It departemint Oerisel wie in Nederlânsk departemint fan 1802 oant 1810. De haadstêd wie Swol.

Nei it oprjochtsje fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 de yndieling afn it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Oerisel fan de Bataafske Republyk waarden weromdraaid. It eardere Lânskip Drinte waard by it departemint tafoege.

Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. Dêrby waard it departemint Drinte ôfspjalte fan Oerisel. De namme fan it departemint bleau itselde.

280px|thumb|left|Departemint Oerisel yn it keninkryk Hollân

Lândrost fan Oerisel yn it keninkryk Hollân wiene:

Derck Bentinck tot Diepenheim (8 maaie 1807 – 1 jannewaris 1810) Petrus Hofstede (1 jannewaris 1810 - 13 desimber 1810)

Nei de anneksaasje fan it keninkryk Hollân op 9 july 1810 waard Oerisel op 1 jannewaris 1811 in departemint fan it Earste Frânske Keizerryk ûnder de namme Mûnings fan de Isel (Frânsk: Bouches-de-l'Yssel).

Kategory:Bataafske Republyk Kategory:Keninkryk Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1802 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1810 Kategory:Skiednis fan Oerisel Kategory:Skiednis fan Drinte