De oblast Ivanovo (Russysk: Ивановская область; Ivanovskaja oblast) is in oblast yn it Europeeske diel fan Ruslân.

Skiednis De oblast is ien fan de gebieten dy't it langst troch Russen bewenne wurdt en in pear stêden datearje út de tiid fan de 13e iuw.

Yn 1929 ûnstie de folle gruttere yndustry-oblast Ivanovo. Dy oblast waard yn 1936 opdield yn de oblasten Jaroslavl en Ivanovo. Yn 1944 waarden fan de oblast Ivanovo nochris dielen ôfskuord foar de stifting fan de nije oblasten Kostroma en Vladimir.

Geografy De oblast leit likernôch 300 kilometer noardlik fan de haadstêd Moskou tusken de Wolga en de Kljazma yn it sintrale diel fan de Easteuropeeske Leechflakte. Yn de oblast streame likernôch 1.700 rivieren en rivierkes en der binne mear as 150 marren.

Ekonomy De oblast is relatyf earm. Oan it begjin fan de 19e iuw ûnstiene der tekstylfabriken, wêryn't de regio in liedende rol spile. Dêrom wurdt Ivanovo ek wol ferlike mei de Ingelske tekstylsintra Manchester en Liverpool. Noch jimmeroan is de tekstylyndustry wichtich foar de ekonomy, mar dêrnjonken is der ek in soad masjinebou en gemyske yndustry.

Bestjoersyndieling en stêden De oblast Ivanovo is ûnderferdield yn 21 rajons en 6 stedsdistrikten. De grutste stêd is it bestjoerssintrum Ivanovo. Meiïnoar binne der yn de oblast 17 stêden en 13 plakken mei in stedsk karakter.

+ Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners (2022) Ynwennertallen ôfkomstich fan de Russysktalige lemma's (oproppen 5 juny 2022) Wapen Lokaasje Ivanovo Иваново 399.983 40px Kinesjma Кинешма 79.936 40px Sjûja Шуя 56.041 40px Vitsjûga Вичуга 32.971 40px Fûrmanov Фурманов 32.855 40px Teikovo Тейково 31.623 40px

Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Befolking 1.195.804 2.649.429 1.322.152 1.339.110 1.323.852 1.313.627 1.148.329 976.918

Klimaat It klimaat fan de oblast is tuskenbeide kontinintaal. De simmers binne relatyf waarm, wylst winters kâld en snieryk binne. De kâldste moanne is jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan -12 graden Selsius. July is de waarmste moanne mei in trochsneed temperatuer fan + 18 graden Selsius.

Ofbylden

Kategory:Ivanovo (oblast) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1936