Robin van Persie (Rotterdam, 6 augustus 1983) is in eardere Nederlânske proffuotballer dy't spile as sintrale spits, skaadspits, middenfjilder as wjukspiler. Hy spile tusken 2001 en 2019 foar Feyenoord, Arsenal, Manchester United, Fenerbahçe en op 'e nij Feyenoord.

Karriêre Van Persie debutearre yn juny 2005 yn it Nederlânsk alvetal. Dêrfan waard hy yn 2013 de kaptein en topskoarder fan alle tiden. Hy fertsjintwurdige Nederlân op trije wrâldkampioenskippen (2006, 2010 en 2014) en twa Europeeske kampioenskippen (2008 en 2012). Op 12 maaie 2019 spile er syn lêste wedstriid as proffuotballer yn de earedifyzje mei Feyenoord tsjin ADO De Haach.

Sawat in jier nei syn ôfskied as fuotballer kearde Van Persie werom yn de fuotballerij. Op 5 maart 2020 makke Feyenoord haadtrainer Dick Advocaat bekend dat Van Persie assistint trener wurde soe by de klup dy't er twa perioades tsjinne. Yn april 2024 tekene Van Persie in kontrakt by SC It Hearrenfean om op 't Fean as haadtrainer oan de slach te gean.

Op 20 febrewaris 2025 waard tusken beide klubs oerienkommen ooer de oergong fan Van Persie nei Feyenoord. Op 23 febrewaris makke er de oerstap buorkundich en hy koe fuortendaliks dêr oan de slach.

Priveelibben Van Persie is boaske mei Bouchra en se hawwe twa bern, soan Shaqueel (2006) en dochter Dina (2009). Shaqueel is ek profesjoneel fuotballer. Healwei maaie 2022 tekene er in kontrakt by Feyenoord, dat yn jannewaris 2025 ferlinge waard oant mid 2028.

Bouchra en Robin hawwe tegearre klaaiïngemerk ByVP opset.

Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk fuotbaltrainer Kategory:Persoan berne yn 1983