Knowing Me, Knowing You is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 23 maart 1976 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Arrival út 1976. Knowing Me, Knowing You wie it fiifde nûmer op it album en waard op 14 febrewaris 1977 útbrocht as tredde single fan it album.
Oer it nûmer Knowing Me, Knowing You waard skreaun troch Benny Andersson, Björn Ulvaeus en manager Stig Anderson en is it earste nûmer fan ABBA wêryn't it dúdlik giet oer it ferbrekken fan in relaasje. Knowing Me, Knowing You wie de tredde wrâldwide hit fan it album Arrival en stie yn fiif lannen op nûmer ien yn de hitlisten.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Rutger Gunnarsson - Bas & Strykynstruminten
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1977 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet