SOS is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 22–23 augustus 1974 yn de Glen Studios yn Långängen en útbrocht op it album ABBA út 1975. SOS wie it fjirde nûmer op it album en waard yn juny 1975 útbrocht as fiifde single fan it album.
Oer it nûmer SOS is skreaun troch Benny Andersson, Björn Ulvaeus en Stig Anderson en is opnaam yn de Glen Studio yn Långängen. Manager Stig Anderson keas de titel, de teksten dy't er oanbean hie, waarden werskreaun troch Ulvaeus.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Sweedsktalige ferzje Agnetha Fältskog
Yn 1975 brocht Agnetha Fältskog har fiifde solo-album út, op 22–23 augustus 1974 yn de Glen Studios yn Långängen naam se tegelyk mei de Ingelkse ferzje welke útbrocht waard troch har band ABBA, in Sweedske ferzje op van SOS. It nûmer waard útbrocht op it album Elva kvinnor i ett hus. SOS wie it earste nûmer op it album en waard yn juny 1975 yn Sweden útbrocht as twadde single fan it album. Nettsjinsteande it feit dat Fältskog de single nea yn Sweden promoatet, waard it Fältskog's tredde nûmer 1 op radio hitlist Svensktoppen, it nûmer kaam op 22 novimber 1975 de list binen en bleau yn totaal alve wiken yn de list.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Benny Andersson – Piano Ola Brunkert – Drums Janne Schaffer - Gitaar Rutger Gunnarsson - Bas
Cher cover
Yn 2018 brocht Cher har seisentweintichste-album út, mei dêrop in allegear covers fan ABBA nûmers. SOS wie it fjirde nûmer op it album en waard op 23 augustus 2018 útbrocht as twadde single fan it album. Al is de single nea fysyk op in single útkaam en allinne online útbrocht.
Muzikanten Cher – Sang Ash Soan – Drums Adam Phillips - Gitaar Hayley Sanderson & Andy Caine - Eftergrûnsang
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1975 Kategory:Single út 2018 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Sweedsktalich liet