In the Valley of Elah is in Amerikaanske drama-, detektive- en anty-oarlochsfilm út 2007 ûnder rezjy fan Paul Haggis, mei yn 'e haadrollen Tommy Lee Jones en Charlize Theron. De titel betsjut "Yn 'e Delling fan Elah", en ferwiist nei de bibelske delling dêr't neffens I Samuël 17 it gefjocht tusken David en Goliat plakfûn hawwe soe (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting wurdt dat toponym oerset as de Terebintedelling). De plot fan 'e film folget Hank Deerfield, in âld-militêr waans soan Mike, dy't ek soldaat is, fermist rekket nei de weromkear fan syn ienheid út 'e Irakoarloch. It docht al rillegau bliken dat Mike fermoarde is, wêrnei't resjersjeur Emily Sanders belêstge wurdt mei it ûndersyk. In the Valley of Elah krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Plot Op 1 novimber 2004 kriget Hank Deerfield, in frachtweinsjauffeur dy't grint ferfiert en mei syn frou Joan yn in lyts plak yn Tennessee wennet, in tillefoantsje fan immen fan it Amerikaanske Leger dat syn soan Mike ôfwêzich sûnder ferlof is. Mike is in soldaat dy't yn 'e Irakoarloch tsjinnet en foarsafier't Hank wit noch altyd yn Irak is, mar dejinge dy't him opskillet, fertelt him dat Mike syn ienheid al in dei as fiif werom yn 'e Feriene Steaten is. Hank makket syn saken ynoarder en set noch dyselde deis yn syn pick-uptruck ôf út Tennessee nei Fort Rudd, de legerbasis fan Mike syn ienheid, yn Nij-Meksiko. As er de strjitte útriidt, sjocht er dat by de pleatslike legere skoalle de Amerikaanske flagge op 'e kop wapperet. Hy giet dêr oan om 'e nije konsjerzje, in resinte ymmigrant út El Salvador, op syn flater te wizen en te helpen de flagge mei de goede kant nei boppen te hisen. Hank leit de man út dat it hisen fan 'e flagge ûnderstboppest in symboal fan uterste need is.

It is mei de auto fan Tennessee nei Nij-Meksiko in reis fan twa dagen, mar troch te besunigjen op sliep rêdt Hank it op yn ien. Yn Fort Rudd moetet er de oare leden fan Mike syn seksje. Hoewol't der in protte feroare is sûnt syn tiid, is Hank tige thús op 'e basis, mei't er tsientallen jierren lang as sersjant by de militêre plysje tsjinne hat. Dat is ek de reden dat syn beide soannen yn it leger gien binne. As er it sliepplak fan Mike besiket en dêr yn 'e laden fan in ladekast sjocht, drukt er temûk Mike syn mobile tillefoan efteroer. Ien fan 'e lêst opskille tillefoannûmers liedt Hank nei in pleatslike stripklub ta, mar dat blykt in dearinnend spoar te wêzen. Hy siket in techneut op dy't foar in ridlike priis wol sjen wol oft der oan 'e slim skansearre fideo's op 'e tillefoan noch wat te rêden is. Yn 'e folgjende dagen dripkje stadichoan de ûntrêstgjende bylden út 'e Irakoarloch dy't Mike opnommen hat, yn Hank syn e-mailbox binnen.

Hank besiket yn kontakt te kommen mei in sersjant Arnold Brickman, in âlde maat fan him by de United States Army Criminal Ivestigation Command, sis mar de resjerzje fan it Amerikaanske Leger. It docht lykwols bliken dat Brickman al lang mei pinsjoen is. Yn it petear mei de man komt nei foarren dat Hank syn âldste soan David tsien jier lyn omkommen is doe't er mei in militêre helikopter delstoarte. Letter besiket Hank fan 'e fermissing fan Mike oanjefte te dwaan by de (boargerlike) plysje yn it plak dêr't Fort Rudd stiet, mar resjersjeur Emily Sanders kin net oars as him trochferwize nei de militêre plysje, mei't it Amerikaanske Leger de fermissings fan syn eigen personiel behannelet.

Jûns wurdt yn in stik mei rûch strewelleguod begroeide woastyn, oan 'e bûtenste râne fan it terrein fan 'e legerbasis, it útinoar houde en ferbaarnde stoflik omskot fan in man fûn. Sanders en har kollega's nimme it plak delikt op, mar wurde fuortstjoerd as bliken docht dat it noch krekt binnen de legerbasis leit, wat betsjut dat de militêre plysje it ûndersyk oernimme moat. As Hank de basis besiket om wat der noch oer is fan it lyk fan syn soan te besichtigjen, wurdt him ferteld dat de deadsoarsaak in stikmannich stekwûnen wie: immen hat mei in mês mear as fjirtich kear op Mike ynstutsen. Luitenant Kirklander, dy't de lieding oer it ûndersyk hat, lit Hank in crackpiip sjen dy't ûnder Mike syn matras oantroffen is. De resinte arrestaasje fan inkele oare soldaten dy't besochten heroïne út Koeweit nei de Feriene Steaten te smokkeljen om it dêr troch te ferkeapjen oan Meksikaanske drugshannelers, jout oanlieding ta de fertinking dat Mike ek by sokssawat belutsen wie. De Meksikaanske drugskartels steane nammentlik bekend om harren ysbaarlike metoaden om lju te fermoardzjen.

Kirklander wol Hank it plak delikt net sjen litte om't it ûndersyk noch rint. Dêrop giet Hank werom nei Sanders, om't er wit dat sy wit wêr't it plak delikt is. Hy bepraat har om him dêrhinne te bringen. Ienris dêre hat Hank gjin goed wurd oer foar de metoaden dy't de pleatslike plysje en de militêre plysje brûkt hawwe by harren ûndersyk. Neffens him hawwe se mei syn allen oer it bewiismateriaal hinne poatele. Hy fynt al rillegau it plak werom dêr't Mike wier fermoarde is, fuort by de kant fan 'e wei lâns, krekt bûten de grins fan 'e legerbasis. Om't dat lyk ûnder in lantearnepeal is, waard er troch de dieder of dieders dêrwei sleept de woastyn yn, mar pas doe't er al dea wie. De plysje en militêre plysje binne op 'e siik nei in griene auto dy't hjir yn 'e nacht fan sneon op snein, doe't de moard plakfûn, sjoen is, mar Hank wiist derop dat se nei in blauwe auto sykje moatte, om't in blauwe auto yn it giele ljocht fan 'e lantearnepeal grien liket.

Sanders besaut har Hank syn fakkundichheid, mar fielt har net daliks roppen om him fierder te helpen. Mar as froulike resjersjeur en allinnichsteande mem op it Amerikaanske plattelân moat se fjochtsje tsjin foaroardielen. De oare deis, as har manlike kollega's wer ris de gek mei har hawwe, wurdt se sa poerrazen, dat se har baas, sheriff Buchwald, op 'e hichte stelt fan it feit dat de moard op Mike Deerfield wol deeglik yn syn rjochtsfoechgebiet begien is, en bepraat se him om it ûndersyk wer werom te nimmen fan 'e militêre plysje, dy't dêr net bliid mei is.

Underwilens komt Joan Deerfield tsjin Hank syn goerie yn, mei it fleantúch oer út Tennesse om it stoflik omskot fan har soan te sjen. Neitiid keart se op deselde wize werom nei hûs, dêr't yn 'e tuskentiid in pakje oankommen is dat Mike út Irak wei nei hûs stjoerd hie. Hank freget har it pakje tichtsitte te litten oant hy wer thús is. De betellings dy't mei Mike syn creditcard dien binne, liede Sanders en Hank nei in fastfoodrestaurant ta, dêr't Hank oan 'e hân fan 'e prizen fan 'e meast optsjinne menu's útrekkenet dat syn soan dêr koart foar syn dea nei alle gedachten mei twa of mooglik trije oaren iten hat. Sanders kriget ûnderwilens fan Kirklander de ûnder de eed ôfnommen ferklearrings fan 'e oare leden fan Mike syn seksje, wêrmei't moai foarkommen wurdt dat se de mannen sels ûnderfreegje kin. Ut begrutsjen nûget Sanders Hank dy jûns út om by har thús te iten mei harsels en har jonge soan David. As Hank frege wurdt oft er de jonge in ferhaaltsje foar it koesen fertelle kin wylst syn mem de ôfwask docht, fertelt er it bibelske ferhaal oer it gefjocht fan David en Goliat yn 'e Delling fan Elah.

As Hank de oare deis, wylst er syn brea-iten yn in pleatslike kafetaria bepluzet, Eve tsjinkomt, in topless barkeeper dy't er earder befrege hie yn 'e bar dêr't se wurke, ken dy Mike syn seksjegenoat Steve Penning werom op in foto. Sa ûntdekt Hank dat Mike en Penning de jûns fan 'e moard út in stripklub smiten binne om't Mike ien fan 'e strippers begûn út te skellen. Neitiid ûnderfreget Sanders Penning en syn maten Gordon Bonner en Ennis Long, dy't alle trije tajouwe dat se yn harren eardere ferklearrings liigd hawwe. Nei't se troch tadwaan fan Mike út 'e stripklub bonsjoerd waarden, krigen Mike en Bonner slaanderij op it parkearterrein. Mar letter soe Mike it iten yn it fastfoodrestaurant foar de oaren betelle hawwe om it wer goed te meitsjen. Mei't tusken it ferlitten fan 'e stripklub en it besykjen fan it restaurant in gat fan twa oeren sit, freget Sanders troch. Uteinlik jouwe de mannen ta dat se yn dy tiid in prostituee besocht hawwe, dy't harren allegear oraal befredige hat. Nei it besyk oan it restaurant hawwe se Mike efterlitten om letter op eigen manneboet nei de basis werom te kearen, om't er earst nije drugs keapje woe. Sanders fynt it in nuver ferhaal en fertrout de boel net, mar Hank wegeret te leauwen dat Mike syn maten belutsen west hawwe kinne by syn dea.

Werom op it plysjeburo stelt Hank fêst dat Sanders in ferklearring te min krigen hat fan Kirklander. In seksje hat njoggen leden. Ien man út Mike syn seksje wie yn Irak sneuvele. Minus Mike sels moatte der dus sân ferklearrings wêze; Sanders hat mar seis krigen. Troch it simpele ferlykjen fan 'e nammen stelle Sanders en har kollega-resjersjeur Nugent fêst dat de ferklearring fan soldaat Robert Ortiz ûntbrekt, in Latino mei in blauwe auto en in foarskiednis fan belutsenens by drugshannel. Hy blykt ôfwêzich sûnder ferlof te wêzen. Mei de help fan resjersjeur Manny Nuñez, dy't goed bekend is yn 'e pleatslik Latino-mienskip, wurdt Ortiz rillegau opspoard. Hank, dy't opdracht krigen hie om him net mei de saak te bemuoien, folget lykwols Sanders-en-dy nei Ortiz syn lokaasje. As de soldaat dêr nei in efterfolging troch de plysje driget te ûntsnappen, wachtet Hank him op en slacht op him yn oant Sanders en de oare resjersjeurs him fan 'e soldaat ôf lûke kinne.

Ortiz wurdt arrestearre, mar der wurdt op syn persoan noch by him thús noch op syn sliepplak op 'e legerbasis lykfol hokker bewiismateriaal fûn dat er wat mei de moard op Mike te krijen hat. Ynstee wurdt Bonner letter de jûns dea oantroffen mei it goudene horloazje fan Mike syn pake yn syn broeksbûse: hy hat selsmoard dien troch yn it tou te gean. Sanders konkludearret dat Bonner, dy't ek in blauwe auto hat, de wiere moardner fan Mike wêze moat. Hank lit it stoflik omskot fan Mike nei Tennessee stjoere, en risselwearret om op hûs oan, al begrypt er noch altyd neat fan 'e saak, temear om't Bonner gjin tiid hie om Mike te fermoardzjen tusken it besyk oan it restaurant en syn weromkear op 'e legerbasis.

As Sanders fan it creditcardbedriuw in ôfskrift fan 'e lêste betelling kriget, stelt se lykwols fêst dat de hantekening net fan Mike is; ynstee is it Penning syn hânskrift. Hja beseft dan dat Penning, Bonner en Long Mike fermoarde hawwe yn 'e twa oeren nei it ferlitten fan 'e stripklub, doe't se sabeare in prostituee besochten, en dat de trije mannen pas nei Mike syn dea op syn kosten by it fastfoodrestaurant iten hawwe. Sanders en Hank sette nei Fort Rudd ta, mar dêr oankommen docht bliken dat Penning nei de dea fan Bonner ûnderwilens al in bekentenis ôflein hat. Nei't Sanders Kirklander ûnder druk set hat, stimt dy deryn ta om Penning syn ferhaal nochris dwaan te litten, diskear yn it bywêzen fan Hank.