Back to the Future is in Amerikaanske science fiction-komeedzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. De titel betsjut "Werom nei de Takomst". It ferhaal giet oer teenager Marty McFly, dy't by fersin mei de tiidmasine fan syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, weromreizget nei 1955. Dêr stjoert er de moeting fan syn âldelju yn 'e war, mei as gefolch dat syn eigen bestean faai komt te stean. Back to the Future krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, dat oanlieding joech ta de produksje fan twa ferfolchfilms en it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek Back to the Future hjit. De film wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje en trije Saturn Awards. Tsjintwurdich wurdt Back to the Future rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne en in ikoan fan 'e Amerikaanske popkultuer. Yn 2007 waard de film troch de Library of Congress útornearre om preservearre te wurden yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde.
Plot Yn 1985 is Marty McFly in gewoane teenager dy't yn it (fiktive) plak Hill Valley wennet, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Syn heit George is in leffert dy't him op syn geastdeadzjende wurk allegeduerigen op 'e kop sitte lit troch syn narjende liedingjaande Biff Tannen. Syn mem Lorraine is in obese, alkoholistyske, depressive húsfrou. Marty hat in âldere broer, Dave, en in âldere suster, Linda, dy't noch thús wenje en dy't it as jonge folwoeksenen net bot meiwierret. Op 'e middelbere skoalle kin Marty min mei rektor Strickland, dy't him in loaie útfretter fynt. Hoewol't er goed gitaarspylje kin en in leafde foar muzyk hat, mislearret de audysje fan Marty en syn maten foar de talintejacht Battle of the Bands. Oan syn faam Jennifer Parker fertelt er dat er bang is dat al syn ambysjes ta neat komme sille, sadat er krekt sa wurdt as syn âlden.
Dyselde jûns praat Marty ôf op it parkearterrein fan it pleatslike winkelsintrum mei in âldere freon fan him, de eksintrike útfiner doktor Emmett Brown, dy't troch eltsenien Doc Brown neamd wurdt. Dyselde lit Marty dêr syn nijste útfining sjen: in tiidmasine dy't er makke hat fan in oanpaste DeLorean-persoane-auto. De auto sels riidt op elektrisiteit, mar om 'e tiidmasine wurkje te litten hat Doc in kiste fol plutoanium ôfhandich makke oan in pear Libyske terroristen. Dyselden hiene dat guod út in Amerikaansk oerheidslaboratoarium stellen. Om Marty de wurking fan 'e tiidmasine út te lizzen, fiert Doc de datum 5 novimber 1955 yn, tritich jier lyn, de dei dat er foar it earst it idee krige om in masine te bouwen foar tiidreizgjen. Marty en Doc wurde ûnderbrutsen troch de beide Libyske terroristen, dy't blykber ûntdutsen hawwe dat Doc harren bedragen hat. Ien fan harren iepenet it fjoer mei in mitrailleur en sjit Doc dea. As de terroristen dêrnei efter Marty oan komme, naait er út yn 'e DeLorean. Op 'e flecht stelt er by fersin de tiidmasine yn wurking, en as er de kritike faasje fan 142 km yn 'e oere berikt, ferdwynt er út 1985.
In momint letter arrivearret Marty op 5 novimber 1955. As er foar it ferstân kriget dat er trichtich jier yn 'e tiid tebek gien is, sit er der raar ta, want hy hat gjin plutoanium mear om nei syn eigen tiid werom te kearen. Sadwaande ferberget er de DeLorean, wêrnei't er nei it (folle lytsere) Hill Valley ta rint. Dêr moetet Marty syn eigen heit George as teenager, dy't ek yn dizze tiid al allegeduerigen narre wurdt troch syn klasgenoat Biff Tannen. As er George folget, ûntdekt er dat syn heit in strúnjeier is, dy't it foar de moade hat om yn in beam te klimmen foar it hûs fan Lorraine, Marty syn mem, sadat er by it finster fan har keamer nei binnen sjen kin as se har ferklaait. As George út 'e beam knoffelet en oanriden driget te wurden troch in foarbykommende auto, rêdt Marty syn libben troch him oan 'e kant te triuwen. Dêrtroch wurdt er lykwols sels oanriden. Hy komt mei de holle hurd op 'e dyk del en rekket bewusteleas.
