Back to the Future Part II is in Amerikaanske science fiction-komeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. It is it ferfolch op 'e súksesfolle film Back to the Future út 1985. It ferhaal folget teenager Marty McFly en syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, as se út 1985 tritich jier nei de takomst reizgje om foar te kommen dat Marty syn soan de hiele famylje McFly yn it ferdjer stoarte sil. As harren âlde fijân Biff Tannen it ferline feroaret, moatte se dêrnei werom nei 1955 om dat wer rjocht te setten. De film foarmet ien lange ferhaalline mei it folgjende diel, Back to the Future Part III, dat yn 1990 útkaam. Back to the Future Part II omfette foar dy tiid baanbrekkende special effects, mar late ek ta in rjochtsaak dy't de frijheid fan filmmakkers oan bannen lei om 'e likenis fan akteurs te brûken as dy net op 'e nij yn deselde rol cast wurde. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in daverjend kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, en wurdt tsjintwurdich troch guon filmkenners sjoen as ien fan 'e bêste ferfolchfilms ea makke.
Plot It is 26 oktober 1985, de deis nei't teenager Marty McFly út 1955 weromkeard is yn syn wenplak Hill Valley (Kalifornje), en syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, trochreizge is nei de takomst. As Marty dy moarns syn faam Jennifer Parker moetet, wurdt er, ear't er har fertelle kin wat er de foargeande dei útheefd hat, ûnderbrutsen troch Doc Brown, dy't yn syn (no fleanende) DeLorean-tiidmasine weromkomt út 'e takomst. Hy bepraat Marty en Jennifer om yn te stappen, sadat er harren fuortendaliks meinimme kin nei de takomst. Harren takomstige bern hawwe nammentlik ferlet fan help. Biff Tannen, de âlde pleachgeast fan Marty syn heit George, dy't troch it omprutsen fan Marty mei it ferline no George syn servile assistint wurden is, sjocht as iennichste de fleanende tiidmasine ferdwinen.
Trijeresom reizgje Marty, Doc en Jennifer nei 21 oktober 2015, dêr't Doc fuort nei oankomst Jennifer mei in elektroanysk apparaatsje yn 'e sliep falle lit. Hja stelde nammentlik oan ien wei troch fragen oer har eigen takomst, en neffens Doc is it net goed om tefolle oer jins eigen takomst te witten. No sil se it tiidreizgjen letter as in dream beskôgje. Hy leit Marty út dat syn teenagesoan, Marty jr., oer in pear minuten in moeting hawwe sil mei Griff Tannen, de pakesizzer fan Biff, dy't him freegje sil mei te dwaan oan in ynbraak. As Marty jr., dy't in slopjanus is, him yntimidearje lit om dêr "ja" op te sizzen, sil er noch dyselde jûns arrestearre wurde en kriget er fyftjin jier finzenisstraf. As syn suster Marlene him letter besiket út te brekken út 'e finzenis, wurdt sy ek pakt en kriget sy tweintich jier finzenisstraf. Dy beide foarfallen foarmje de earste dominostientsjes foar it folsleine ferdjer fan 'e hiele famylje McFly. It is dêrom saak dat Marty him foardocht as syn eigen soan en Grif "nee" ferkeapet.
Wylst Doc de wiere Marty jr. op in sydspoar rangearret, nimt Marty it plak fan syn soan yn en stegeret it oanbod fan Griff ôf. As lykwols bliken docht dat it elektroanysk sliepferwekkingsapparaat fan Doc Marty jr. net lang genôch út 'e tiid holpen hat om't er it earder al brûkt hat foar Jennifer, komt Marty jr. dochs noch opdaagjen. It ferget wat fluch tinkwurk fan Marty om syn eigen soan bûten it sicht fan Griff bewusteleas te slaan, sadat er foarkomme kin dat Marty jr. alles dochs noch yn it hûndert rinne lit. Griff lokket slaanderij út mei Marty troch him te freegjen oft er som in leffert is (it iennichste dat altyd wurket om Marty op ien ein te krijen). As er lykwols foar Griff en syn maten útnaaie moat, ûntspint der him in efterfolging op 'hoverboards' (swevende skateboards), dy't de efterfolging fan Marty op in skateboard troch Biff en syn maten yn 1955 (sjoch: Back to the Future) sekuer wjerspegelet. Yn 2015 einiget de efterfolging lykwols as Griff-en-dy út 'e bocht fleane en dwers troch de glêspei hinne it stedhûs fan Hill Valley binnentommelje. Hja wurde fuortendaliks arrestearre, sadat de plande ynbraak net trochgiet en de ferdjerlike takomst fan 'e McFly-famylje feroaret yn ien fan foarspoed.
