De GR-paden foarmje in netwurk fan langeôfstâns-kuierpaden (LAW) troch Europa, benammen yn Frankryk, Belgje, Nederlân en Spanje. GR binne de inisjalen fan de routepaden Grande Randonnée in Frankryk en Walloanje, en Groteroutepaden yn Flaanderen.

Paadwizers

De GR-paden binne yn Nederlân yn beide rjochtingen mei in wyt-read teken markearre mei stikkers, oanbrocht op dykmeubilêr, as mei ferve en yn kuiergidsen en op it webstee fan Wandelnet beskreaun. It is oan te rieden gebrûk te meitsjen fan sa'n gids as de webstee om’t de paadwizers yn it fjild wol ris ferdwine. It basisteken jout de rûte oan, en wurdt nei ferrin fan tiid werhelle om oan te jaan dat jo noch op it rjochte paad binne. In rjochting oanpassing wurdt yn Nederlân oanjûn mei in pylkje. De Europeeske paden hawwe njonken de nasjonale paadwizers in E-nûmer, bygelyks E11.

List van LAW's

LAW’s yn en troch Fryslân Fryske Wâldenpaad, fan Lauwerseach nei Stienwyk en oarsom. 155 km lang. Grut Fryslânpaad, fan Bergen oan See nei Lier yn Dútslân en oarsom. 363 km lang. Nederlânsk Kustpaad diel 3, fan Starum nei Bad Nijeskâns en oarsom. 268 km lang. Suderseepaad, fan Inkhuzen nei Starum. 536 km

LAW’s yn Nederlân

GR-Paden yn Belgje

GR-Paden yn Spanje

GR-paden yn Frankryk

Jeropeeske LAW’s’

Sjoch ek Streekpaden

Keppeling om útens Jeropa - ERA EWV FERP Nederlân - Wandelnet Belgje - Groteroutepaden Spanje - Federacion espanola de deportes de montaña y escalada FEDME Frankryk - ffrandonnee

Kategory:Kuierpaad yn Fryslân Kategory:Kuierpaad yn Nederlân Kategory:Kuierpaad yn Frankryk Kategory:Kuierpaad yn Belgje Kategory:Kuierpaad yn Spanje