Radar Love is in nûmer dat oarspronklik yn 1973 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Moontan. Radar Love wie it fjirde nûmer op it album en waard op 4 augustus 1973 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer De tekst fertelt omtrint in man dy 't op grutte ôfstân sit fan syn freondinne en ûnderweis is nei har. Har leafde is sa sterk dat dat him op de automatyske piloat nei har ta liedt.

Op 11 maart 2021 op de jierdei fan George Kooymans wie om 17.15 oere Radar Love yn hiel Nederlân te hearren op radio - en TV-stjoerders, sels kariljons as earbetoan oan de Golden Earring en oprjochter George Kooymans. Frysk Deiblêd 11-3-2021

Muzikanten Barry Hay – Sang, Fluit George Kooymans – Gitaar & Sang Eelco Gelling - gitaar Bertus Borgers - Saksofoan Rinus Gerritsen – Bas & Toetsen Cesar Zuiderwijk - Drums

Kategory:Liet fan Golden Earring Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1973 Kategory:Rockliet