Ear't Marty him wer by Doc jout, giet er nei in winkel ta dêr't er in almenak oanskaft mei de útslaggen fan alle wichtige sporteveneminten fan 1950 oant 2000. It is syn bedoeling om, nei't er weromkeard is yn 1985, mei de kennis út 'e almenak jild te fertsjinjen troch weddenskippen ôf te sluten op 'e útkomst fan sportwedstriden. Doc ûntdekt lykwols wat er fan doel is, en leit dêr fluch it near op. De almenak ferdwynt yn in jiskefet. As Doc en Marty weromkeare nei it plak dêr't se de sliepende Jennifer efterlitten hawwe, sjogge se lykwols dat it fanke ûntdutsen is troch in pear plysjes. Oan 'e hân fan har fingerôfdrukken stelle dy fêst wa't se is en bringe har 'thús', dat wol sizze nei it hûs ta dêr't de tritich jier âldere Jennifer yn 2015 wennet as oarehelte fan Marty McFly. Doc en Marty sette de efterfolging yn om 'e jonge Jennifer werom te krijen, mar as se fuort binne, komt in Biff Tannen op hege jierren foar 't ljocht, dy't harren petear ôfharke hat en dêrút opmakke hat dat se tiidreizgers út it ferline binne. Hy pakt de weismiten almenak en nimt in taksy nei it hûs fan 'e McFly's.
Nei't se troch de plysjes thúsbrocht is, wurdt Jennifer wekker yn 'e wente fan har âldere sels yn 2015. Se ûndersiket har om-en-by en komt ta de konklúzje dat se earder net dreamde doe't Doc har en Marty meinaam nei de takomst. Se ferskûlet har foar de McFly's, en ûntdekt út harren praat dat har takomstige bestean as Marty syn frou net is wat se derfan ferwachte hie. Dat is it gefolch fan in ferkearsûngemak dat Marty krigen hat by in yllegale autorace, dêr't er oan meidien hat nei't immen him frege oft er soms in leffert wie. Jennifer is tsjûge fan in byldbelpetear fan Marty, wêrby't dyselde troch Douglas Needles, in kollega fan him, oanfitere wurdt om mei te dwaan oan in saaklike oerienkomst dy't it deiljocht net ferdrage kin. Marty wol der neat mei te krijen hawwe, mar giet oerstaach as Needles him freget oft er soms in leffert is. Dat resultearret yn it ûntslach fan Marty troch syn baas, dy't it tillefoanpetear ôfharke hat. As Jennifer besiket út har takomstige hûs te ûntsnappen, komt se by de foardoar har takomstige sels tsjin, mei as gefolch dat se derhinne falt.
Wylst Doc en Marty besykje Jennifer út it hûs te loadsen en har, nei't se flaufallen is, fersoargje, arrivearret Biff Tannen yn syn taksy by de ûnbeheard efterlitten DeLorean-tiidmasine. Dy brûkt er om nei it ferline te reizgjen, dêr't er syn jongere sels de almenak jout, wêrnei't er weromkeart nei 2015 en de tiidmasine krekt sa efterlit as er him oantroffen hat. Fuort nei't Biff him ôfjûn hat, drage Doc en Marty de noch altyd bewusteleaze Jennifer nei de DeLorean ta, wêrnei't se weromkeare nei 1985. Dêr arrivearje se by nacht. Se bringe Jennifer thús en lizze har op in touterbank op 'e weranda fan har hûs. Doc set Marty thús ôf en giet dan ek nei hûs, mei de bedoeling om syn tiidmasine te ûntmanteljen, om't it bestean fan it apparaat tefolle mooglikheden biedt om nije problemen mei it ferline of de takomst te feroarsaakjen.
Stadichoan kriget Marty foar it ferstân dat it 1985 dêr't er nei weromkeard is, dramatysk ferskilt fan it 1985 dêr't er út ôfset wie. It skud om 'e eftertûn fan it hûs fan 'e McFly's is no foarsjoen fan in hingslot, en as er deroerhinne klimt en troch it finster (sa't er wol faker docht) syn eigen sliepkeamer yngiet, blykt dêr in swart famke op bêd te lizzen. Hja is de dochter fan in ûnbekend gesin dat no it hûs fan 'e McFly's bewennet, en Marty moat drave foar syn libben as de heit him mei in honkbalkneppel tenei komme sil. As er Hill Valley fierder ferkent, blykt de stêd feroare te wêzen yn in dystopysk karikatuer fan it Hill Valley dat hy ken. Uteinlik ûntdekt er it iennichste goed ûnderholden gebou fan 'e stêd dat op it plak fan it âlde stedhûs stiet: in reuseftige wolkekliuwer mei dêryn in kasino en resorthotel dat eigendom is fan Biff Tannen, dy't no ien fan 'e rykste (en meast korrupte) manlju yn 'e Feriene Steaten is.
Marty moetet syn mem Lorraine, dy't no, tsjin har wil, sa liket it, mei Biff troud is, nei't syn heit, George, yn 1973 by in ûnoploste moard dearekke is. Marty sels is yn dizze foarm fan 1985 nei in kostskoalle yn Switserlân stjoerd om't Biff him net om him hinne hawwe wol. As Marty it grêf fan syn heit opsiket, treft er dêr Doc Brown, dy't ûnderwilens ek ûntdutsen hat dat der wat goed mis is. Sels is hy yn dit 1985 ûnder twang opnommen yn in psychiatrysk sikehûs. Oan 'e hân fan it draachpûdsje dêr't de almenak yn siet en de kop fan 'e gongelstôk fan 'e âlde Biff Tannen, dy't Doc allebeide yn 'e DeLorean oantroffen hat, riddenearret er út dat Biff út 2015 mei de tiidmasine nei it ferline reizge wêze moat en dêr de almenak oan 'e jonge Biff jûn hawwe moat. Dy iene feroaring moat soarge hawwe foar it ûntstean fan in alternative tiidline dy't laat hat ta dizze ferskriklik ferkearde foarm fan 1985. Doc seit dat hy en Marty werom yn 'e tiid gean moatte om dat rjocht te setten, want werom nei 2015 om 'e âlde Biff tsjin te kearen kin no net mear: dy foarm fan 2015 sil no ommers nea bestean. Se moatte dêrom sjen út te finen wannear't de oerdracht fan 'e almenak fan 'e âlde Biff oan 'e jonge Biff krekt plakfûn hat.
Marty giet nei Biff ta, dy't no syn styfheit is, en befreget him oer de almenak. Nei't er him dêr al dy jierren oer stilhâlde moatten hat, is Biff mar al te ree om te pronkjen mei wat er as syn eigen slûchslimmens beskôget. Hy befêstiget dat de almenak ferantwurdlik is foar alle rykdom en súkses yn syn libben, en fertelt dat er it boekje op 12 novimber 1955 fan in nuvere âldman krigen hat. Marty beseft dat dat deselde dei is dêr't hy earder yn it ferline nei ta reizge is. Biff giet fierder mei te fertellen dat de âldman him warskôge hat dat der op in stuit wolris in gekke wittenskipper of in arrogante snotnoas delkomme koe om nei de almenak te fernimmen, en dat er dan handich mei harren ôfweve moast. Dat hy hellet in revolver foar it ljocht en wol Marty deasjitte, mar dyselde makket him gau-gau út 'e fuotten. Om oan Biff en syn trewanten te ûntkommen, flechtet er nei it dak fan 'e wolkekliuwer, mar dêr rekket er ynsletten. Biff ferskynt mei syn revolver en fertelt Marty dat it itselde wapen is dêr't er yn 1973 Marty syn heit George mei fermoarde hat. Ear't er lykwols Marty ombringe kin, ferskynt Doc yn 'e fleanende DeLorean, dy't Biff bewusteleas slacht troch him in terwinkel mei in (nei boppen ta iepenjend) portier te jaan.
Neitiid reizgje Marty en Doc nei 1955, dêr't Marty de jonge Biff fan dat jier folget oant de âlde Biff út 2015 ferskynt om him de almenak te jaan. Pas as de âlde Biff weromkeard is nei syn eigen tiid sûnder euvelmoed dat der wat mis rûn is mei syn plannen, kin Marty de jonge Biff de almenak ôfpakke. Dêrby moat Marty der lykwols ek om tinke dat er net himsels fan syn eardere besyk oan 1955 treft, om't er de moeting tusken syn âldelju net wer yn 'e war skoppe wol. De âlde Biff komt al rillegau opdaagjen en langet syn jongere sels yndie de almenak oer. De jonge Biff hâldt it boekje lykwols deunby him, sadat Marty him lange tiid folgje moat om 'e kâns te krijen it him te ûntnaderjen. Dêrby besykje se wer it Enchantment under the Sea-bal op 'e pleatslike middelbere skoalle dêr't Marty syn âlden inoar foar it earst tútsje. Nei lang fruchteleas krewearjen wit Marty úteinlik de almenak te pakken te krijen as er op 'e út 2015 meibrochte hoverboard efter de auto fan Biff oan riidt troch in tunnel bûten de beboude kom fan Hill Valley. Biff keart de auto en sil Marty fan 'e dyk ride, mar dy wit krekt op 'e tiid de útgong fan 'e tunnel te berikken, dêr't Doc op him wachtet en him oan in tou de loft yn skuort. Biff ferliest de behearsking oer it stjoer en riidt (jitris) tsjin in frachtwein mei hynstedong oan, dêr't syn hiele auto mei fol komt te sitten.