Blackened is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1988 en útbrocht op it fjirde album ...And Justice for All fan Metallica út 1988. Blackened is it earste nûmer op it album.

Oer it nûmer Blackened giet oer de ein fan de wrâld feroarsake troch in nukleêre oarloch. It nûmer begjint mei in oerlay dêr't ferskate gitaarriffs foar opnommen binne, dy't oerinoar hinne lein binne, foar 't it nûmer nei in skoft fierder ôfspile wurdt. Yn novimber 2012 lansearre Metallica in eigen platelabel, dy 't neamd is nei dit nûmer.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1988 Kategory:Metalliet