Twilight Zone is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Cut. Twilight Zone wie it sechsde nûmer op it album en waard op 23 augustus 1982 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer George Kooymans hie Twilight Zone eins skreaun foar syn solo-album mar it nûmer bedarre dochs op it album fan de Golden Earring. It is in liet dat yn wêzen giet oer it toeren yn de Feriene Steaten, fan de iene ûnbekende konsertseal nei de oare, sûnder te witten wat harren te wachtsjen stiet. Oan ’e oare kant is it liet fan tapassing op de militêre situaasje yn Jeropa. De driging fan de Tredde Wrâldkriich of in kearnoarloch hong boppe de wrâld. Yn dy situaasje kamen Kooymans en Hay mei in ferhaal oer in spion dy 't tinkt dat er fermoarde wurde sil.

Oer de fideoklip De fideoklip fan Twilight Zone waard makke troch regisseur Dick Maas. It is ien fan de earste echte fideoklips dêr 't ek in ferhaal yn ferteld wurdt.

Muzikanten Barry Hay - Sang & Gitaar George Kooymans - Gitaar & Sang Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen Cesar Zuiderwijk - Drums

Kategory:Liet fan Golden Earring Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1982 Kategory:Hardrockliet