Mamma Mia is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 12 maart 1975 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album ABBA út 1975. Mamma Mia wie it earste nûmer op it album en waard yn septimber 1975 útbrocht as sechsde single fan it album.

Oer it nûmer Mamma Mia is skreaun troch Benny Andersson, Björn Ulvaeus en Stig Anderson en is opnaam yn de Metronome Studios yn Stockholm. It kenmerkjende lûd oan it begjin fan it nûmer is de Marimba bespile troch Benny Andersson. ABBA hie yn earste ynstânsje net it plan op Mamma mia út te bringen as single. Mar doe't I Do, I Do, I Do, I Do, I Do 3 wiken lang op nûmer 1 stie yn Australië, rôp it publyk om mear ABBA. Mamma Mia waard yn septimber 1975 wrâldwiid op single útbrocht, en stjitte yn Ingelân de Bohemian Rhapsody fan Queen fan de nûmer 1 posysje.

Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang, Piano, Marimba, Hammond oargel

Gastmuzikanten Janne Schaffer - Gitaar Mike Watson - Bas Roger Palm - Drums

A-Teens ferzje

Yn 1999 brocht de Sweedske Berne-popgroep A-Teens it album The ABBA Generation út mei derop covers van ABBA. Mamma Mia wie it earste nûmer op it album en waard op 30 april 1999 as earste single fan it album útbrocht. En scoorden mei dizze cover in beskieden ynternasjonale hit en behellen yn Denemark en Sweden de nûmer 1 posysje.

Muzikanten Anneli Axon Anders Barrén Tee Image Ronald Malmberg Annika Sjölin Katarina Sjölin

Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1975 Kategory:Single út 1999 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet