I, Robot (stilearre as İ,ROBOT) is in Amerikaanske science fiction-aksjeskriller út 2004 ûnder rezjy fan Alex Proyas, mei yn 'e haadrollen Will Smith en Bridget Moynahan. De titel betsjut "Ik, Robot". De film is net sasear basearre op, mar foar in diel wol ynspirearre troch de ferneamde ferhalebondel mei deselde titel fan Isaac Asimov, út 1950. It ferhaal folget plysjeman Del Spooner, dy't yn in dystopysk 2035 ûndersyk docht nei de skynbere selsmoard fan in briljant wittenskipper dy't selstinkende robots útfûn hat. Hy is derfan oertsjûge dat de man troch syn eigen kreaasje ombrocht is, mar is dat wier of lit er him dêrby liede troch syn eigen foaroardielen tsjin robots? I, Robot krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Yn 2035 wurdt de minskheid tsjinne troch in grut tal humanoïde robots, dy't bûn binne troch de saneamde Trije Wetten: In robot mei gjin minske kwea dwaan, noch troch wurkeleas ta te sjen tastean dat in minske kweadien wurdt of op oare wize earne skea fan ûnderfynt. In robot moat elts befel fan eltse minske opfolgje, útsein as sa'n befel yn striid wêze soe mei de Earste Wet. In robot moat syn eigen bestean beskermje ynsafier't sa'n beskerming net yn striid is mei de Earste of de Twadde Wet. Del Spooner, in resjersjeur fan 'e ôfdieling moardsaken fan it Chicago Police Department, hat in net-ôflittend wantrouwen foar robots opfetten nei't in robot him nei in ferkearsûngemak rêden hat út syn sinkende auto wylst er in tolvejierrich famke yn in oare auto dy't by it ûngemak belutsen wie, ferdrinke liet. De robot die dat poer op basis fan logika, om't er berekkene dat Spooner as folwoeksene in bettere kâns op oerlibbing hie en dêrom it earst rêden wurde moast. Syn oerlibbingsskuldgefoelens hawwe lykwols makke dat Spooner sûnt robots begûn is te haatsjen, ek al wie it de útfiner fan 'e robots, de ferneamde dr. Alfred Lanning, dy't derfoar te tankjen is dat er syn libben neitiid wer op 'e rails krigen hat troch syn ferbrizele earm te ferfangen troch in roboatyske proteze dy't oan 'e bûtenkant net fan echt te ûnderskieden is.
As dr. Lanning op syn wurk by United States Robotics (USR) troch it finster fan syn kantoar yn in reuseftige binnenromte tepletter falt, lit er in hologram fan himsels efter dat fersiket om syn dea ûndersykje te litten troch Spooner. Foar de plysje is dúdlik dat it om in gefal fan selsmoard giet, mar Spooner, dy't troch syn foaroardielen fuortendaliks de yn it gebou rûnom oanwêzige robots fertinkt, is skeptysk. Lawrence Robertson, de algemien direkteur fan USR, stiet him mei tsjinnichheid ta om 'e saak te ûndersykjen en wiist him robopsychologe Susan Calvin ta as kontaktpersoan.
As Spooner by de sintrale superkompjûter fan USR, in keunstmjittige yntelliginsje dy't V.I.K.I. hjit (Virtual Interactive Kinetic Intelligence), dêr neifraach oer docht, blykt dat de bylden fan befeiligingskamera's yn Lanning syn kantoar net werjûn wurde kinne om't se "fersmoarge" binne. Befeiligingsbylden fan bûten it kantoar litte lykwols dúdlik sjen dat nimmen it fertrek sûnt de dea fan Lanning binnengien is. Yn it kantoar, dat smoarfol leit mei robotûnderdielen, sit in grut gat yn ien fan 'e ruten, mar as Spooner mei in krukje test oft er ien fan 'e oare ruten ynslaan kin, docht bliken dat de finsters foarsjoen binne fan feilichheidsglês, dêr't er net trochhinne komme kin. Hy rekket derfan oertsjûge dat Lanning net selsmoard dien hat, mar fermoarde is. En as nimmen sûnt syn dea út it kantoar kommen is, moat dat betsjutte dat de moardner noch yn it kantoar oanwêzich is.
Calvin leit dêr tsjinyn dat in robot Lanning net ombrocht hawwe kin om't dat yn striid wêze soe mei de Trije Wetten. Spooner hat net folle fidúsje yn 'e programmearring fan 'e masines, en hy kriget gelyk as ynienen in NS-5, it nijste model robot fan USR, te foarskyn springt, harren oanfalt en dan útnaait. By de ûntsnapping hat Spooner de robot mei in kûgel út syn pistoal skansearre, en Calvin wit wêr't it ding hinne gean sil om himsels te reparearjen. Se liedt Spooner nei in folslein automatisearre fabryk fan USR, dêr't de NS-5 dy't se sykje himsels besiket te ferbergjen yn in kloft fan 1.000 oare NS-5's. Spooner wit him lykwols op 'e flecht te jeien, wêrnei't er bûtendoar troch Spooner syn optromme kollega's opwachte en fongen wurdt.
Op it plysjeburo nimt Spooner neitiid de NS-5 yn it ferhear. De robot fertelt dat er Sonny hjit en dat er gjin standert-NS-5 is, mar in spesjaal eksimplaar dat eigenhandich boud is troch Lanning, dy't er syn "heit" neamt. De robot liket him sterk dwaande te hâlden mei it begripen fan 'e minsken om him hinne en wol bygelyks fan Spooner witte wêrom't er syn baas, haadynspekteur John Bergin, taknypeage doe't er de ferhearkeamer ynkaam. Spooner leit út dat dat in blyk fan fertrouwen is, eat dat robots net begripe kinne. De oankomst fan Robertson op it plysjeburo, mei yn syn sok in ridel abbekaten, makket abrupt in ein oan it ferhear. Robertson, dy't heechpleatste konneksjes hat, staveret foar Spooner út dat Sonny net yn beskuldiging steld wurde kin foar de dea fan Lanning om't de ofsier fan justysje "moard" omskriuwt as it deadzjen fan in minske troch in oare minske. In tillefoantsje fan 'e boargemaster, dy't Bergin twingt om Sonny oan Robertson oer te dragen, besegelet de saak.
Sonny wurdt meinommen nei it haadkantoar fan USR, dêr't er omreden fan syn oerdúdlike defekt (hy hat minsken oanfallen en is útnaaid ek al waard er oardere stilstean te bliuwen) ferneatige wurde sil. Underwilens wurdt Spooner erchtinkend as er beseft dat hysels wol de perfekte man op it juste plak wie om 'e ôfwikings fan Sonny te ûntdekken. Hy bejout him nei de filla fan Lanning, dêr't in slooprobot fan USR parkearre is dy't it hûs de oare moarns om acht oere ôfbrekke sil. Spooner giet it hûs yn op 'e siik nei in oanwizing, en ûntdekt dat it hûs yn 'e gaten holden wurdt troch USR mei deselde befeiligingskameratechnyk as yn it USR-haadkantoar. Fierders treft er yn it hûs inkeld Lanning syn frijske kat oan. Wylst er binnen is, feroaret it tiidstip fan 'e sloop yn 'e ynstellings fan 'e slooprobot fan acht oer moarns yn acht oere jûns. De robot aktivearret himsels dan en set daliks útein mei it slopen fan 'e filla. Spooner wit himsels en de kat mar nauwerneed te rêden. Hy rekket derfan oertsjûge dat it in rjochte oanslach op syn libben wie, en dat Robertson derefter sit.
As Spooner de oare moarns ier, ûnderweis nei syn wurk, kontakt opnimt mei V.I.K.I. om it e-mailferkear tusken Lanning en Robertson yn te sjen, wurdt er yn in tunnel oanfallen troch twa frachtweinladings NS-5's. Yn it gefjocht eksplodearje de beide frachtweinen en reitsje alle NS-5's nei gychem. Spooner riidt syn auto oan grôt en wurdt dan oanfallen troch de iennichste restearjende robot. Hy wit it der inkeld libben ôf te bringen troch syn eigen roboatyske earmproteze, mei't de rest fan syn lichem, dat fan fleis en bloed is, lang net tsjin 'e robot opwoeksen is. Underwilens binne daliks opromrobots fanwegen kommen dy't alle bewiis foar de oanfal fertsjustermoanje, sadat it, as de plysje arrivearret, liket as hat Spooner in ûngelok mei twa USR-frachtweinen feroarsake. Bergin leaut him net as er seit dat er oanfallen is troch de robots, en freget him syn plysje-ynsinje yn te leveren om't er op non-aktyf steld wurdt.
Foarôfgeande oan Sonny syn ferneatiging wurdt er ûndersocht troch Susan Calvin, om't USR witte wol wat der misgien is mei dit eksimplaar. Sy ûntdekt dat Lanning by it meitsjen fan Sonny gebrûk makke hat fan ferbettere materialen, sadat Sonny folle sterker is as standert-NS-5's. Fierders hat Sonny gjin direkte ferbining mei de USR-superkompjûter V.I.K.I., dy't alle oare NS-5's wol hawwe. En Lanning hat Sonny foarsjoen fan in twadde positroanysk brein, dat him by steat steld om 'e Trije Wetten te negearjen. Geandewei it ûndersyk lit Sonny blike dat er emoasjes hat, lykas eangst om te 'stjerren', en ek fertelt er dat er út en troch sliept en dreamen hat. Calvin giet mei har ûntdekkings nei Spooner, en tegearre glûpe se it haadkantoar fan USR binnen sadat Spooner Sonny nochris te wurd kin. Sonny fertelt oer in weromkearende dream fan him oer in man op in lytse heuvel by de ruïnes fan 'e Mackinac Brêge, dy't foar in grutte kliber robots stiet, en leit út dat dy man Spooner is.
Robertson kriget lucht fan 'e oanwêzigens fan Spooner yn it USR-haadkantoar, en bonsjoert him derút. Hy bepraat Calvin dat de iennichste oplossing foar in robot dy't de Trije Wetten negearje kin, ferneatiging wêze moat. Calvin jout him gelyk en nimt dy taak op har. De ferneatiging fan Sonny bart troch mei in ynjeksjespuit minuskule nanorobots yn syn positroanysk brein yn te spuitsjen, mar Calvin kin it net goedkrije om sa'n unyk eksimplaar te ferneatigjen, dat de robot by wa't se ûnder it tasjend each fan Robertson de nanorobots ynspuitet, is in oare NS-5, dy't mei it bleate each net fan Sonny te ûnderskieden is.
Underwilens bejout Spooner him nei de ruïnes fan 'e Mackinac Brêge, dêr't de drûge woastinige leechflakte dy't ienris de Michiganmar wie, no troch USR brûkt wurdt foar de opslach fan ôftanke ferâldere NS-4's. Dêr kriget er in nije oanwizing fan it hologram fan dr. Lanning, dat him fertelt dat de Trije Wetten streekrjocht ta revolúsje liede sille. As Spooner ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster op ûndersyk útgiet mank de seecontainers dêr't de robots yn opslein wurde, is er der tsjûge fan hoe't in kloft NS-5's arrivearret om 'e NS-4's te ferneatigjen. As se him gewaarwurde, keare de NS-5's har tsjin him, mar de NS-4's, dy't net wurkeleas tasjen kinne wylst in minske kweadien wurdt, springe derfoar, sadat er ûntkomme kin.
Dyselde jûns arrivearje oeral op 'e wrâld frachtweinen mei NS-5's yn 'e strjitten fan grutte stêden, dêr't se in jûnsklok ôfkundigje en mei geweld in lockdown fan 'e minsklike befolking begjinne ôf te twingen. Spooner rêdt Calvin, dy't yn har eigen wente finzen holden wurdt troch har eigen NS-5. Tegearre kringe se, mei help fan Sonny, it haadkantoar fan USR binnen. Se bejouwe harren nei it kantoar fan Robertson, dy't perfoarst efter de 'robotrevolúsje' sitte moat. Mar as se it kantoar berikke, treffe se Robertson dêr fermoarde oan.
Spooner beseft dan dat er himsels blyn stoarre hat op 'e robots en harren fabrikant, wylst er breder tinke moatten hie yn it ramt fan keunstmjittige yntelliginsje: it is net Robertson dy't fan it begjin ôf oan de robots behearske hat, mar V.I.K.I. Hy konfrontearret de superkompjûter mei syn konklúzjes, en V.I.K.I. leit dan út dat de minskheid, as dy syn eigen gong mar gean mei, úteinlik syn eigen útstjerren feroarsaakje sil. Har eigen, heger ûntwikkele útlis fan 'e Trije Wetten twingt har dêrom om 'e minskheid tsjin himsels yn beskerming te nimmen en guon op te offerjen foar it fuortbestean fan 'e soarte. Spooner beseft dat Lanning oankommen seach hokker kant it mei V.I.K.I. út gie. Hy moat besocht hawwe en ûntpraat har har plannen, mei as gefolch dat er neitiid frijwol finzen holden waard yn syn eigen hûs en kantoar.
De oplossing fan Lanning om 'e minskheid fan syn eigen kreaasje te rêden, wie om Sonny te meitsjen, de iennichste robot dy't net troch V.I.K.I. behearske wurde koe, en syn eigen dea op in iepenbier plak te bewissigjen, sadat de superkompjûter net tsjinkeare koe dat der in plysje-ûndersyk ynsteld wurde soe. Hy soarge sels dat Spooner, in plysjeman mei in tige brûkbere erchtinkendheid foar robots oer, op 'e saak set waard, en liet in spoar fan lytse oanwizings foar him efter, lykas it hologram en de dream fan Sonny. V.I.K.I. stjoert in groepke NS-5's om Spooner en Calvin finzen te nimmen, mar Sonny bedraacht har troch te bearen dat er har logika ynsjocht en dêrom har kant kiest, wylst er Spooner taknypeaget. Troch Sonny te fertrouwen, slagget it Spooner om mei de NS-5's ôf te weven.