Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith is in Amerikaanske science fiction-film út 2005 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it sechsde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace út 1999 en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 2002. Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Ewan McGregor, Natalie Portman en Hayden Christensen. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering III – Wraak fan 'e Sith".
De film spilet trije jier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e filmsearje. De Galaktyske Republyk is yn 'e Kloane-oarloggen ferwikkele mei de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, en de Jedi-ridders hawwe har ferspraat oer it Stjerrestelsel om yn 'e striid lieding te jaan oan it Grutte Leger fan 'e Republyk. Ien fan harren, Obi-Wan Kenobi, wurdt útstjoerd om generaal Grievous út 'e wei te romjen, dy't oan it haad stiet fan 'e androïdelegers fan 'e separatisten. Underwilens wurdt de jonge Jedi Anakin Skywalker tramtearre troch nachtmerjes wêryn't syn leafste, senator Padmé Amidala, yn it kreambêd ferstjert. Syn eangst om har te ferliezen jout kânselier Palpatine, dy't yn it geheim nimmen oars is as de boasaardige Sith-master Darth Sidious en de arsjitekt fan 'e oarloch, de kâns om him troch manipulaasje oer te heljen nei de tsjustere kant fan de Krêft.
Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2005 yn 'e Feriene Steaten en de op ien nei meast opbringende film fan it jier wrâldwiid. Yn 'e Skywalker Saga is it ferfolch op Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith de film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dat yn 2015 útkaam.
Plot Trije jier nei it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels binne de separatisten einlings en te'n lêsten weromkrongen nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel en rint de boargeroarloch op syn ein. De ûnmeilydsume generaal Grievous, de cyborg dy't it befel fiert oer de androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, hat yn in riskante wurp fan 'e dobbelstiennen it meastepart fan 'e striidkrêften dy't er noch oer hat, ynset foar in ferrassingsoanfal op 'e planeet Coruscant, de sit fan it regear fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby is Palpatine, de kânselier fan 'e Republyk, finzen nommen en oerbrocht nei it flaggeskip fan Grievous. Wylst yn 'e loft boppe en de romte om Coruscant hinne de striid noch yn al syn fûleindigens geande is, krije de Jedi-ridders Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker de opdracht om it flaggeskip te ynfiltrearjen en de kânselier te befrijen.
It slagget de beide Jedi en de robot R2-D2 (hoewol net sûnder muoite) om oan board fan it flaggeskip te kommen, dêr't Obi-Wan en Anakin al rillegau Palpatine weromfine en befrije. Se wurde lykwols opwachte troch de Sith-ridder greve Dooku, tsjin wa't se in gefjocht mei de ljochtsabels begjinne. Obi-Wan rekket al ier yn it gefjocht bewusteleas, mar Anakin wit Dooku te ûntwapenjen en oermânsk te wurden. Palpatine fiteret him oan om 'e no warleaze Dooku te deadzjen, en nei eefkes wifke te hawwen, jout Anakin ta oan syn hate foar syn fijân en ûnthalzet er Dooku mei syn ljochtsabel. Palpatine trunet Anakin ek oan om 'e bewusteleaze Obi-Wan oan syn lot oer te litten, mar dat wegeret de jonge Jedi. Mei Obi-Wan by harren besykje se fan it skip te ûntkommen, mar se wurde finzen nommen troch oarlochsandroïden en op 'e brêge fan it romteskip by generaal Grievous brocht. Anakin en de ûnderwilens wer by besleur kommen Obi-Wan, brekke los en weve handich ôf mei de oarlochsandroïden. Grievous sabotearret it dochs al skeinde skip fierder ear't er sels yn in rêdingskapsule ûntkomt. Mei help fan R2-D2 witte de beide Jedi it útinoar fallende flaggeskip op in lâningsbaan op Coruscant del te setten.
Op 'e fêste grûn wurdt Anakin weriene mei syn leafste, senator Padmé Amidala fan Naboo, mei wa't er trije jier earder yn it djipste geheim troud is (sjoch: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones). Hja moatte harren houlik ferbergje om't it oangean fan emosjonele ferbyntenissen foar Jedi strang ferbean is. Padmé fertelt Anakin dat se swier rekke is. Anakin is tige bliid mei dat nijs, hoewol't hy en Padmé allebeide beseffe dat dit it folle dreger meitsje sil om harren relaasje geheim te hâlden.
Dy nachts hat Anakin foar it earst in foarsizzende nachtmerje wêryn't Padmé yn it kreambêd komt te ferstjerren. Neitiid wurdt er allegeduerigen troch sokke fizioenen tramtearre. Hy giet nei de krapoan njoggenhûndert jier âlde master Yoda, dy't jildt as de wiiste fan alle Jedi, en seit tsjin him dat er foarsizzende dreamen hat wêryn't immen fan wa't er hâldt pine hat en stjert. Hy fertelt net dat it om Padmé giet, dat se troud binne of dat Padmé swier is fan syn bern. Yoda antwurdet dat Jedi har ûntdwaan moatte fan alle emosjonele bannen en dat er bliid wêze moatte soe as immen "ien wurdt mei de Krêft" (stjert). Dat is net it antwurd dat Anakin siket.
Troch de jierren hinne is Anakin befreone rekke mei kânselier Palpatine, dy't min ofte mear in heitefiguer foar him wurden is. Wat Anakin net wit, en hast nimmen net, is dat de freonlike en ynnimmende Palpatine eins in fasade is foar de persoan fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious, dy't út is op oerhearsking fan it Stjerrestelsel en him dêrby troch neat en nimmen tsjinhâlde lit. Hy hat syn learing, greve Dooku, ferret om't er it op Anakin foarsjoen hat om syn nije learling te wurden, mei't Anakin tige sterk yn 'e Krêft is. Troch jierren fan manipulaasje hat Palpatine in kleau iepene tusken Anakin en de Jedi Oarder.
Op inisjatyf fan Palpatine beslút de Galaktyske Senaat dat de kânselier (Palpatine dus) tenei in fertsjintwurdiger oanstelle mei yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. De Jedi, oanfierd troch Yoda en Mace Windu, moatte neat hawwe fan dy ynminging yn harren oangelegenheden. Se mistrouwe Palpatine dochs al, mei't de kânselier troch gebrûk te meitsjen fan mesken yn 'e wet yn funksje bleaun is lang nei't syn eigentlike terminen foarby binne, en om't er him ûnder it mom fan 'e oanhâldende Separatistyske Krisis almar mear macht en foech ta-eigenet, wêrfan't de Jedi fermoedzje dat er it net wer frijwillich ôfstean sil.
Om 'e kleau tusken Anakin en de Jedi noch wider te meitsjen, beneamt Palpatine Anakin ta syn fertsjintwurdiger yn Hege Jedi Ried. De oare leden fan 'e Ried beslute dêrop om 'e oanwêzigens fan Anakin by harren rieplachtings ta te stean, mar him de rang fan Jedi-master foarearst te ûnthâlden, wat betsjut dat er inkeld in waarnimmer sûnder stimrjocht wêze sil. Anakin is poer as him dat beslút oansein wurdt. Wannear't de Hege Jedi Ried letter wol dat er foar harren Palpatine bespionearret, ferliest er it meastepart fan syn fertrouwen yn 'e lieding fan 'e Jedi Oarder.
Underwilens ferriedt Palpatine oan 'e Jedi dat generaal Grievous beskûl socht hat op 'e planeet Utapau, en de Hege Jedi Ried nimt it foarsisbere beslút om Obi-Wan dêrhinne te stjoeren mei de opdracht om 'e fijannige lieder te eliminearjen. Dat wie Palpatine syn hiele opset, want mei Obi-Wan út 'e wei hat er frij spul om Anakin fierder te manipulearjen. Hoewol't Anakin fan miening is dat hy mei syn eardere master gean moatte soe, wolle de oare leden fan 'e Ried dêr neat fan witte, om't it neffens harren folle wichtiger is dat immen Palpatine syn dwaan en litten yn 'e rekken hâldt. De ynvaazje dy't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels op Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, úteinset is, moat ek tsjinkeard wurde. Mei't de Jedi troch harren ynset yn 'e boargeroarloch alhiel fersille rekke binne oer it Stjerrestelsel, beslút Yoda om sels it befel oer in ienheid kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk te nimmen en nei Kashyyyk ôf te reizgjen.
Palpatine, dy't weet hat fan it houlik fan Anakin en Padmé en teffens fan 'e foarsizzende dreamen fan Anakin, bringt de jonge Jedi yn ferlieding mei in ferhaal oer de Sith-master Darth Plagueis, dy't troch syn kunde fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft sa machtich wie, dat er foarkomme koe dat minsken stoaren. Op Utapau kringt Obi-Wan it grottestelsel binnen dêr't generaal Grievous him ophâldt. Wylst in ôfdieling kloansoldaten de oarlochsandroïden te liif giet, bynt Obi-Wan de striid oan mei Grievous sels, dy't fjouwer earms hat en dêrom fjouwer ljochtsabels hantearje kin. Nettsjinsteande dat wit Obi-Wan him lang om let te oerwinnen troch mei in ploffer syn hert oan grôt te sjitten, wat ien fan 'e iennichste lichemsdielen fan 'e cyborg is dy't net ferfongen is troch in masinepart.
Nei't Palpatine Anakin in skoft oer it ferhaal fan Darth Plagueis neiprakkesearje litten hat, fertelt er him by in oare gelegenheid dat er Darth Sidious is en biedt er oan om Anakin te learen hoe't er it ferstjerren fan Padmé foarkomme kin. Anakin stiet raar yn twastriid, mar giet nei Mace Windu ta om te fertellen dat Palpatine de Sith-master is dy't efter de oarloch sit. Windu priizget Anakin foar syn trou, mar hjit him om him fierder net mei de saak te bemuoien. Mei trije oare masters fan 'e Hege Jedi Ried, de Nautolaan Kit Fisto, de Iktotchi Saesee Tiin en de Zabrak Agen Kolar, bejout Windu him nei it kantoar fan 'e kânselier om Palpatine te arrestearjen. Dyselde wegeret dêr fansels oan mei te wurkjen en hellet in ljochtsabel te foarskyn. Yn it folgjende gefjocht deadet Palpatine al yn 'e earste pear sekonden Kolar en Tiin, wylst Fisto it mar kwealk langer tsjin him úthâldt. Dêrnei is it in duël fan man tsjin man mei Windu. As dyselde him oermânsk driget te wurden, falt Palpatine him oan mei Krêftwjerljocht. Windu blaast dat lykwols werom yn syn eigen gesicht, sadat de kânselier bliuwend misfoarme rekket. Op 't langelêst wit Windu Palpatine te oermasterjen.
Op dat stuit arrivearret Anakin, dy't Windu syn eardere opdracht yn 'e wyn slein hat. Hy pleitet by Windu foar it sparjen fan it libben fan Palpatine, mei't er leaut dat dyselde de iennichste is dy't Padmé har libben rêde kin. Windu antwurdet lykwols dat de Sith-master te gefaarlik is om yn libben te litten en risselwearret om him stânrjochtlik te eksekutearjen. Dan lûkt Anakin syn ljochtsabel en ûntwapenet Windu troch him de hân ôf te slaan. Palpatine folteret dêrop syn fijân mei Krêftwjerljocht foar't er him út it finster smyt, sadat er te pletter falt. Neitiid swart Anakin trou oan 'e Sith, en Palpatine slacht him ta ridder ûnder de nije namme Darth Vader.
De earste opdracht dy't Vader fan syn nije master kriget, is om mei kloansoldaten fan it 501e Legioen nei de Jedi Timpel te gean, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, om dêr alle oanwêzige Jedi út 'e wei te romjen. Vader docht dat en rûget dêrby eigenhandich de jonge, mei gefoeligens foar de Krêft bejeftige jonge bern út, dy't beskûl sykje yn 'e riedskeamer fan 'e Hege Jedi Ried. Dêrnei hjit Palpatine him om nei de planeet Mustafar te reizgjen, dêr't Grievous foar syn dea de politike lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels yn feilichheid brocht hat. Hoewol't Palpatine sels ferantwurdlik is foar de oprjochting fan dat steatsferbân, kin er it no net mear brûke en moat it útskeakele wurde. Nei in koart besyk oan Padmé, oan wa't er neat fertelt oer wat er dien hat, set Vader mei R2-D2 ôf nei Mustafar.