The Sapphires is in Australyske histoaryske komeedzjedramafilm út 2012 ûnder rezjy fan Wayne Blair, mei yn 'e haadrollen Deborah Mailman, Jessica Mauboy, Chris O'Dowd, Miranda Tapsell en Shari Sebbens. De titel betsjut "De Saffieren". It ferhaal giet oer fjouwer Australyske Aboriginal-froulju dy't in band (The Sapphires) foarmje en yn 1968 op toernee geane yn Fjetnam, om dêr ûnder de Fjetnamoarloch op te treden foar de Australyske en Amerikaanske troepen. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen helle The Sapphires in opbringst fan mear as dûbel syn budget binnen, wat in goed resultaat is foar in ûnôfhinklike film. Yn 2013 wûn de film alve AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen.
Plot Yn 1968 dogge de susters Gail en Cynthia McCrae, Australyske Aboriginals út it Cummeragunja Reservaat, mei oan in talintejacht yn in deunby lein plak yn 'e Australyske outback. Harren jongste suster Julie wol ek mei, mar mem Geri leit dêr it near op om't Julie in jonkje hat dêr't se foar soargje moat en boppedat sels noch te jong is. Julie leit har dêr lykwols net by del en yntimidearret in buorman om har meiride te litten nei it plak fan 'e talintejacht.
De susters, dy't harrensels de Cummeragunja Songbirds neame, sjonge op 'e talintejacht in countryferske en binne dúdlik de bêste act fan 'e hiele show, mar om't se Aboriginals binne, wurde se troch de blanke Austraaljers mei de nekke oansjoen en harren optreden wurdt negearre. De talintejacht wurdt wûn troch in toandôf blank famke. Dave Lovelace, in alkoholistyske Ierske talintescout dy't by de organisaasje fan 'e talintejacht belutsen is, lit Merle, de eigneresse fan it pleatslike hotel dêr't de show holden wurdt, witte wat er fan har beslissing fynt om 'e Cummeragunja Songbirds de wolfertsjinne oerwinning te ûnthâlden. Dêrop kriget er fuortendaliks dien.
Bûtendoar wurdt Dave oansprutsen troch Julie, dy't yn in krante in oprop fûn hat foar bands om audysje te dwaan foar in toernee by de Australyske en Amerikaanske troepen yn Fjetnam lâns. Dat liket Dave en ek Gail earst wol nei fleanen, mar Julie is net op har mûle fallen en kin harren mei wurden wol oer. Ek spilet mei dat Dave op 't heden finansjeel alhiel oan 'e grûn sit. De susters krije him safier dat er fuortendaliks nei in tillefoansel ta giet om in audysje yn Melbourne te regeljen, wat him slagget. Dêrby ferbynt er himsels oan 'e fammen as harren manager.
Neitiid giet Dave mei de susters werom nei it Cummeragunja Reservaat, dêr't er harren âldelju Selwyn en Geri sjen moat te bepraten om tastimming te krijen en nim harren dochters mei de Fjetnamoarloch yn. Uteinlik meie Gail en Cynthia mei, mar Geri wol Julie út noch yn net gean litte. As Dave dêr tsjinyn leit dat Julie de bêste stim hat en dat it sûnder har neat wurdt, fermurwet dat Geri net, mar Selwyn riedt de fammen oan om harren nicht Kay te freegjen. Kay is ien fan 'e Stellen Generaasje, Aboriginal-bern mei sa'n ljochte hûdskleur dat se wol foar blanken trochgean kinne, dy't troch de Australyske oerheid by de eigen âlden weihelle binne om troch blanken grutbrocht te wurden. Mei har hawwe de susters al yn gjin tsien jier kontakt hân, mar beppe Theresa hat Kay har adres yn Melbourne witten te bemachtigjen. Ear't se dêrhinne ôfsette, nimt Selwyn Dave apart om him yn te druien goed foar syn dochters te soargjen. Dave ûnthjit dat er syn libben jaan sil om dat fan 'e fammen te rêden.
Yn Melbourne oankommen, sykje Gail en Cynthia daliks Kay op, dy't dêr no libbet as wie se blank. Se komme har folslein oer it mad mei de fraach oft se mei wol nei Fjetnam, en Gail rint lulk fuort as hja net drekt tabyt. Letter jout Kay har dochs noch by de oaren, en boppedat komt Julie opdaagjen, dy't mei help fan har heit en har beppe op 'e nij út Cummeragunja útnaaid is. Se hiere in kelder yn Melbourne dêr't se repetearje kinne. Dave nimt de ûntankbere taak op him om Gail, de âldste suster, oan te sizzen dat se it talint der net foar hat om lead-sjongster te wêzen, en dat Julie dat ynstee wurde moat. Dat komt foar Gail as in bittere pil, mar as de oare fammen harren by Dave syn beoardieling oanslute, leit se har derby del.
Krekt foar de audysje jout Julie oan Cynthia in brief fan har ferloofde Jimmy, dy't er har meijûn hie mar dy't se fergetten wie. Yn it brief blykt Jimmy de ferloving op te sizzen. Nettsjinsteande dat slagget de audysje goed. As de kommisje fan it Amerikaanske Leger dy't de audysjes ôfnimt, harren útnûget foar it toernee troch Fjetnam en om 'e namme fan 'e band freget, blykt lykwols de namme 'Cummeragunja Songbirds', dêr't Dave ek al muoite mei hie, net te foldwaan. Kay har each falt op 'e saffier yn Cynthia har ferlovingsring en jout ympulsyf de namme fan 'e groep as The Sapphires.
Yn Fjetnam binne The Sapphires in grut súkses by de troepen, mar ûnderlinge konflikten driigje de band útinoar te skuorren. Gail stelt har nei bûten ta tige agressyf op, en Dave moat it ferskate kearen wat behimmelje as se in grutte mûle opset tsjin lju wa har meiwurking ferlet fan is. Kay wrakselet mei har identiteit: se is in Aboriginal, mar mei in sa ljochte hûdskleur dat nimmen dat oan har sjocht, en se is de lêste tsien jier grutbrocht yn 'e blanke maatskippij. De earste deis yn Fjetnam rint se fuort al de tige oantreklike Afro-Amerikaanske soldaat Robby letterlik tsjin it liif. As se meitiid in relaasje mei him kriget, soarget se derfoar dat se him eksplisyt fertelt dat se krekt as him swart is, "mar ljochtswart".
Julie, dy't fierwei de meast talintearre sjongster fan 'e groep is, wurdt troch harren kontaktpersoan yn Fjetnam, de Amerikaan Myron Richie, útornearre foar in mooglike solokarriêre yn 'e Feriene Steaten, wat de oare trije fammen op it sear komt. Cynthia is nei it ferbrekken fan 'e ferloving troch Jimmy fan doel om safolle mooglik de blomkes bûten te setten, en jout har ferskate kearen oer oan drank en seks mei soldaten, ta argewaasje fan Gail en Julie, dy't har hâlden en dragen ûnprofesjoneel fine. En tusken Gail en Kay broeit it al fan it begjin ôf oan, om't Gail, dy't tsien jier lyn as âldste foar de oare bern soargje moatten hie, harsels de skuld jout fan 'e ûntfiering fan Kay troch de autoriteiten, wêrby't se dy skuldgefoelens op Kay projektearret. Uteinlik komt it sels ta slaanderij tusken harren beiden, mar dêrnei liket de kjeld út 'e loft te wêzen. Fierders bringt Dave syn alkoholisme de hiele groep yn gefaar.
Underwilens komt Dave ta it besef wêrom't Gail har sa agressyf hâldt en draacht. Sa't er it yn in petear mei har ûnder wurden bringt: sy is de bearinne en de oare trije fammen binne har welpkes. Tusken Dave en Gail begjint in foarsichtige românse te groeien, mar as útkomt dat Dave troud is, rekket harren relaasje yn swierwaar. Dyselde jûns moatte The Sapphires optrede yn Nha Trang. Yn 'e kûlissen langet Dave oan Gail in brief oer om letter te lêzen, wêryn't er alles útleit. Krekt as it optreden begjinne sil, wurdt de basis oanfallen troch de Vietcong. Dave bringt Gail en Cynthia nei in helikopter ta, mar ferliest de oare beide fammen út it each. Him oan syn ûnthjit oan Gail har heit hâldend, bejout er him troch in rein fan kûgels werom nei de basis om Julie en Kay te sykjen, dy't lykwols al mei Robby yn in oare helikopter sitte. Wylst har helikopter oer de basis hinne fuort fljocht, sjocht Gail hoe't Dave, yn it tsjuster maklik werom te kennen as de iennichste yn in wyt oerhimd, delsketten wurdt.
Werom yn Saigon brekt Gail har hert as se yn it brief fan Dave lêst dat er al mear as tsien jier fan syn frou ferfrjemde is en in skieding oanfrege hat. Hy beskriuwt hoe't er al op 'e talintejacht fereale op har rekke is en ek dat er de lokkichste man fan 'e wrâld wêze soe as sy mei him trouwe wolle soe. Dyseldichste jûns komt it nijs dat yn Memphis Martin Luther King fermoarde is. Myron Richie freget The Sapphires om nettsjinsteande alles dy jûns dochs op te treden, om't de Afro-Amerikaanske soldaten dêr no mear ferlet fan hawwe as ea. Under it optreden arrivearret Robby mei it nijs dat Dave noch libbet en swierferwûne yn it sikehûs leit. Gail siket him dêr op en jout him tawurd en tutet him foar de earste kear.
The Sapphires meitsje harren toernee ôf en keare mei Dave werom nei Austraalje, dêr't Dave oan Gail har heit tastimming foar harren foarnommen houlik freegje moat. Selwyn pleaget him troch te sizzen dat er dan earst wol neaken mei de wyldernis yn moat foar in inisjaasjerite, mar Gail ropt har heit ta dat er net sa flau dwaan moat. Robby sil nei Austraalje oerkomme sadree't er ferlof hat, om syn relaasje mei Kay fuort te setten. The Sapphires jouwe dy jûns yn Cummeragunja in optreden yn 'e iepen loft foar famylje en freonen mei in platte wein as poadium.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Gail McCrae Deborah Mailman Julie McCrae Jessica Mauboy Dave Lovelace Chris O'Dowd Cynthia McCrae Miranda Tapsell Kay McCrae Shari Sebbens
byrollen personaazje akteur/aktrise Myron Richie Don Battee Robby Tory Kittles Hendo Eka Darville mem Geri McCrae Kylie Belling heit Selwyn McCrae Gregory J. Fryer beppe Theresa McCrae Lynette Markle luitenant Johnson T.J. Power Evelyn McCrae Tammy Anderson Jimmy Middleton Meyne Wyatt Stevie Hunter Page-Lochard de jonge Gail Tanika Lonesborough de jonge Julie Miah Madden de jonge Cynthia Ava Jean Miller-Porter de jonge Kay Nioka Brennan de jonge Jimmy Carlin Briggs omke Ed Rhys Muldoon Merle Judith Lucy Glynis Georgina Haig marinierssersjant Beau Brady
Produksje en distribúsje Basis yn wiere foarfallen It ferhaal fan The Sapphires is basearre op wiere foarfallen. Der wie yn 'e 1960-er jierren in echte frouljusband dy't sa hiet, besteande út trije Aborginal-froulju fan it Yorta Yorta-folk. Dat wiene Laurel Robinson, Beverly Briggs en Naomi Mayers, dy't optredens fersoargen yn hotels, pubs, teäters, nachtklubs, kazernes en universiteiten en op feesten en jierdagen yn Melbourne en de krite dêromhinne. Doe't se útnûge waarden om yn Fjetnam foar de troepen op te treden, heakken Briggs en Mayers ôf, om't hja op 'e oarloch tsjin wiene.
Robinson ronsele har suster Lois Peeler en twaresom setten se ôf nei Fjetnam, dêr't se eftergrûnsang fersoargen foar in Nijseelânske Maöary-band wêrmei't se earder yn Melbourne ek gearwurke hiene. It wie dy Maöary-band dy't de froulju yn 'e kunde brocht mei soulmuzyk; Dave Lovelace is in optocht personaazje sûnder wjergader yn 'e wurklikheid. Robinson en Peeler sliepten op it poadium en hiene ûnderfinings dy't harren har hiele libben bybleaune. "It wie sa grizelich," sei Robinson yn 2010 yn in fraachpetear, "op in nacht gie der in bom ôf en it bêd sakke troch de poaten en alles skodde."
Toanielstik Robinson wie de mem fan toanielskriuwer Tony Briggs, dy't him yn 2004 troch de ûnderfinings fan syn mem en muoike ynspirearje liet ta it skriuwen fan in toanielstik, dat The Sapphires kaam te hjitten. Behalven oan it toernee ûnder de Fjetnamoarloch bestege dat ek benammen oandacht oan 'e Australyske boargerrjochtebeweging fan 'e Aboriginals. It stik waard yn 2004 foar it earste opfierd yn Melbourne en rûn yn 2005 yn Sydney. Yn 2010 wie der in revival yn dy plakken, en yn 2011 ferhuze de opfiering earst nei Adelaide en doe nei Londen.
Produksje The Sapphires waard yn 2010 oankundige as in ferfilming fan it toanielstik fan Briggs. Regisseur Wayne Blair wurke dêrby op basis fan in senario dat skreaun wie troch Briggs sels en Keith Thompson. As produsinten hiene Rosemary Blight en Kylie Du Fresne de lieding oer it projekt yn opdracht fan filmstudio Goalpost Pictures. Der wie in budget fan $8 oant 10 miljoen foar The Sapphires beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Warwick Thornton, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Cezary Skubiszewski.