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet