The Name of the Game is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 31 maaie 1977 yn de Marcus Music Studios yn Stockholm en útbrocht op it album ABBA: The Album út 1977. The Name of the Game wie it fjirde nûmer op it album en waard op 17 oktober 1977 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer The Name of the Game hie earst de titel A Bit of Myself en wie it earste nûmer dat opnaam waard foar ABBA:The Album. Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad songen beiden, mar hiene alle twa ek in solo yn it nûmer. In betide ferzje fan The Name of the Game waard ferwurke yn de film ABBA: The Movie út 1977. It nûmer wie doe noch net ôf, mar waard om dy reden útjûn as earste single fan it album yn oktober 1977. The Name of the Game giet oer in frou dy't fereale is en witte wol wat de man der fan tinkt. Se freget him oft it ek wat foar him betsjut, omdat sy der fan oplibbet by him yn de buert te wêzen.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Lasse Wellander - Gitaar Rutger Gunnarsson - Bas Ola Brunkert - Drums
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1977 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet