Back to the Future Part III is in Amerikaanske science fiction-westernkomeedzjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. It is it trêde en lêste diel fan 'e Back to the Future-filmsearje, wêryn't it ferhaal út 'e foargeande film, Back to the Future Part II (1989), dat einige yn in cliffhanger, fuortset wurdt. Marty McFly reizget no werom yn 'e tiid nei 1885 om it libben fan syn freon Doc Brown te rêden. Wat in frij ienfâldige rêdingsmisje wêze kinnen hie, wurdt in stik dreger as de tiidmasine averij oprint en Marty ek yn it Wylde Westen fêst komt te sitten. Fierdere swierrichheden ûntsteane as Doc it libben fan skoaljuffer Clara Clayton rêdt, en sa de rin fan 'e skiednis feroaret. Back to the Future Part III krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot (Back to the Future Part III begjint op it punt dêr't Back to the Future Part II ophold; foar de foarskiednis, sjoch dêre.)
Marty McFly, in Amerikaanske teenager út 1985, befynt him noch hieltyd yn 1955, dêr't er tsjûge west hat fan 'e ferdwining fan syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown en dy syn DeLorean-tiidmasine. Fuort neitiid arrivearret der in koerier mei in 70 jier âld brief, wêryn't stiet dat Doc yn 1885 bedarre is nei't in wjerljochtynslach by fersin de tiidmasine aktivearre. De elektryske lading wie lykwols tefolle fan it goede foar de masine, dy't trochbaarnd is. Om't de ûnderdielen dêr't er foar de reparaasje ferlet fan hat yn 1885 noch net útfûn binne, hat Doc de DeLorean yn in útputte myn ferskûle, dêr't Marty him yn 1955 weromfine kin. As er de tiidmasine troch de jongere Doc Brown út 1955 reparearje lit, kin er dermei weromkeare nei 1985. Dêrnei, sa stiet yn it brief, moat er de tiidmasine ferneatigje foar't it ding noch mear skea oanrjochtsje kin as it al dien hat. Wat Marty ek docht, sa skriuwt Doc, hy moat yn gjin gefal besykje om werom yn 'e tiid te reizgjen nei 1885 om him (Doc) te rêden.
Mei help fan 'e jongere Doc fynt Marty op it oanjûne plak yndie de DeLorean werom, mar fuortby de myn leit in âld, fertutearze boot hill-begraafplak, dêr't Copernicus, de hûn fan 'e jongere Doc Brown, Marty nei it grêf fan syn baaske liedt. Neffens de tekst op 'e grêfsark is Doc seis dagen nei't er it brief oan Marty skreaun hie, fermoarde troch de bandyt Buford "Mad Dog" Tannen, de oerpake fan Marty en Doc harren aartsfijân Biff Tannen. De jongere Doc is bot oerâl fan dy ûntdekking, mar Marty stelt him gerêst: fansels kin der no gjin sprake fan wêze dat er 'gewoan' weromgiet nei 1985; ynstee sil er, nettsjinsteande de mei klam útsprutsen ûntrieding fan 'e âldere Doc, dochs fierder werom yn 'e tiid om syn freon te rêden. De jongere Doc reparearret de tiidmasine, dy't se dêrnei meinimme nei in ferlitten bûtendoarbioskoop bûten de beboude kom fan harren wenplak Hill Valley yn Kalifornje. Doc bewissiget Marty derfan dat, as er dêr weromreizget nei 1885, hy yn 'e wyldernis bedarje sil, dêr't net ien him sjen sil.
Marty stelt de tiidmasine yn op 2 septimber 1885, sadat er fiif dagen de tiid hawwe sil om Doc op te spoaren en fan 'e dea te rêden. Hy arrivearret, krekt sa't Doc sein hat, midden yn 'e wyldernis, mar rekket dêr fuort behelle yn in efterfolging fan in kloft Yndiaanske krigers troch in kavalery-ôfdieling fan it Amerikaanske Leger. Mei't de DeLorean sels oer ûnigaal terrein flugger kin as in hynder, wit Marty te ûntkommen. As er lykwols de auto ferstoppet yn in grot, komt er ta de ûntdekking dat ien fan 'e pylken dy't de Yndianen op him ôfsketten hawwe, in brânstôflieding trochboarre hat, sadat de benzine fan 'e DeLorean yn in stadich streamke fuortrint. Foar't er dêr wat oan dwaan kin, ferskynt fan djipper út 'e grot in Amerikaanske swarte bear, dêr't er foar útnaaie moat. Op 'e flecht knoffelet er by in heuvelskeante del, stompt de holle oan in stekspeal en rekket bewusteleas.
As er wer bykomt, wurdt Marty fersoarge troch de lju dy't it boerespultsje bewenje mei it stek dêr't er de holle oan stompte. It blike earme en resinte ymmigranten út Ierlân te wêzen: Seamus en Maggie McFly, syn eigen betoerpake en -beppe. Om't it wol hiel tafallich wêze soe as hy ek McFly hiet, moat Marty, as him nei syn namme frege wurdt, gau in oare namme betinke. Mei't er no yn it Wylde Westen ferkeart, stelt er himsels foar as 'Clint Eastwood' (dy't ommers as akteur bekend is út westernfilms). Nei't er de nacht by harren trochbrocht hat, giet er de oare deis geandefoets nei it krektlyn stifte Hill Valley. Mei troch syn healwize klean (Doc syn idee út 1955 fan hoe't lju der yn it Wylde Westen by rûnen) kriget Marty it yn 'e pleatslike saloon oan 'e stôk mei Buford en syn binde. Nei't er by fersin in kwispeldoar oer Buford hinne lege hat, besiket dyselde him te lynchen, mar dat wurdt tsjinkeard troch Doc Brown, dy't in gewear fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ferbettere hat ta in modern skerpskuttersgewear mei tilleskoopfizier. Dêrmei jaget er Buford-en-dy op 'e flecht, hoewol't Buford wraak swart.
Doc is wol bliid om Marty te sjen, mar ek lulk dat er syn goerie yn 'e wyn slein hat. Dat feroaret as Marty him in foto sjen lit fan syn eigen grêfsark. Hoewol't er fan doel west hie om syn libben fan 1885 ôf út te libjen, komt er dan ta de konklúzje dat er yndie leaver mei werom giet nei syn eigen tiid. It probleem is dat ûnderwilens alle benzine fuortlekt is út 'e DeLorean, en dat benzine noch net bestiet yn 1885. En sûnder benzine kin de DeLorean net de kritike faasje fan 142 km/h berikke dy't nedich is om 'e tiidmasine te aktivearjen. Doc betinkt lykwols in yngewikkeld plan, wêrby't er de tsjillen fan 'e DeLorean oanpast om op spoarrails te riden, sadat de auto troch in steamlokomotyf ta de faasje dêr't ferlet fan is oantreaun wurde kin. Om net sjoen te wurden, moat dat barre op in sydspoarline dy't noch net ôf is en einiget yn in ravyn.
Wylst Doc en Marty de sydspoarline oereagje, sjogge se hoe't in span hynders mei in karre op 'e rin giet. Doc set de efterfolging yn en wit de frou op 'e karre te rêden, dy't oars grif it ravyn yn riden en tepletter fallen wie. Hja blykt Clara Clayton te wêzen, de nije skoaljuffer fan Hill Valley. Pas neitiid beseft Doc dat er mei syn yngripen de oarspronklike tiidline feroare hat, mei't it ravyn yn harren eigen tiid Clayton Ravine hiet, om't juffer Clayton dêr omkommen wie. Hy kin dêr lykwols net botte rouwich om wêze, want foar him en Clara is it leafde op it earste gesicht.
Dy jûns, op it doarpsfeest fan Hill Valley, ûnderbrekt Buford de dûnsjende Doc en Clara en wol er Doc yn 'e rêch sjitte (krekt sa't op 'e grêfsark fermelden stie) mei in derringer. Marty dwerseidet dat lykwols, troch in metalen bakfoarm as in frisbee te brûken en Buford tsjin 'e hân oan te smiten sadat syn iennichste kûgel doel mist. Dêrnei rjochtet Buford syn pylken op Marty, dy't er mislediget en útdaget ta in duël oankommende moandei. Marty fielt dêr neat foar, mar as Buford him útmakket foar in leffert, rekket er in gefoelige snaar, mei't dat it iennichste is dat altyd wurket om Marty op ien ein te krijen. Yn syn lulkens nimt er de útdaging oan. Neitiid warskôget Doc him dat er him net eltse kear provosearje litte moat as immen him in leffert neamt, wêrby't him ûntglûpt dat Marty dêrtroch yn 'e takomst yn in ferkearsûngemak behelle reitsje sil. (Yn Back to the Future Part II wie Marty syn faam Jennifer Parker der al efterkommen, doe't se mei Marty en Doc nei de takomst yn 2015 reizge, dat Marty syn libben lang lêst hâlde soe fan 'e ferwûnings dy't er by dat ferkearsûngemak oprûn hie.)
No't Marty foarkommen hat dat Buford Doc delsjitte koe (wêrnei't er in pear dagen letter oan syn ferwûnings kommen hawwe soe te ferstjerren), ûntdekke hy en Doc dat Doc syn namme op 'e foto fan 'e grêfsark útwiske is. De sark sels en de datum fan ferstjerren bliuwe lykwols itselde.
Nei't Doc en Marty alle risselwaasjes makke hawwe foar harren weromreis nei de takomst, docht bliken dat Doc, omreden fan it feit dat er smoarfereale op Clara is, wer yn 'e weef stiet oft er wol mei sil of dat er dochs yn 1885 bliuwe sil. Marty praat op him yn en mient him derfan oertsjûge te hawwen om mei, mar as er sliept, giet Doc nei Clara ta om ôfskie te nimmen. As er har fertelt dat er fuort sil, wol se witte wêrhinne, mar as er har úteinlik yn fertrouwen nimt en it hiele ferhaal oer tiidreizgjen tabetrout, leaut se him net. Ynstee wurdt se lulk en wiist se him de doar. Doc giet nei de saloon om him te bedrinken, mar de saloonhâlder besiket it him te ûntrieden troch him derop te wizen wat der de oare kear bard is doe't er sterke drank ynnaam. Doc slacht de goerie lykwols yn 'e wyn en nimt dochs in gleske whiskey, mar hâldt dat de hiele fierdere nacht yn 'e hân.
De oare moarns as Marty wekker wurdt, ûntdekt er dat Doc fuort is. Hy giet halje-trawalje nei syn freon op 'e siik, want it is moandei en hy wol fuort wêze foar't Buford yn Hill Valley delkomt foar it duël. Hy fynt Doc yn 'e saloon, dêr't er him bepraat om mei te kommen. Doc stimt dêryn ta, mar slacht sûnder erch foar't se ôfsette it gleske whiskey efteroer dat er al sa lang yn 'e hân hat. Dêrop falt er der fuortendaliks bewusteleas hinne. Wylst Marty mei help fan 'e saloonhâlder Doc besiket wekker te krijen, arrivearje Buford en syn maten, en Buford ropt Marty nei bûten ta foar it duël. Marty, dy't nochris op 'e foto sjocht, merkt lykwols op dat op 'e grêfsark no de namme 'Clint Eastwood' stiet, dat hy besiket it duël ôf te sizzen. Dêrop ropt Buford dat Clint Eastwood foar ivich bekend stean sil as de grutste skytsek fan it Wylde Westen as er no net daliks nei bûten komt. Marty komme Doc syn wurden fan in pear dagen lyn wer tebinnen, en foar it earst yn syn libben wegeret er himsels útlokje te litten as ien him lef neamt.
As Doc einlings bykomt, besykje Marty en hy fia de efterdoar fan 'e saloon temûk út te piken, mar dêr wurde se opwachte troch Buford syn maten. Doc wurdt finzen nommen, wylst Marty beskûl siket yn it oanbuorjende hûs. As Buford-en-dy Doc mei de dea bedriigje, hat Marty gjin oare kar as om nei bûten ta te kommen, mar hy smyt fuortendaliks syn revolver fuort en seit dat er net oan it duël dielnimme wol. Buford kin dat neat skele en hy sjit Marty del. As er lykwols deunby komt om him it genedeskot te jaan, komt Marty ynienen wer ta libben en skopt him syn revolver út 'e hân. Buford jout him in ûnmeugende fûstslach yn 'e búk, mar dêr docht er himsels freeslik sear mei en Marty alhielendal net, want Marty swaait syn poncho fansiden en blykt in metalene kachelplaat foar syn boppelichem bûn te hawwen (krekt sa't de echte Clint Eastwood yn A Fistful of Dollars die). Buford syn kûgel is dêrop ôfketst en syn fûst hat er derop stikken slein. Dêrnei is it foar Marty in kâld keunstke om syn rivaal bewusteleas te slaan, wêrby't Buford foaroer yn in hânkarre fol dong falt. Fuort letter arrivearret James Strickland, de pleatslike marshal (en in foarâlder fan rektor Strickland ûnder waans autoritêre lieding Marty syn middelbere skoalle stiet) om Buford-en-dy op te pakken foar it berôvjen fan in postkoets.
Underwilens stapt Clara mei in brutsen hert op 'e trein nei San Francisco, mar as de trein noch mar krekt it stasjon fan Hill Valley ferlitten hat, heart se lyk efter har in pear hannelsreizgers bepraten hoe min oft Doc deroan ta wie doe't er de foargeande jûns yn 'e saloon kaam nei't Clara him ôfwiisd hie. Se beslút dat er dochs echt fan har hâlde moat, lûkt oan 'e needrem en draaft werom nei Hill Valley, dêr't Marty en Doc krekt op hynders ôfset binne om binnentroch de trein te efterheljen. Clara treft yn Doc syn wurkplak in skaalmodel fan 'e trein, de sydspoarline, it ravyn en in nuveraardich ding mei de tekst "tiidmasine" oan, en beseft dat er har mooglik dochs de wierheid ferteld hat. Om't se oan 'e hân fan it skaalmodel wit wêr't de tiidmasine stiet, nimt se in hynder en hastiget se har dêrhinne.