I Do, I Do, I Do, I Do, I Do is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 21 febrewaris 1975 yn de Glen Studios yn Långängen en útbrocht op it album ABBA út 1975. I Do, I Do, I Do, I Do, I Do wie it sânde nûmer op it album en waard yn april 1975 útbrocht as tredde single fan it album.
Oer it nûmer Nei it sukses fan Waterloo hie ABBA muoite om in nije nûmer ien hit te skoaren. I Do, I Do, I Do, I Do, I Do brocht de groep wer yn 'e skynwerpers. Mei in saksofoan as begelieding en as hommaazje oan de Schlagermuzyk. It nûmer falt ek noch op, trochdat it gjin tradisjonele yndieling hat yn kûpletten en refreinen, dy't oare ferskes fan ABBA ûnderskiedt.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Gastmuzikanten Lasse Wellander - Gitaar Mike Watson - Bas Roger Palm - Drums Ulf Andersson - Saksofoan
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1975 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet