Sainte-Mère-Église is in plak en tagelyk in Frânske gemeente yn it departemint Manche yn 'e regio Normandje. De gemeente falt ûnder it arrondissemint Cherbourg en it kanton Carentan-les-Marais. Haadplak fan 'e gemeente is it plak dêr't de gemeente syn namme fan krige, Sainte-Mère-Église. De ynwenners wurde Sainte-Mère-Églisais neamd.
Gemeenteyndieling De hjoeddeiske gemeente Sainte-Mère-Église ûntstie op 1 jannewaris 2016 troch it gearfoegjen fan 'e eardere gemeenten Sainte-Mère-Église, Beuzeville-au-Plain, Chef-du-Pont, Écoquenéauville en Foucarville. Sûnt 1 jannewaris 2019 binne ek de gemeenten Carquebut en Ravenoville by de gemeente Sainte-Mère-Église yndield.
Haadplak is Sainte-Mère-Église, de oare plakken hawwe de status fan in commune déléguée. Plakken Ynwennertal (2018) Oerflak (km²) Sainte-Mère-Église (sûnt 2016) 1.604 17,81 Beuzeville-au-Plain (sûnt 2016) 47 2,11 Carquebut (sûnt 2019) 297 8,59 Chef-du-Pont (sûnt 2016) 670 3,82 Écoquenéauville (seit 2016) 78 3,59 Foucarville (sûnt 2016) 124 5,04 Ravenoville (sûnt 2019) 254 11,71
Histoaryske monuminten / it besjen wurdich
De goatyske Marije-Himmelfearttsjerke (Frânsk fan Sainte-Mère-Église: Église Notre-Dame-de-l'Assomption) dy't yn 'e 12e oant de 13e-iuw boud waard. Sint-Briktiustsjerke (Église Saint-Brice) fan Beuzeville-au-Plain Sint-Laurentiustsjerke (Église Saint-Laurent) fan Écoquenéauville Sint-Kolumbustsjerke yn Cotentin (Église Sainte-Colombe-en-Cotentin) fan Chef-du-Pont Sint-Laudustsjerke (Église Saint-Lô) fan Foucarville Sint-Egidiustsjerke (Église Saint-Gilles) fan Ravenoville Kriichsmonumint The Airborne Trooper - "Iron Mike" Musea thumb|left|Airborne Museum. Airborne Museum, 14 Rue Eisenhower Ferme-musée du Cotentin, 1 Rue de Beauvais Keppeling om utens Side Airborne Museum
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Manche Kategory:Gemeente yn Manche Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2016