Bombay is in nûmer dat oarspronklik yn 1975 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Contraband. Bombay wie it earste nûmer op it album en waard op 26 novimber 1976 útbrocht as iennichste single fan it album.
Oer it nûmer Bombay giet oer in man dy 't út Los Angeles fuortgiet en yn Bombay in nij libben opbout sûnder in spoar efter te litten. Sawol de muzyk as de tekst fan 'Bombay' hawwe Aziatyske ynfloeden. Bekend is de yntro, dy 't bestiet út in drumsolo fan Cesar Zuiderwijk. Patricia Paay is as eftergrûnsjongeres te hearren.
Muzikanten Barry Hay - Sang George Kooymans - Gitaar & Sang Eelco Gelling - gitaar Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen Cesar Zuiderwijk - Drums
Gastmuzikanten Patricia Paay - Sang
Kategory:Liet fan Golden Earring Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1976 Kategory:Rockliet