Buddy Joe is in nûmer dat oarspronklik yn maart 1972 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Together. Buddy Joe wie it fyfde nûmer op it album en waard yn april 1972 útbrocht as iennichste single fan it album.

Oer it nûmer It nûmer giet oer in avonturier dy 't syn hiele libben yn Meksiko socht hat nei goud. As er syn skat nei de Feriene Steaten smokkelje wol, wurdt er oanfallen en slacht er op 'e flecht. Hy komt dêrnei om it libben by in sjitpartij.

Muzikanten Barry Hay – Sang & Gitaar George Kooymans – Gitaar & Sang Rinus Gerritsen – Bas & Toetsen Cesar Zuiderwijk - Drums

Kategory:Liet fan Golden Earring Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1972 Kategory:Rockliet