As Marty wer bykomt, befynt er him yn 'e wente fan 'e húshâlding fan syn mem Lorraine. It wurdt him dúdlik dat er wat stoms dien hat. Hy ken it ferhaal fan 'e earste moeting fan syn heit en mem ommers goed: Marty syn pake Sam Baines ried by himsels foar hûs in jonge oan dy't bewusteleas rekke. Dêrom naam er him mei yn 'e hûs, dêr't de jonge, dy't Marty syn heit George wie, fersoarge waard troch Sam syn dochter, Marty syn mem Lorraine. Hja rekken fereale en op it Enchantment under the Sea-bal tuten se foar de earste kear. Se krigen ferkearing en trouden letter en stiften in gesin. No hat Marty, trochdat er George oan 'e kant treaun hat, it plak fan syn eigen heit ynnommen. Hy wurdt fersoarge troch Lorraine, dy't, ta syn ôfgriis, fereale op hìm rekket. Marty bliuwt dy jûns te iten yn 'e Baines-húshâlding, wêrby't er oanhâldend ûnder de tafel de hantaastlikheden fan syn mem ôfwarje moat, oant er úteinlik mei in ferlechje útpykt.
Dyselde jûns noch spoart Marty in tritich jier jongere Doc Brown op, dy't er (mei muoite) derfan wit te oertsjûgjen dat er út 'e takomst komt mei in tiidmasine dy't in âldere Doc makke hat. Hy freget help om wer nei syn eigen tiid werom te kearen, mar Doc leit út dat er net wit hoe't er oan plutoanium komme moat. It iennichste dat er betinke kin om 'e 1,21 gigaWatt op te wekjen dêr't de tiidmasine ferlet fan hat om te funksjonearjen, is it opfangen fan in wjerljochtslach, mar dy binne net te foarsizzen. Aldergeloks hat Marty de middeis foar syn ôfreis út syn eigen tiid fan in kollektante in flyer yn 'e hannen drukt krigen, dêr't op útlein stiet wêrom't de stilsteande klok yn 'e gevel fan it gerjochtsgebou fan Hill Valley, dy't tritich jier earder rekke is troch in wjerljochtslach, yn dy steat beholden wurde moat. De tekst neamt de datum en presize tiid fan 'e wjerljochtslach, dy't no oer in lytse wike plakfine sil. Sadwaande begjint Doc te risselwearjen om 'e enerzjy fan 'e wjerljocht op te fangen en dêrmei Marty werom nei de takomst te stjoeren.
Underwilens hat Marty sels oare swierrichheden. Op in foto fan him en syn broer en suster begjint syn broer te ferdwinen. Doc riddenearret dat Marty sûnt syn oankomst yn 1955 wat dien hat dat de takomst feroare hat, sadat syn heit en mem nea in gesin stiftsje sille. Hy foarseit dat nei Dave ek Linda fan 'e foto ferdwine sil en úteinlik Marty sels. As dat bart, sil er yn it echt ek weiwurde, om't er troch de feroarings yn it ferline nea bestien hawwe sil. Marty beseft dat er troch it fersteuren fan 'e moeting tusken syn heit en mem de hiele takomst yn 'e war brocht hat. Op advys fan Doc begjint er George oeral te folgjen om te reparearjen wat der feroare is. Dat is lykwols makliker sein as dien, om't George der yn ferhâlding ta de ûnferskrokken Marty noch leffer en swakker útsjocht as er al is. Ynstee dat Lorraine fereale wurdt op George, falt se hieltyd djipper foar Marty, fral as Marty it op in stuit tsjin Biff en syn maten opnimt, wêrnei't dy by in efterfolging tsjin in dongkarre oan ride en ûnder de hynstestront komme te sitten.
Lorraine freget Marty mei nei it Enchantment under the Sea-bal, dat op deselde jûns plakfine sil as de wjerljochtslach. Marty beseft dat er derfoar soargje moat dat George en Lorraine inoar dêr tútsje, oars is it dien mei him. Hy betinkt dêrom in snoad plantsje: hy sil dêr mei Lorraine hinne, mar oan it begjin fan 'e jûn sil er yn 'e auto op it parkearterrein te fier gean troch oan te kringen op seks. George kin Lorraine dan rêde troch Marty út 'e auto te skuorren en fuort te jeien. It plan rint lykwols averij op as Biff en syn maten Marty en Lorraine it earst yn it each krije en Marty út 'e auto skuorre. Biff lit Marty ôffiere om him op te sluten yn 'e kofferbak fan 'e auto fan 'e band dy't op it bal de muzyk fersoarget, wylst er sels by Lorraine yn 'e auto klimt en tsjin har wil boppe-op har krûpt. As George arrivearret, mient er earst dat it Marty is dy't op Lorraine leit, en pas as er him fan har ôfskuord hat, sjocht er dat it Biff is. Biff brûkt syn gewoanlike narderspraktiken om George teplak te setten, mar as er dêrnei Lorraine sear docht, wurdt George breinroer en slacht him mei ien klap bewusteleas.
Neitiid eskortearret George de tankbere Lorraine nei it bal. Marty wurdt troch de bandleden út 'e kofferbak befrijd, wêrby't de gitarist in ferwûne hân oprint. Marty ferfangt him en treedt op mei de band om derfoar te soargjen dat George en Lorraine mei-inoar dûnsje kinne, wat liedt ta harren earste tút. Dêrnei ferskine Dave en Linda wer op Marty syn foto, wat betsjut dat it ferline reparearre is. No't er wer wis fan syn eigen libben is, jout Marty him by Doc, dy't by it gerjochtsgebou tariedings troffen hat om 'e wjerljochtslach op te fangen.
Marty langet Doc in bryfke oer mei in warskôging foar wat der yn 1985 barre sil mei de Libyske terroristen, mar Doc, dy't neat witte wol oer syn eigen lot, ferskuort it. Dêrop stelt Marty de DeLorean-tiidmasine tsien minuten earder yn as dat er út 1985 ôfset is, sadat er dan noch de tiid hawwe sil om Doc te warskôgjen. As de wjerljocht ynslacht, wurdt Marty werom nei de takomst stjoerd, dêr't de DeLorean lykwols ôfslacht, sadat Marty it hiele ein fan it gerjochtsgebou nei it winkelsintrum drave moat. Dêr komt er krekt op 'e tiid oan om ta te sjen hoe't Doc deasketten wurdt en hysels nei it ferline reizget, wêrnei't de terroristen fan skrik in ferkearsûngemak krije. As Marty yn triennen njonken it lichem fan Doc sit, wurdt dyselde wer wkker; it docht bliken dat er him yn 1955 nei de ôfreis fan Marty betocht hat en de snipels fan Marty syn bryfke byinoar socht en oaninoar plakt hat. Sadwaande droech er in kûgelfrij fest op 'e jûn dat de terroristen him tenei kamen.
Nei't er Marty thúsbrocht hat, set Doc yn 'e DeLorean ôf nei 2015, om ris yn 'e takomst te sjen. Marty is dea te'nein en falt thús fuortendaliks yn 'e sliep. As er de oare moarns wekker wurdt, blykt dat de wente fan 'e McFly's der hiel oars útsjocht as foardat Marty nei it ferline reizge. Alles is lúkse ynrjochte en goed ûnderholden. Ek is syn heit in súksesfol skriuwer fan science fiction-romans, wylst syn mem slank en gelokkich is. Dave en Linda hawwe allebeide in goede baan, en Biff Tannen is in servile assistint yn 'e tsjinst fan George McFly. Marty syn faam Jennifer komt by him oan, en Marty stiet op it punt om har alles te fertellen dat him oerkommen is, as ynienen Doc ferskynt yn 'e DeLorean. Dyselde stiet der by Marty op oan dat er no fuortendaliks meikomme moat nei de takomst, en Jennifer ek, om't harren bern rêden wurde moatte fan in ferskriklik lot.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Marty McFly Michael J. Fox Emmett "Doc" Brown Christopher Lloyd
byrollen personaazje akteur/aktrise Lorraine Baines McFly Lea Thompson George McFly Crispin Glover Biff Tannen Thomas F. Wilson Jennifer Parker Claudia Wells rektor Strickland James Tolkan Dave McFly Marc McClure Linda McFly Wendie Jo Sperber Sam Baines George DiCenzo Stella Baines Frances Lee McCain Milton Baines Jason Hervey 'Skinhead' Jeffrey Jay Cohen '3-D' Casey Seimaszko 'Match' Billy Zane Lou de kafee-eigner Norman Alden Goldie Wilson Donald Fullilove Marvin Berry Harry Waters jr. Pa Peabody Will Hare Dixon Courtney Gains de 'klokketoerfrou' Elsa Raven sjuerylid by Battle of the Bands Huey Lewis (cameo) Libyske terrorist #1 Richard L. Duran Libyske terrorist #2 Jeff O'Haco
Produksje en distribúsje Preproduksje