De Paralympyske Simmerspullen 2020 waarden fan 24 augustus oant en mei 5 septimber 2021 yn de Japanske haadstêd Tokio holden.
It sportevenement soe ynearsten yn Tokio plak hawwe fan 25 augustus oant en mei 6 septimber 2020, mar troch de koroanafiruspandemy waard er in jier útsteld. It jiertal yn de namme bleau gelyk.
Tokio waard foar de twadde kear de gaststêd fan de Paralympyske Simmerspullen. De earste kear wie yn 1964. Medaljespegel 1 Sina 96 60 51 207 2 Feriene Keninkryk 41 38 45 124 3 Feriene Steaten 37 36 31 104 4 Russysk Paralympysk Team RPC 36 33 49 118 5 Nederlân 25 17 17 59 6 Oekraine 24 47 27 98 7 Brazylje 22 20 30 72 8 Austraalje 21 29 30 80 9 Itaalje 14 29 26 69 10 zerbeidzjan 14 1 4 19
Sporten Nei de Spullen fan 2016 binne it CP-Fuotbal en it hurdsilen fan it programma ferdwûn. Nij dêrfoar yn it plak binne de sporten Badminton en Taekwondo.
Kalinder
Meidwaande lannen Der diene 163 lannen mei oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2020. Yn totaal wiene der 4.535 meidoggende atleten. Hjirûnder in opsomming fan 'e meidoggende lannen, mei tusken heakjes it oantal sporters.
Fryske medaljes medalje namme sport ûnderdiel datum goud Tristan Bangma (mei piloat Patrick Bos)baanhurdfytsen4000 m efterfolging (manlju B)25 augustus sulver Liesette Bruinsmaswimmen400 m frije slach (froulju SB11)26 augustus sulver Alyda Norbruisbaanhurdfytsen500 m tiidrit (froulju C1-3)27 augustus sulver Rixt van der Horsthynstesportdressuer team29 augustus sulver Tristan Bangma (mei piloat Patrick Bos)dykhurdfytsenweirace (manlju B)3 septimber sulver Liesette Bruinsmaswimmen100 m frije slach (froulju SB11)3 septimber brûns Rixt van der Horst hynstesportdressuer grade III yndividuele ferplichte kür 27 augustus
Keppelings om utens Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee
2020 Kategory:Barren yn 2021 Kategory:Tokio Kategory:Sportevenemint yn Japan Kategory:Skiednis fan Japan