Holier Than Thou is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht waard op it album Metallica, better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Holier Than Thou wie it tredde nûmer op it album.

Oer it nûmer De tekst fan Holier Than Thou ferwiist nei arrogânsje, robberij, geroften, min ofte mear krityk op de maatskippij, op har wize fan oardieljen oer minsken. It is it fluchste en koartste nûmer op it album.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1991 Kategory:Metalliet