Fernando is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Anni-Frid Lyngstad yn 1975 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Frida ensam út 1975. Fernando wie it earste nûmer op it album en waard op 10 novimber 1975 útbrocht as single.
Oer it nûmer De tekst fan Fernando is skreaun troch Stig Anderson; it liet waard yn Noarwegen as single útbrocht mar helle dêr de hitlisten net. Wa't yn Sweden it nûmer ha woe moast it folsleine album keapje. Fernando giet oer ien dy't de djipdrôve Fernando besiket te treasten, dy't syn grutte leafde ferlern hat.
Muzikanten Anni-Frid Lyngstad – Sang
Gastmuzikanten Benny Andersson – Toetsen Björn Ulvaeus – Gitaar Lasse Wellander - Gitaar Janne Kling - Fluit Rutger Gunnarsson - Bas Ola Brunkert - Drums
Ingelsktalige ferzje ABBA
Nei it sukses fan Anni-Frid Lyngstad mei it nûmer yn 1975, brocht ABBA yn 1976 in Ingelsktalige ferzje út fan Fernando. De Ingelske ferzje, mei folslein oare tekst skreaun troch Björn Ulvaeus, giet oer twa feteranen dy't op hege jierren oantinkens ophelje oan in gefjocht, dêr't se lang lyn oan meidiene. It nûmer is ien fan de grutste hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits út 1976.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Lasse Wellander - Gitaar Janne Kling - Fluit Rutger Gunnarsson - Bas Ola Brunkert - Drums
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1975 Kategory:Single út 1976 Kategory:Popliet Kategory:Sweedsktalich liet Kategory:Ingelsktalich liet