It departemint Hollân wie in Nederlânsk departemint yn it Bataafsk Mienebest. It bestie fan 1802 oant 1807 en de haadstêd wie De Haach.

Nei de steatsgreep fan 1801 waard by wet fan 21 july 1802 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Hollân kamen werom. Willemstêd, dat earder by it goa Bataafsk Brabân hearde, kaam werom by Hollân.

Yn 1805 waard Sommelsdijk, dat ta it departemint Seelân hearde, by Hollân foege.

Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. Dêrby waard it departemint Hollân yn twaen spjalte. It noarden waard it departemint Amstellân, it suden waard it departemint Maaslân en it gebiet súdlik fan de Maas waard part fan it departemint Brabân.

Kategory:Bataafske Republyk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1802 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1807 Kategory:Skiednis fan Noard-Hollân Kategory:Skiednis fan Súd-Hollân Kategory:Skiednis fan Noard-Brabân