Meinte Jelles Abma (Folsgeare, 2 septimber 1930 - It Hearrenfean, 14 novimber 2025) Deaberjocht op mensenlinq.nl wie in eardere Nederlânske politikus fan it CDA.
Biografy Meinte Jelles Abma wie in soan fan Jelle Ruurds Abma en Doutje Tjitses Bouma. Hy groeide op op in pleats, krekt bûten Folsgeare.
Nei de Rehoboth-mulo en de A-ôfdieling fan de Ryks-HBS yn Snits trochrûn te hawwen, waard er folontêr op de gemeentesekretary fan Snits. Nei acht moanne waard er oerpleatst nei Schoonebeek dêr 't er hast in jier wurke, en dêrnei nei Zoelen (goed twa jier), Eibergen (in lytse trije jier) en Wateringen (goed trije jier).
Hy helle yn de jûnsoeren de diploma's Gemeente-administraasje I en Gemeente Finânsjes. Fan 1 july 1960 oant 1973 wurke er foar de gemeente Maartensdijk, it lêst as haad gemeentefinânsjes en loko-sekretaris. Yn dy tiid studearre er yn syn frije tiid rjochten yn Utert dêr't er úteinlik yn oktober 1970 syn doktoraal bestjoersrjocht helle mei as haadfakken steats- en administratyf rjocht.
Meinte Abma wie fan 1973-1981 boargemaster fan Hinnaarderadiel, fan 1979-1981 waarnimmend boargemaster fan Drylts, fan 1981-1995 boargemaster fan Wûnseradiel, yn 1998 waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn 1999 waarnimmend boargemaster fan Skiermûntseach.
Priveelibben Abma trout yn 1968 mei Gijsje Berdina Johanna (Bep) de Nooij, in ferpleechster, út De Haach. Sy adoptearren twa bern út Kreta.
Meinte Abma is in broer fan de skriuwers Gerben Abma (1932-2016) en Willem Abma (1942-2024).
Sjoch ek List fan boargemasters fan Hinnaarderadiel List fan boargemasters fan Drylts List fan boargemasters fan Wûnseradiel List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel List fan boargemasters fan Skiermûntseach
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Hinnaarderadiel Kategory:Boargemaster fan Drylts Kategory:Boargemaster fan Wûnseradiel Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Boargemaster fan Skiermûntseach Kategory:CDA-politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Persoan berne yn Folsgeare Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2025